De Tsjerne. Jaargang 4
(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 131]
| |
H. Ss. Miedema:
| |
[pagina 132]
| |
kant wurdt men al hwat hoedener, as men bitinkt dat deselde Witsen Geysbeek Vondel sa leech set hat as er mar koe en him gjin skelnammen bisparre hatGa naar voetnoot6). By de wurdearring fan Gysbert Japiks' wurk hjoed-de-dei wurdt it inkeld wol ris to folle as ien gehiel biskôge. Men kin lykwols by syn psalmen en by syn gedichten ta gâns forskillende resultaten komme. Sa'n aparte biskôging kin to ier generalisearjende conclúzjes to foaren komme. Gysbert's Tjesck-moars See-aengste is yn 'e earste helt fan de 19e ieu op syn minst trije kear yn it Nederlânsk oerset. Dit is in feit, dat jin mear seit as Witsen Geysbeek's wurdearring en syn plan om in boek oer de Fryske litteratuer to skriuwenGa naar voetnoot7). De bikendste oersetting is Bilderdijk sines, makke yn 1807Ga naar voetnoot8). Hoe soed er dêrta kommen wêze? Wol net troch syn freondinne, de dichteres Kynke Lenige út Makkum, dy't er in lykdicht wijdeGa naar voetnoot9). Hja is al yn 1780 forstoarn. Yn 1807 is de ‘vader van het Reveil, dat van [de Romantiek] de gereformeerde uitingsvorm is’Ga naar voetnoot10), to Amsterdam yn 'e kunde kommen mei J.H. Halbertsma, dy't dêr doe mei syn theologyske stúdzjes bigounGa naar voetnoot11). Hy waerd dêr in learling fan Rinse Koopmans, dy't yn 1801 in rede hâlden hie oer Gysbert Japiks. Dêryn hie dy inkelde strofen fan Tjesck-moars See-aengste oerset foar syn gehoarGa naar voetnoot12). Yn 1803 hat er de oersetting folslein makke, mar pas letter publicearre, doe't Bilderdijk sines al lang forskynd wie. Koopmans neamt sines ‘meer eene Vertelling dan eene vrije Navolging’ fan in ‘gedicht, hetwelk door de Kenners voor een der schoonste stukken van G. Jacobs gehouden | |
[pagina 133]
| |
wordt’, omdat Bilderdijk seit, dat er G.J. ‘vrij gevolgd’ hat, hwat net in ûngewoan ding is by him. Bilderdijk hat gâns romances fan Percy's ‘Reliques’ oerset tusken 1795 en 1806, û.m. Urzijn en Valentijn, dat er yn 1795, wierskynlik yn Ingelân, skreaun hat. Faek wurdt ien strofe fan Percy troch him ta twa of trije útwreideGa naar voetnoot13). Dat Bilderdijk Halbertsma graech lije mocht, docht bihalven út inkelde rymkes ‘Aan den heer Halbertsma’ en in oarenien foar de ‘rechtschapen Halbertsma’ ‘In vliegende haast’ skreaun ‘voor het krankbed zijner Egâ, in zware afmatting’ (1826),Ga naar voetnoot14) ek bliken út it feit, dat B, letter op Halbertsma syn forsiik noch mear fan G. Japiks oerset hatGa naar voetnoot15). In tredde oersetting fan de See-aengste hat A. Koopmans jown (Oude-Bildtzijl 1840)Ga naar voetnoot16), dy't him àl oan it tal strofen fan G.J. hâldt, mar, nei't it ús taliket, de beide oare oersettingen foar him hawn hat, alteast foar syn geast: sines bringt ús tominsten nou ris dy fan Bilderdijk en dan wer dy fan Rinse Koopmans yn it sin. Party minsken sil it nou net tafalle en biwûnderje Bilderdijk sines sa tige, as wol dien isGa naar voetnoot17). Om in goed bigryp to krijen fan syn wearde en binammen fan hwat typysk Bilderdijk is, liket it my net ûngaedlik ta de trije oersettingen nêst elkoar to lizzen en dêrnei ek to forgelykjen mei soartgelikense gedichten út mear as ien tiidrek, Sa kin men, wolle wy hoopje, ek sjen hwat typysk fan dy biskate dichter en fan dy biskate tiid is. Sjogge wy earst ris nei Gysbert Japiks' gedicht sels, dan wol it ús wol oan, dat ‘de eerste en tevens de eenige universeele Romanticus in Hollând’ der nocht oan hie. Forskate eleminten fan it romantyske falle der yn op: polariteit, contrastwurking en in kosmysk natuergefoelGa naar voetnoot18). De driuw yn elk minskebern nei greatheit en it witten fan syn biheindheit wurde hjir beide personificearre. Dit ivige mo- | |
[pagina 134]
| |
