De Tsjerne. Jaargang 1
(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 323]
| |
Marten Sikkema:
| |
[pagina 324]
| |
mynhear boppe, ik sei: men wit noait hwer't men mei mynhear hjirre oan ta is, mynhear praet langer alle dagen oars, en soms sa nuver. Net dat ik der hwat fan sizze sil, o hearken né, mynhear is eigen baes en mynhear bitellet op 'e tiid’.... Sjoch, Anny hat nea net sein dat hja mei my oan wie; hja hat dat hokkernachts ek net meimakke, fansels. Mar hja is dochs ek net botte skerp. In bêst fanke oars. Hja is wol it bêste erfstik dat ik fan Luerd oerkrigen haw. Dat hja it mei my iimmer noflik hat doar ik net sizze. Mar spanningen moatte der bliuwe, oars net? Ik leau wol dat ik har ken, trochende-wertroch. Soe it dêrom wêze dat ik it net litte kin en spylje foar har oer toaniel, út en troch? Dan bin ik de wisse, bislútréë, harmonyske man, yn 't koart: krekt de man dêr 't in nei liif en siele soun frommis forlet fan hat. Hwat him by my efter de skermen ôfspile hat en jit ôfspilet, hwat wit hja derfan? Dan soe it bliken dwaen hoe ûnwis, bislútleas, ûnharmoanysk ik bin. En hoe lef. Al withoefaek haw ik it ommers út it laed krige om der in ein oan to meitsjen, mar de oanstriid wie jimmer greater as de moed. Sjoch, freon, wy hiene beide it libben net sa heech. Hie ik dy dan dochs folgje moatten?
26 maert. - Ik kom nou ta in saek dêr 't in krekte biskriuwing my tige swier fan falle sil, dêr 't ik lykwols nei it foargeande net mear foarwei kin. Hwa 't úthalde wol dat in brok forline as dit yn in deiboek net thúsheart, is fier mis: ik moat de gefolgen ommers hjoed jit drage. Boppedat: der binne dingen dy 't men earst nei jierren better, en nea net alhiel, omfiemje kin. Ik haw der wrychtich langernôch tsjinoan skytskoarre! Luerd en ik, wy hawwe jimmer maten west: as bern boarten wy meiinoar op buorren, op skoalle sieten we neistinoar, letter reizgen wy togearre nei de H.B.S. Doe 't syn heit nei R. forroppen waerd wisten wy dat dit net de ein wêze soe. Wy skreaune inoar trouwer as men fan feinten yn dy jierren forwachtsje soene; yn 'e fekânsje wiene wy gauris by elkoar útfanhûs. Letter rekken wy beide om utens, en it koe wer net lang duorje of wy kamen yn deselde stêd tolânne. It wie yn dy jierren dat de wrâld stadichoan op de twadde greate oarloch tadreau.... | |
[pagina 325]
| |
Wy saegen inoar hast eltse wike, trochstrings op sneontojoun. Oft wy jimmer praet hiene, efternei twivelje ik wolris. Dochs kin ik net sizze dat we ússels of inoarren ea forfeeld hawwe: der bistie eat tusken ús dat ik net omskriuwe kin, noch wól. Oft in tsjustere macht us oanelkoarren forboun hie, ta de dea, en fierder jit. Nammers, immen dy 't úthâlde woe dat tsjinstelden inoar lûke, hie dat oan ús biwize kind. Luerd wie in skerp tinker. Myn dizenige dreamerijen hied er faeks inkeld bilang by om se wjerlizze to kinnen, in sport der 't er trochkrûpend yn wie. Ik fielde in djippe biwûndering foar him, mar tagelyk eat fan eangstme. Hy hat my dan ek gjin inkelde fêstichheit oerlitten. Hy wie