De Tsjerne. Jaargang 4
(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 146]
| |
R. Ditman:
| |
[pagina 147]
| |
radiumeftich opljochtsjende nacht to stoareagjen, ik, jage komeet yn 'e einleaze romten, tiidleas, Yn my wie de tsjustere kamp geande fan alles tsjin alles, Dy twong, my om to kearen, krampeftich. De troch my snijende bliksemstrielen wiene heftiger en gefaerliker as dy oan 'e demonyske nachthimel, en stiften in fortarrender brân, as dy't dêr bûten oplôge. It sloech út, Opiens, pylkjend, Wer reizge ik har wrâld ôf, mar nou it bikende lânskip, al sa hiem en eigen wurden, as hiene wy yn 't foar forrassing, aventur útballe, Dy't wy krekt sochten, doe ek al, hieltyd wer. Op dizze déluge is nea in arke Noachs to finen. It opbrutsen sear waerd ruineus: in wrakseling fan oerdieren. Doe't de sinne syn earste strielen de keamer yngeat wiene der twa ûntsiele omskotten oerbleaun. Allinnich dy ûntferve doar, dat iene finster, dat iene bêd, dy iene stoel wiene de tsjûgen. Us lichems binne elk har kant útgien, wysels holden dêrre op fan to bistean. As hokker hôtelgast ek, dêr op dy keamer de kraen rinne lit, sil de wasktafel him it forhael fortelle. Mar allinnich hiel fine earen kinne 't forstean. |
|