tyf út alle litteraturen moast Bilderdijk wol oanlokje, lykas it altyd de greaten bitsjoend hat en oant hjoed-de-dei ta elkenien oansprekke kin: it is sa minsklik as it mar kin: in ‘Utflecht’, lykas Gysbert dy hjir biskriuwt, - better sein: spylje lit - docht him hieltiten wer foar. Men soe der in reëel gefal efter sykje kinne: Hoe 'n fortriet hat Gysbert net hawn om syn soan Salves, in swankebast. Doe't dy nei it Amelân ta soe, hawwe Gysbert en Sijke him doe mei soarch en noed fuortbrocht oan de sé ta? ‘Ljeafde ta blommen, nocht oan aventûr’, Salves ‘hie Wif hjitte kinnen’Ga naar voetnoot19). Lykwols it liket ús net wierskynlik ta, dat Gysbert mei opsetsin de ‘See-aengste’ dichte hat om syn fortriet oer Salves utering to jaen. It is nuodlik to folle autobiografy to sykjen. In soartgelikens gefal hat men yn Vondel's Faëton hawnGa naar voetnoot20). In motyf dat Gysbert mei ynspiearre hawwe kin, is adt fan de wize: ‘C'est le chien de Jean de Nivelle. Il s'enfuit quant on l'appelle’Ga naar voetnoot21). Dêrnêst is fan tige bilang, dat Vondel mei syn ‘mythologische allegoric’Ga naar voetnoot22), de ‘Vechtzang'h’, de lienhearre west hat fan Gysbert. Mar hwat Kramer seit: ‘Zuiver vernuftspel is de allegorie in de gelegenheidsgedichten in engere zin.... Het zijn in alle richtingen doorgevoerde woordspelingen’Ga naar voetnoot22)) is hjir tige fan tapassing, Dat ûnechte mythologyske elemint, de moade fan dy dagen, is ús nou yn 'e wei, mear noch as de psychologyske flater fan GysbertGa naar voetnoot23): Dr, Kalma's tsjinstelling' fan leavenjende Tesselschade en moralisearjende beppe is to skerp. Wy moatte it gefal mear sjen as utering fan Gysbert's eigen tinzen en fielings: by fielt him wer jong en dryst as Wif en tagelyk tinkt er as Tjesck oan de sin fan it libben. Dit dramatyske sielsconflict is tige minsklik: ‘De meeste jongens en zeker die in een havenplaats, hebben dat dub- | |
[pagina 135]
| |
bele verlangen, De drift, aan de ene kant, om uit te varen, te zwerven over de aardbol en zich in avontûren en daden, los van iedere breidel, te realiseren, - en aan de andere kant vaak het intense heimwee naar de kleine kamer thuis, het gele petroleumlicht, de warme kop koffie die moeder inschonk en een vrouw aan wier zorg zij zich als een klein kind over kunnen geven’. ‘Het is de tragedie van den Vliegenden Hollânder, wiens eigenlijk element het water is, wiens vloek het eeuwig onbevredigd verlangen naar vrouw en eig'en woning’Ga naar voetnoot24). Lykwols, by Gysbert as Christen komt it biheinde fan de minske nei foaren, Men hoeft dit conflict noch net to biskriuwen as dat ‘tusken de dichter en de moralist’ yn him: it is algemien minsklikGa naar voetnoot25). Dêrnêst kin men yn it gedicht sjen ‘it taeije hâld fan 'e foarâlderlike groun, en de sterke rôp fan 'e lokjende sé’Ga naar voetnoot25) ‘it conflict tusken de sittende en de farrende minske, tusken de biheinde djipte en de einleaze breedten’ en, - is it net speciaal Frysk of Germaensk, - dochs tinkt in Fries al gau oan ien as Tsjerk Hiddes, de boeresoan fan Seisbjirrum, dy't as Luitenant-Admirael yn 'e 4-deiske séslach (1666) forwoune rekke en net lang dêrnei forstoar, Wy binne net de earste dy't him mei Wif forgelykjeGa naar voetnoot26). Yn itselde jier komme Gysbert en syn wiffe soan Salves om, troch de pestgoarre dy't doe omgyng. Earst de heit en mem, dêrnei Salves, dy't dochs noch nei hûs ta tein wie om syn âlden yn har syktme op to passenGa naar voetnoot27). As men Eeltsje Halbertsma syn Tsjerk Hiddes nêst Gysbert's Wif set, dan kin men dochs net oars sizze as dat dit ‘Boike fen Seisbierum’ in earmoedich rymstik is foar lytse bern: dát is pas moralisearjen en oerdriuwen. It leit der to tsjok op, al kin er wol aerdich sizze: ‘Ploegje ljeaver hjir ús terpen,
‘Men it ripe noat yn hûs.
‘Och, dyn mem kryt har ta
wetter,
‘Aste weifljochst' fier fen hûs’Ga naar voetnoot28)
| |
[pagina 136]
| |
mar as it boike ropt fan: ‘......Ik moat stjerre
‘As ik noait nei sé ta mei.’
dan giet dat dochs to fier. Ek wurdt Tsjerk Hiddes oan 'e ein fan it aerdige ‘De Fryske Hirdsiler’ forhearlike, mar tichter by Wif komt dan dochs Sierd Ane, al forrint it forhael oarsGa naar voetnoot29)). De bikende lêste strofe jowt tige gefoelich en wier de morael: ‘O, sykje net oan fiere strânnen
't Gelok, dat foar dyn fuotten
leit......’