earlik: hy hie sels ek gjin inkeld punt fan oanhâld, mar hy koe dêrbûten, ik net, dat wie it forskeel. Myn arguminten dy 't minder op witten as op gefoel basearre wiene hied er pûr de gek mei, en wol sa dat ik der sels ek de gek mei hawwe moast. Trochstrings gie ik fuort mei it idé dat Luerd gelyk hie, jawis, mar dat der fan it libben sa neat oerbleau. Doe kaem, hommels, de skieding: foar my tagelyk forlies en forlossing, miende ik doe. It is wol oars biteard. De lêste kear dat wy inoar seagen wie op 30 Aug. 1939. Dizze woansdeitojoun yn 'e neisimmer sieten we togearre hjir op syn balkon. It wie waer as side. We seagen út oer de singel: swannen dy 't as wite sylskipkes de bocht omfearen, twa jonges yn in stadige kano. Oan 'e oare kant it wetter, lyk as jimmer: de pearkes, op 'e moassige resten fan de âld stêdswâl. It kariljon fan de âld Klaes spile elts kertier syn wyske. Tichteroan lykwols, ûnder de hûzen lâns, raesden de swiere Latils fan de geny, tsjuttelen hynders-en-weinen, slûge soldaten op it foarkret, sûzen iepen auto's mei ‘stjerren’ foarby. Op 'e brêge bipraette in espeltsje mânlju de politike tastân. ‘Hwêr 't wy sneon sitte sille?’ bigoan Luerd. ‘Ja, wy binne hjoed jit boargers by de graesje Gods.’ ‘Och, faeks sil it wol wer oerbetterje, lyk as forline jier,’ weage ik. ‘En dan, wy binne ommers neutrael.’ ‘Rekkenje mar dat wy hjoed ôfskie nimme. Ja, heite, dêr giet nou dyn Jeropeeske Kultuer, yn ien kear. Och, oarloch is alhiel neffens de natuer, mar biroerd dat ús dit krekt treffe moat’.... | |
[pagina 326]
| |
‘As elts de wapens der nouris hinnesoalde,’ sei ik, en bitocht dat ik ûnsin praette. It petear stûke. Doe foel er út: ‘Ofskie, mar net foargoed. Ofstân fan alles, witst wol hwat dat bitsjut? Men moast jin nea oan eat bine, dan bitsjutte it alhiel neat. Mar kin dat? Der bliuwt jimmer in minimum, of tochtstou fan net?’ Sa ûnbihearske hie ik him nea net heard. Mear as oare jounen hawwe wy dy jouns swijd. Mar it wie krekt of dit togearre-swijen ús jit fêster oaninoar boun. Ungemurken kaem de nacht; it singelwetter lei al as in skiere bân tusken de brêgepoarten. Hjir en dêr skeaten ljochten op. ‘Kom, ik sil dy útlitte.’ Hy loek de balkondoarren ticht. ‘Spitich, ik hie dy krekt ris mei Anny yn 'e kunde bringe wollen; wy binne gauris meiinoar op en út, as freonen. Romantyk ha wy beide it mier oan. Né, heite, dou seiste doe fan “in konsesje”, mar dat is dit dochs net. Leafde doch ik net oan, en hja wol der likemin fan hearre. Hiest net tocht, wol?’ Ik woe der mar net mear op yngean, hie myn moed net rjocht. En hy faeks ek net. Wol gnyske er doe 't er ‘ont sjen op de barrikaden’ sei, mar syn stim trille nuver. Yn 'e mobilisaesjetiid hawwe wy inoar net mear sjoen, wol gauris skreaun. Us brieven wiene in fuortsetting fan ús eardere petearen. Dat ik aloan mei problemen omtiisd haw dy 't net foar my makke binne, en dêr 't myn kop net foar makke is, ik moat it oan him taskriuwe. Hy boarte der mei, ik reitsje der ûnder bidobbe. Ik bin swiersettich, seit Anny. Ik bin it wurden.
