De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 144] [p. 144] Inne de Jong: Kwatrinen fan Omar Khayyam. LVI Net om it libben op syn kop to setten, Of út forachting fan Gods suv're wetten Gryp ik nei 't glês, mar yn de dwelm fan wyn Fyn ik de dream en ha mysels forgetten. LVII Hwa brocht dy dronken troch de neare nacht? Haw ik dy, of hast my nou yn 'e macht? Dyn ûnbidutsen antlit boazet oan It fjûr, dat troch myn lea en sinnen slacht. LXVIII Wy hawwe alle ierdsk bisit forlern En dounsje troch de tiid as dwaze bern. D' ynset is heech, wy tinke om lean noch doem, Mar wolle hjoed it lok yn d' eagen sjen. LIX Tusken ûnleauwe en leauwe leit ien sike, Tusken twivel en wissichheit ien sike, Sa skaet jen stuit it libben fan de dea, Brûk dan dit amerij, it folle en rike. LX In koarte, wylde dei, dy't ús biskynt, In weach fan ûnk, dy't al ús lok forslynt, En fier foardat wy witte hoe of hwat: De swarte Ingel, dy't ús oeral fynt. Vorige Volgende