Dit komt it oangripende bislút fan Gysbert's See-aengste binei: ‘Wol dogge', Hijmmel, Wif
ijn-plantje
Dat hy him ney God môt kantje
Az hy t'huws komt uwt it Djiep’.
troch Bilderdyk werjown mei: ‘Leer, ô leer mijn' Wif beseffen,
't Harte tot u op te heffen,
Als hy weerkêert van het diep.’
It bigjin fan ‘Sierd Anes Klachte’Ga naar voetnoot29) bringt jin ek Wif to binnen: ‘Sierd Anes teach mei wylde
sinnen
Fen 't lân nei 't rouwe ségebrûs;
Forliet syn terpen en syn finnen
En 't ljeave âlderlike hûs.
Him wier de Fryske loft to
dompich.
‘Ik wol,’ sa spriek er, ‘heger op.
‘Dat earme lân is my to sompich,
‘Hosé! de flagge moat yn top.’
Gysbert:Ga naar voetnoot30) ‘Wif woe, mey in dolle Holle,
To de Wrâd uwt hôlle-bôlle,
t'Huwz to blieuwen wier nin tier.
Op in ijken boerd to drieuwen,
Rest-leas op in dol to klieuwen,
Kerde' Hy boppa 't grien fol
Djier’.
| |
[pagina 137]
| |
Bilderdyk joech de populaire Wif in ‘fan’ en neamde him foar it gemak Wif Haitsen: Grootmoeders klacht.
‘Wars fan Grootmoêrs
tafelkruimelen,
Tuk, de wareld in te tuimelen,
Vond Wif Haitsen t'huis geen'
tier.
Op een' eiken plank te lobberen,
Op de baren rond te dobberen,
ô! Dit had een' beter zwier!
Rinse Koopmans set oer: ‘Wif wil, onbesuisd aan 't hollen,
Door de wereld hollebollen,
Aan den wal te zeer bekneld,
Lust het hem ter zee te varen.
Rond te dobb'ren op de baren
Kiest hij boven 't vee-rijk veld.
en A. Koopmans: ‘Wif wou, 't hoofd was hem
aan 't hollen,
Door de wereld henenrollen,
Hierop was zijn zin gesteld.
Op een' eiken plank te varen,
Rustloos dobbren op de baren,
Koos hij boven 't stille veld.’
It is nijsgjirrich Bilderdyk's originele útdrukkingen to hearren yn de folgjende strof en fan syn oersetting:
2. ‘t'Huis te muffen, t'huis te
krentelen,
Koe en ploegstaart na te drentelen,
Neen, dat leven heeft geen' aart.
Ik zoek wilder avonturen,
Dan den driestal plat te schuren,
Dan te droomen aan den haard.
3. ‘Groote Pier waar glad
vergeten,
Niemand zou er van hem weten,
Had hij t'huis zijn' brij geroerd.
Maar, door golf en zee te woelen,
Vijanden den voet te spoelen,
Heeft zijn' naam ten top gevoerd.
4. ‘'k Wil het zout van
schuimers schuimen,
't Spaansch gespuis het ruim
doen ruimen,
En brageeren op den vloed.’
Daarmêe zwaait de zeebetemmer
Om zijn hoofd het blinkend
lemmer,
En de pluimen om den hoed.
5a. Grootjen zag hem op de baren
't Vaderlijke strand ontvaren,
En, gebloosd van heldenmoed,
Op den hoogen steven prijken,
Daar hij 't land terug zag wijken,
Met den hollen afscheidsgroet.
Foar it oersetten fan Gysbert's 5e strofe, hat Bilderdyk twa nedich (5a en 5b), Rinse Koopmans mar ien: | |
[pagina 138]
| |
5. Tjesck-Moêr staat van verr'
te kijken,
Ziet haar zoon vast zeewaarts
strijken
En, terwijl z' in tranen smelt,
Zet zij op een Duin zich neder,
Wendt haar' oogen heen en weder,
Over 't Land en Pekelveld.
5b. Grootjen zag het
(en ontroerde)
Hoe de wind hem henen voerde;
En verstijfde waar zij stond,
Daar zij op den dijk geklommen
't Land van baren zag
omzwommen,
En den afgrond in den mond.
Tj, de HaanGa naar voetnoot31) freget him ôf, oft Gysbert mei de ‘haege wier’ in klif bidoeld hat (troch Bilderdijk en A. Koopmans mei ‘dijk’, troch R, Koopmans mei ‘Duin’ oerset) en hel-let de strofe oan yn B.'s oersetting, mar mei ‘dijk’ yn ‘'t Roode Klif’ foroare. Miskien docht er dit ûnder ynfloed fan Dr. G.A. Wumkes, dy't praet fan ‘de âldbeppe dy't op it Reaklif stiet to bidden.... it byld fen Fryslân seis, Yn 'e gouden jeu, do't hjar krêft laei op 'e sé droech, hja hjar bern, dy't om utens swalken, op 'e wjukken fen hjar ljeafde en gebet’Ga naar voetnoot32). (Oare kear it léste.) |
|