3 april. - Is dit jit wol in deiboek? Joun hat Anny my forbean wer fan Luerd to praten. Mar fan my ôfskriuwe moat ik dizze dingen om ea wer suver foar mysels en de wrâld oer to stean. Dit is myn leste kâns, dat is dúdlik. Yn 'e neisimmer fan '40 waerd ik mei oare kriichsfinzenen nei hûs ta stjûrd. Alle dagen forwachte ik him, of tonminsten birjocht, mar: neat. Ik bisleat syn eardere kostjuffer op to sykjen, faeks wist dy mear. ‘Ja, mynhear is de twadde deis al rekke, fan in granaet út eigen geskut, wol men ha. Hy moat noch mar efkes libbe hawwe. Soks hie nou alhiel net nedich west, der wie noch gjin | |
[pagina 327]
| |
fijân to sjen. Hja woe de keamer wol wer forhiere, hoe 't hja mei syn spullen oan moast? Faeks koe ik de saek ris útsykje, ik hie ommers syn freon west. Soks mócht ik net wegerje; en oars hie it likegoed sa kaem, dit is it needlot. Wy stjûre net, wy wurde stjûrd. Earme freon! ‘Martelder fan it tafal’ neamde immen dy. Mar binne wy dat allegearre net? Lykwols, men mei it leauwe of net, ik hâld út dat er it witten hat, of tominsten eane. Yn de brieven dy 't er neilitten hat haw ik it biwiis yn 'e hannen. Yn alles hat er my as syn opfolger oanwiisd. De keamer haw ik fuort mar ynhierd: ik moast dochs plak hawwe, netwier? Geastlik wie er greater as ik. Ik bin immen dy 't passyf libbet, en de dingen komme lit sa 't se komme moatte, sûnder der ynfloed op hawwe to wollen. Nammers, dat soks foar ús soarte lju mooglik is, wol my net oan. ‘Dou moatst leare oer de dingen hinne to sjen,’ sei Luerd gauris. Ik haw myn best dien, mar ik sjoch der altyd lyk tsjinoan. Aloan haw ik war dien syn tinkwize, syn tinkfoarmen oer to nimmen, en it giet ek inkeld wolris in ein goed. Mar dan ynienen brekt myn trie. Ik twivelje oft ik ea safier komme sil. Ik fiel my soms sa helpleas, sa minderweardich. Alles is fansels to forklearjen: Luerd wie út in dominéslaech, hja hawwe fan âlder op âlder yn it geastlike omslein, om it sa marris to sizzen. Ik bin de earste fan ús laech dy 't it fierder brocht hat as timmerfeint op in boudoarp. Bin ik der lokkiger om? O, kennis waecht sa swier.
12 april. - Dizze jierren hawwe wol de swierste fan myn libben west. Foar it each fan de wrâld oer wie alles yn 'e es: ik wurke my yn op 'e saek, ik wenne goed, ik hie in kreaze faem. Mar yntusken haw ik alle stadia fan ûnwis ta healsiik, fan eangstich ta healgek trochmakke. Dy tiden moast ik my foar oaren oer bihearskje, mar oft ik it rêdden haw? Men fielt wolris hwat. Ik miende dat Anny tominsten it net seach, mar dat bistiet ommers net: krekt foar har oer haw ik my biroerde min holden. Hja hat it my forjown, dat is it; ik moat my skamje. Mar hwa rekket ek yn sa'n posysje? Ik haw dagen hawn: as ik praette hearde ik Luerd syn stim, as ik skreau gyng syn hân oer it pompier, as ik yn 'e spegel seach wiene | |
[pagina 328]
| |
it syn eagen. Ik haw nachten hawn dat ik praette, lûdop, oan ien trie troch. Dat ik net mear koe, haw ik sein, dat it my to swier wie, dat er in oar nimme moatten hie. Dat ik syn dea net winske hie, dat ik graech yn syn plak west hie. Dan fandele myn hân it pistol út it laed, mar it wie altyd krekt as hie ik jit op eat to wachtsjen. Mar de lêste kear wie myn bislút nommen: foar syn minimum fan doe wie ommers in maximum yn 't plak kaem: in maximum oan illinde. It brief oan Anny lei al ré. Mar as ik ris miste? Mar as ik ris heal rekke? It izer fielde kâld oan 'e sliep.... Forgif wie sekuerder. Mar men litte wol mear. Sa balansearre ik menutenlang op 'e grins fan dea en libben. Of wiene it mar sekonden? Ynienen wist ik: ik hie al to lang wachte, ik kóé net mear. Nea yn myn libben haw ik sa oanein west. Ik wie to lef: as ik forgif hawn hie, hie ik in pistol hawwe wollen. Efkes moat ik forskriklik raesd hawwe: de kostjuffer kaem der tominsten ynfleanen, yn fol nachtornaet. Ik haw ien en oar sa goed sa tsjoed bihimmele: ik hie to drok west op 'e saek, ommers. Hja soe der mei net ien oer prate, mar de oare deis seach elts my sa skean oan, dat ik wit net. Doe 't ik deawurch op bêd rekke sloech de klok krekt trije. Hwat bitsjut dat nou foar de ivichheit oer? tocht ik. Lykwols: ik skriemde.
