De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 148] [p. 148] Marten Brouwer: Poalstjer. Jimmer kâld roerleas strak decemberwaer myn wrâld myn hannen en myn hert forferzen fierwei hâldstû it fjûr yn lytse waerme hannen en warem hert en yn waerm wêzen, mar fûle langst frear fêst yn wanhoopsskossen en gjin gjin ûnderstream forbiten focht stikken to brekken deadlik hurde brossens fan dit myn iisfjild yn dyn noarderljocht. Strak ûnbirikber strielt dyn poalstjer hwer't 't libben stjert oan de noardpoal fan dit hert. Recept. Lit goudgiel it oker flamje dounsje gjin tango mar fox lit it bloedread him rose skamje forjit it ‘en dochs en dochs’. Oanbid hwa't dy fan har staetten slach oer it hertsear de spot klaei yn flewiel alle hate draech it ûndraechlike lot. Tear om de wémoed it glimkjen spried oer it langstme respect forjow hwa't it moed trochpriemmen swij as it herte brekt. Sjoch nea om nei 't forlerne psalmsjong' yn 't djipst fan de hel altyd yn rol foar de skermen wach oan't de lêste tel. En liz yn october's carmen de wurge holle del. [pagina 149] [p. 149] Nou't ik hjir foar dyn hus stean. Nou't ik hjir foar dyn hûs stean en de finsters stean iepen fan de keamer hwer't dyn amme ammet de rêst fan hwa't him deljown hat, riist wer de bittere neitins yn myn herte dy't him net deljaen wol ûnder de mantel fan hopeleazens - neitinzing oan langstme nei takomst dy't net takaem oan hwa't nou linet op dream en hope fan 't forline. Nou't ik hjir foar dyn hûs stean en de tinzen glide werom nei doe't de minnestrelen fan minne songen troch de swartferwielen nacht yn foreale serenadelieten, bimimerje ik yn rju dissonanten myn eigen wrange kleine Nachtmusik dy't unvollendet yn myn tinken omgiet hwant oan dit bitter witten is gjin ein. Nou't ik hjir foar dyn hûs stean as in stinze hwer't de prinsesse wachtet op de ridder dy't dizze steilens mei gewelt forovert of har tomûk by nacht en ûntiid rôvet, bisef ik dat yn dyn dream al in prins pattet de smelle lippen en de hân dy't sines waerd en somber falt de foarhing fan dizze tempel foar my fremdling del. Nou't ik hjir foar dyn hûs stean en de glinster fan djiptrochfielde omklank fan forealens yn wurden fan poëten slacht myn sinnen mei wrang biwûnderjen en wyld neifolgjen, giet it allyk in mês dwers troch my hinne hoe't dizze dingen yn gjin fersen sein noch delslein kinne hwant dyn souvereine wêzen is in bigjinsel sûnder eining nou't ik hjir foar dyn hûs stean. Vorige Volgende