| |
| |
| |
Marten Sikkema:
Nije Sweedske lyryk yn oersetting
Anders Österling:
Oan 'e kustwei.
Mei twa stille minsken krûpt de wein troch 't spoar.
Hwat hja oars ek misse, dit giet net toloar:
Moanne folget 't hynder mei syn dizich skaed.
Siedfjilds waermjend rûzjen hinget oer it paed.
Brânnings wite rieme krinkelt yn it rea,
skipslantearnen ljochtsje skymriger as ea.
Dreamen gean' en komme, ûnrêst êbbet út.
Libbens djipste driuwen fine har bislút
Moast de ierde eangje 't rypjen fan har bloed?
Yn 'e tsjustr' omklamming, ûnder moanne' floed
| |
Harriet Löwenhjelm:
Nim my. - Hâld my. - Streel my hoeden.
Flij dyn earms my om 'e lea.
Skriem in bytsje om al 't goede
dat forlern giet oan 'e dea.
Weitsje oer myn wiffe slomme
ont it lêst, en streakje my
sêft it hier noch. - Aenst sil 't komme
dat ik fuort moat - sûnder dy.
| |
| |
Tonacht moat ik stjerre. - De houtblokken stinne
en flikkerje; immen hâldt my de hân.
Tonacht moat ik stjerre. - Hwa seit my hwêhinne
ik reizgje moat, ienlik, nei hokker lân?
Tonacht moat ik stjerre. - En hoe sil ik kinne?
| |
Dan Andersson:
Jongmaetsje Jansson.
Hojohé, jongmaetsje Jansson, hark, de moarnswyn
ja, de nacht wie koart, mar de Constantia leit ré.
Hast al snokkre mei dyn Stina, Mem al tute op beide
hast dyn brandewyntsje útnaem, sjong dan hojohé!
Hojohé, jongmaetsje Jansson, miskien hat hja har bigêrze
moarn al oan in oar jongmaetsje - dou bist fier op sé.
Sil dyn hert ûnrêstich klopje yn 'e moarntiid?
stek dyn noas mar yn 'e stoarm op en sjong hojohé!
Hojohé, jongmaetsje Jansson, miskien sil dy't needlot
net mank fleurich froufolk, mar mank 't haeijeguod. O né?
Tink derom, de dea stiet gluorkjend efter alle
wreed is er, mar earlik, heite, sjong dus hojohé!
Miskien sitstou skielk wol earne op in farm yn Alabama,
dêrstou griis wurdst en krebintich, fier fan 't âlde sté.
Faeks forjitst dyn leave Stina efter 'n slok yn Jokohama,
soks is slof, mar minkslik, sjong dan hojohé!
| |
| |
| |
Ture Nerman:
It moaiste fers fan 'e leafde
hat nea printe wurde kind.
It bleau oer út in dream op Montmartre
by in earm Parizer studint.
It hie ljochtsje moatten oer d' ierde,
en in wrâld hie omearmkje moatten
Hy hie gean moatten oer de kaeijen
mei in lytse blau-eage Lucile
en dichtsje fioelen en patten
nou, op in nacht yn April.
It moaiste fers fan 'e leafde
hat nea printe wurde kind.
It fordwoun yn in grêffjild yn Flaendren
mei in earm Parizer studint.
| |
| |
| |
Pär Lagerkvist:
Moaist fan alles is de skimer.
rint yn dûnker skynsel gear
Tear is alles, streake fan Gods hannen.
Sels forwisket er de fiere strannen.
Alles in fierôf en o sa nei.
Alles haw ik, alles wurdt wy nommen.
Allegearre sil 't my aenst ûntkomme:
de beam, de wolk, de groun dêr 't ik op stean.
't Libben lit syn berntsje yn,
Sweallen sweve op 'e wyn,
heide bloeit oan 't spoar.
Ald pleats; yn 'e koken stiet
Noed en langstme, fûgelliet
| |
| |
| |
It Sté.
