De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 139] [p. 139] Marten Sikkema: Ahasveros. Tobrutsen en skeind, fan tsientûzen sibben De lêste, is er gien Nei Israël; hiene net dea en libben Him in g'ongelstêf snien? Hwat let him? De bluoddrige streamen rinne Under de iisdren dei, Mar jinsen, o jinsen strielet de sinne Oer d'ûnhjitten fallei. Hwat let him? Der stoarte tosplintre muorren Oer de forstoarne groun, Mar jinsen, o jinsen blinke de tuorren, Wurde de skeaven boun. Ien dei fan frede yn Israël's tunen Makket alles noch goed. Mar jinsen, o jinsen: rikjende punen En in Jordaen fan bloed.... Etude. Em. de Witte pinxit. Unkearber mei oan stiltme him ûntwine Dyn stage ile sang En fynt de klavesimbel fan 't forline Op wiffe taesten klang. Unkearber yn dyn stim hat langstme noege Dy't moarns as frjemdling teach: - Wy binne skaet, mar as my wjukken droegen, O, 'k wiste hwêr't ik fleach.... Unkearber is er werkaem, âld en skruten Hwant ieuwen binn' forroun. De klanken binne stoarn; oan teare ruten Is 't amjen fan 'e joun. Vorige Volgende