15/16 april. - Justerjoun dan is it bard, hwêr 't ik op wachte haw, ja, hwat ik sûnder it sels to witten oproppen haw. O, ik wit: men sil my ta gek forklearje, of tominsten ta patolooch. Mar hwa sil my it leauwen forbiede? Ik kaem by Anny wei, ‘himmelhoch jauchzend’, lyk as de dichter seit. It wie sneontojoun, it sloech njoggen doe 't ik oer de brêge gong. It wie wer krekt as sette ik nei Luerd ta. Sels seach ik de lampe al noegjend baernen: hy wie dus thús. Wol skeat it troch my hinne dat ik ommers by ljocht fuortgien wie, en dat ik de doar skoattele hie (âldfammen sneupe gauris yn jins guod om), mar joun wie alles ommers mooglik? Ik koe it net litte en floitsje ús ald sein. Fuort waerd de doar iepen-lutsen. Ik skarrele de steile treppen op: dy treppen soe ik nea net ta wenne! De keamersdoar stie oan. ‘Kom deryn,’ klonk | |
[pagina 329]
| |
syn stim, ‘bist hjir ommers net frjemd.’ Efkes tocht ik oan bidragerij, mar dat bistie dochs net. Ik hie dit dochs forwachte. Hjir waerd in stik forline forfette, fan my waerd inkeld frege myn rol fierder to spyljen. ‘Nim in sit,’ sei er. Hy siet efter syn buro, en skreau. It ljocht foel him wyt oer de hannen, mar syn holle wie yn tsjuster, alhiel wei yn 'e nacht. ‘Ik hie dy al opjown’.... ‘Ja,’ leach ik, ‘ik hie jit net dien.’ ‘It libben is in film, freon,’ bigoan er op syn âlde docearjende toan. ‘Wy spylje mar ienris mei, en dat kin folstean. Oft men soldateklean draecht of net, hwat docht it derta? Als men mar knap spilet. En hwannear 't de skerf jin rekket is it alhiel neffens draeiboek.’ ‘Man kin men it dan foarút witte?’ frege ik heas. Hy weau mei de hân: ‘Dêr sille wy joun net oer prate. Oer it oare: likemin. Dou rêdst dy mar mei al it fierdere mei dyn libben. Hoe soe ik dêr bilang by hawwe kinne?’ Wer hawwe wy skoften swijd, mar it wie as dreaune wy stadich útinoar. ‘Fan in ôfskie mei ik net mear prate, fan in wersjen likemin’, kaem it it lêst. ‘Men wit net of it yn it stik opneam is. Wy spylje yn 't bline wei’. Doe 't ik bûten stie wist ik dat it frij wie. Urenlang haw ik jit omdoarme yn dizze stêd dy 't my sa leaf wurden is dat ik sels yn dreamen syn strjitten jit gean. Dit hat in ôfskie foar it libben west. Mar hwêrom dat alles jitris op to ikkerjen?
Ik haw net op bêd west fannacht. Mar mei it pistol haw ik net mear boarte. It wie de romantikus yn my dy 't dêr alle mooglike spekulaesjes oan fêstknotte hie. Hy sil hwat betters sykje moatte. Faeks hat er it al foun. Fan dit soarte fan tafal sil ik gjin slachtoffer wurde, Luerd! Tink net dat ik dy yn my oerwoun haw: men oerwint it forline net yn jinsels. Bist nou redusearre ta in kant fan myn eigen ik, mar hast rjocht op mear? Hast ea mear winske? Troch wanlûden komt men ta harmonije, seistou wolris. Dyn bisit: in oantinken. Dyn wurk: opdracht oan dy 't leechroun. Anny: der is gjin better. Hjirmei bislút ik dan dit deiboek dat gjin deiboek is. Faeks hat it my holpen de lêste krisis to boppe to kommen. Yn elts gefal biskriuwt it dy. | |
[pagina 330]
| |
Noch leit it singelwetter as in skiere bân tusken de brêgepoarten. Mar hjir en dêr geane de ljochten al út. De Klaes spilet sawn: hat it ea sa klear klonken? Oer de wâllen bigjint in nije dei to glânzgjen, ek foar my. It is maitiid wurden. Aenst sil Anny hjir nêst my stean, op it âld balkon. Dat pistol? Ik haw it niis yn it wetter soald, sjoch, dêrre, dêr 't dy swannen driuwe... Hwat giet der boppe dit libben? |
|