De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 145] [p. 145] Dam Jaarsma: Loane to Eastermar. O, sjuch de diken ûnder 't wide blauwe Forwulft to-maeije op in iere moarn: De wite slingers fan 'e hagedoarn Bifonkele met drippen fan 'e dauwe. Glinsters fan goud, as siedde troch in souwe Fan kroeze giele en griene blêddekroan, Krijboartsje op 't sânpaed fan de stille loan', Bliid dat se ûntwine koenen dizze kouwe. Koestû dy as dit boartlik foarjiersljocht Untwine oan 'e kouw' fan njûre tinzen.... - O, bliuw net jimmer yn dyselme finzen, De libbensskientme bloeit net om 'e nocht - Koe ienris sa dyn geast, los fan 'e bân, Fine it ljochte paed nei 't iiv'ge lân - Vorige Volgende