De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] Fedde Schurer: Poete maudit. Kenst him grif, hy wie in eabel rimer froulju seinen yn 'e skimer fan syn fersen op striidbre jongerein yn seal en kampen droech syn spreuken om as lampen en syn wurd roun troch de nearste nachten rêddend ta fortrapen en forachten as in frijheitsrop. Kenst him grif, syn namme droech de gloede fan it moaije, wiere en goede tsjustre sielen yn en de nektar, fan dy bloune dreamer mongen op sa mannich keamer hja birûze foar en nei safolle dy't hja stige nei de oerdwealske holle as in swiere wyn. Kenst syn boeken - dizze waerme bannen wiene wol yn wurge hannen lok en mylde treast o, de kunst is eal, mar njúr it libben 't hert dat hammre tsjin syn ribben wylder wol as nedich wie en winsklik spile oerhearrich, al to ierdsk en minsklik oproer tsjin 'e geast. [pagina 130] [p. 130] Kenst him net, hy liket dochs dyselme - fan gjin oare tsjoen bidwelme dûzle en waerd er wei roeikjende troch reade deadsgefaren boartsjend boppe wiffe baren state er mei in lofliet op syn lippen hurd en hommels tsjin 'e bline klippen fan 'e Lorelei. Kenst him? sjoch, de skriuwer fan dy boeken skûlet yn forhoalen hoeken as in ljochtskou beest en syn liet, it ienris wûnderbare driuwt forslingere en forware earne yn token fan in dea forline as in efterbleaune serpentine nei de deis fan 't feest. Vorige Volgende