De âlde hikke fan heite hiem,
ôfbrûkt fan hûnderten hannen
dy't ik skoan kend haw, de linebeam
dy't syn swietrook stjûrt oer de lannen,
dy leavje ik - ik leave nea
eat ynliker. Neat hâldt my finzen;
mar noch sil ik langje, bin ik strak dea,
to stean oan dy hikke dêrjinsen.
| |
Karl Asplund:
De deade freget.
Ik bin sa fier fan ierde' hiem
yn 'e swarte delling fan dea.
fan myn freon my noch ta?
'k Bin sa kâld, mines smert
Freon, hâld baernend dyn hert,
dat ik troch nachtlike wyn
it paed werom noch fyn....’
| |
| |
| |
Gunnar Silfverstolpe:
De imerkes.
Neisimmernacht - de dûnkre fjilden sjonge
hwêr't ik ek gean; de jierren fan forlet
doe't op syn eigen honger tarde 't hert,
hat nea it tsjuster sa forbjustrjend songen.
Gâns ynliker as 't liet fan beammekroanen
is dizze nachtmuzyk, dy't rûzjend feart
bylâns de boaijem dêr't ik woartel skeat:
dit binne fan de ierde sels de toanen.
Sa sjongt in reuzekoar út dûnkre gêrzen
oer 't iennichst wisse, dat de wrâld my joech:
it stikje boaijem dat myn libben droech
en d' ierde, dy't foar jimmer bynt myn wêzen!
| |
| |
| |
Edith Södergran:
Dei forkuollet ta joune....
Drink waermte út myn hân,
myn hân hat bloed fan maitiid yn.
Nim myn hân, nim myn blanke earm,
nim 't langjen fan myn smelle skouders....
Wûnder fielen soe it wêze:
ien inkle nacht, in nacht as dizze,
dyn swiere holle op myn boarst.
stean 'k op 'e treppen to harkjen,
stjerren dwale troch it tún
en ik stean yn 't tsjuster.
Hark, in stjer kaem klinkend del!
Rin net bleatsfoets troch de gêrzen,
fol mei diggels leit myn tún.
| |
| |
| |
Elmer Diktonius:
Heltegrêven.
Tekens yn brûns en granyt,
figuren mei 't swurd yn 'e hân,
stjerrende mannen, roujend heitelân -
op merken en pleinen mids blommeparken
dy't sizze, roppe, romje:
heltegrêven, heltegrêven!
snie-oerdutsen, forburgen,
sûnder stien, namme, krús -
guon domme kûlen, mear net.
Mar it rûst, it sjongt yn 'e bosk,
kaphoutbosk, leafbeambosk:
heltegrêven, heltegrêven!
| |
Jarl Hemmer:
Stille Joun.
As tûzen imers sjongend foel de maeijerein
oer mar's wetterspegel, dreamerich bislein.
In fûgel floite weak en fyn yn it strewel,
stadich reauntsjend kaem it reinen del:
‘Libje op stille ûren, achtsje d' oare neat.
Joun is der neat, neat bard, mar lykwols bart der eat.
Fûgel en maeijerein, hja songen dy har sang.
Biwarje dy - in treast, dyn libben lang.’
| |
| |
| |
Bea om in nij herte.
Yn myn hannen draech ik in brutsen fûgelnêst;
gâns wjukken ha der toeve, net ien foun der syn rêst.
It hinge yn myn boarstkas, in dea, forswarte riis.
Oplêsten ha 'k it útskuord en jow 't de winen priis.
Sjoch, it is earm fan legens, fan triennen swier as lead,
en út 'e boaijem stige de roken fan 'e dead,
en frussle is 't út halen fan stoarne maitiidsdei.
Mar ienris moat it blomkje foar wjukken fier, fier wei.
Far, foarjiersstoarm, dertroch, blies alles skjin.
Riizjende sinne, waermje 't. As 't jit kin.
