De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 331] [p. 331] Joh. Couperus: Kristus leginde Doe 't Jezus noch in berntsje wier, Mei eagen gol en bliid en blier, Doe stoep Er faek by sinneskyn Oan Joazefs hân it stedtsje yn. En Joazef, âld en from goed man Forhelle Him de teltsjes dan Oer Isrel, dat to wachtsjen laei Op 't Keningsbern út Davids skaei. Mar letter, doe 't Hy greater waerd, En boarte op strjitte mei Syn maet, Doe makke er Him in roazekroan As foar in Prins en Keningssoan. Doe kamen op in kweade dei Ek Judas en syn maten mei. En skuorden Him mei rou getier De reade roazekroan fan 't hier. En Jezus, stil goed leaflik bern, Stie warleas Judas oan to sjen. Hy spriek: ‘Dou wierst myn kammeraet Werom fan dy, dy hún, dy haet?’ Mar ek de oaren rôpen lûd: ‘Wês stil, en sparje dy de hûd, Hwant ek wy binn' dyn boartsjen sêd. Wy meitsje dy Kening fan de stêd!’ En narjend treaune hja de kroan, Mei tûken, hurd en wreed as hoarn, Yn toarnen fan forachting wuolle, Him skerp en skeinend op Syn holle. Sa stie it bern nei wyld getsier Ta wrede hún de kroan op 't hier. Dy 't earder striele roazegloed: Nou farve 'r Him mei poarperbloed. Vorige Volgende