Foarste stúdzje.
It kuijerke foldocht him skoan.
Hwa komt dêr oan? As dat de grytman net is....
Fan fierren nimt er de hoed al ôf en ropt:
- Moarn boargemaster!
J.... j.... jà, de grytman nimt ek de hoed fan 'e holle.
- Moarn S.W.! Ek op 'e kuijer?
Wûnder goed docht it de âldman, dat sels de boargemaster him S.W. neamt - by swit der suver fan en djippet in readbûnte busdoek op út 'e broeksbûse.
- Ik swit der al fan, boargemaster!
- Tsjonge noch 'n ta, S.W., ....nou om jo de wierheit to sizzen, lêst fan 'e kjeld ha ik ek net! Mar, S.W., hoe giet it mei de saken?
- Drok, boargemaster, tige drok. Hwat der bisteld wurdt, kinne wy op gjin stikken nei oanmeitsje - 't is net by to hâlden...
- En de oaren kleije oer slopte - hoe kin dat nou S.W.?....