Kom, wite himelboaden, wjukken fan fier fuort,
Wenje yn dit nêst, en sjong foar my - fan God!
| |
Einar Malm:
Maeijebea.
wiid maeijelânskip mei dyn fûgelkloften
oer stille wetters en dyn frucht dy't waekst
yn middei's sinne, siljend troch de loften.
dy't leit yn swannen dy't as wite blommen
moai útteard lizz' oer reidkraechs gieljch nêst,
Jow my har rêst, sa roerleas as in slomme.
ljocht maeijelânskip mei dyn sêfte mieden
dêr't wylpen roppe en jiers risping waekst
wylst lûdleas 't libben opbrûst út d' âld ierde.
| |
| |
| |
Harry Martinson:
Tsjin 'e ûngetiid.
Op in foarsimmerdei ûntfange de klavers
de holders swijend op in ôfskiedsfeest.
en de holder tanket foar al it genoatne.
de wyn oer de fjilden, dy't wachtsje op 'e ûre.
Hy klonk alle dagen al fierder en fierder ôf.
Oplêsten lette er suver as in tsjerkklok.
| |
Oerreding.
Neat eangstichs yn 't berchtme, myn bern.
Neat eangstichs yn 't skaed om ús hinne.
Neat eangstichs yn tûken dy't nei ús gripe.
It is inkeld de nacht mar, neat eangstichs.
Dyn hantsje mar yn myn hân.
Sa wurdt it, as 't nacht wurdt, bern.
| |
| |
| |
Nils Ferlin:
In swalker bin ik - hwat seit dat,
'k hie doomny west, hie natûr
it lije wold, of magnaet faeks
of hynder, miskien wol boer....
In sweal hie ik wêze kinnen;
in ka of in grouwe snoek,
in snoek - of oars faeks in blom of
in simmerdrip op in boek....
Sjoch, 't easten bigjint yn 't westen,
yn 't noarden hâldt 't suden op,
it dûzelt my fan 'e fragen,
myn kiel is droeger as hop....
....in swalker bin ik, dy't stroffelt
de dyk del troch glisprich grús.
Myn hert is hjit as in heechoun
Men kin dochs net oannimme alle
leginden en sa dy't men heart....
Hja sizze: in stjer moat der falle
hyltyd as in minske forstjert -
Hoar binne de nachten: yn koele
hearde ik hiemhounen gûlen
sa't hounen gûl' om in lyk.
Skriemende widdous koe 'k hearre
en bern dy't snokten om brea -
- It makket neat út foar de stjerren
| |
| |
Net ienris in sljochthinne fûgel
dy't sjongt yn it grien fan in hôf
bistiet oan de oare side,
en dat liket my frijhwat drôf.
Net ienris in sljochthinne fûgel
en in witige bjirk ek nea. -
Mar de moaiste dei, dy't simmer jowt,
docht my langjen nei dat gea.
| |
Johannes Edfeldt:
Appassionata.
Inklen moatte stride yn 'e lannen
fan Gods grime, op 'e lêste skâns,
blynseach brekke alle slavebannen,
martlers wurde mei in toarnekrâns.
Inklen moatte pallissaden bouwe,
wacht bitrekke om in faeij' idé,
heit en mem forlitte, har lânsdouwe,
as 't synjael wjerklinke sil. - Wês ré.
| |
Forantwurding:
Yn 22 fersen fan 14 forskillende dichters wurdt hjir in ynsjoch jown yn de nije sweedske lyryk, ûnder nije to forstean: 20e ieuske.
De oersettings binne sa ticht mooglik by de oarspronkliken houden, hwat net sizze wol dat hja letterlik binne. De oersetter hat der binammen nei stribbe, de sfear fan de originelen sa ticht mooglik binei to kommen.
Yn hoefier dizze kar representatyf is foar de sweedske lyryk fan hjoeddedei, is min to sizzen: hja is der biheindernôch ta. Lyk as elke kar sil ek dizze yn 't foarste plak representatyf wêze foar de karmaster.
M.S.
|
|