| |
| |
| |
F.J. Bergstra:
De oerwinning fan de demokraty
Hitler is dea, mar syn lûd is ûs noch net forgetten. Ek net dat iene ‘wiere’ wurd, dat er op it hichtepunt fan syn macht him ris ûntfalle litten hat, doe 't er op in sûmber, mar helderrsichtich stuit sei: ‘Nei dizze oarloch sille der gjin oerwinders en gjin oerwounen wêze, mar inkeld oerlibjenden’.
Dat wie sahwat syn ienichste útspraek, der 't ek syn fijânnen wol oan woene, hwant dat de moderne oarloch gjin winst en allinne mar algemien forlies opleverje kin, dat wie fan it bigjin om 't ôf binammen hàrren dúdlik, dy 't dizze oarloch nèt bigearden.
Mar wie dy útspraek wier? Is by alle forlies en by alle forwurding dan net dat greate geastlik bisit fan de alliearre folken, de demokraty, mear as in oerlibjende yn in skûlkelder? Is hja net yn wierheit oerwinster? Hat har krêft de bisieling dy 't hja joech oan de legers fan de foriene folken en oan de technici efter de fronten, de draek dan net forslein? It is dan net yn har namme, dat nou rjocht sprutsen wurdt oer de sadisten fan it Tredde Ryk, de boalen fan de concentraesje-kampen?
Né, sizze forskate foarsichtige waernimmers, dy 't yn it úten ynlânske politike waer sjogge. De fyân is forslein troch it Ingelske fordiel- en hearskje-prinsipe, dat gjin greate macht yn Europa duldet, troch it Amerikaenske kapitalisme, dat syn winstnimming bidrige seach, troch de Sovjet-Russyske totalitaire steatsmachine, dy 't syn plannen ta de wrâldrevolúsje troch it anti-kominternboun trochkrúst achte. En binammen, net it fascisme en it nationaelsocialisme en it Shintoïsme binne troch de demokraty, troch kristendom en humanisme biskamme makke, mar greatmachten binne troch greatmachten delslein, dy 't sterker wiene. En sjocht men binnenlânsk, hwer stiet dêr de demokraty yn eare? In autokratysk regear dat gjin haest hat om de normale parlementaire forhâldingen wer op to rjochtsjen; yn it muoisume opbouwurk in ûncontrolearber
| |
| |
amtlik gewrot yn it forburgene; suvering en birjochting ien ûndergrounske tsierderij. Is dit nou de triomfearjende demokraty, de ynset en it resultaet fan Radio Oranje en de illegale parse?
Is it faeks net better, om op al dizze fragen mar gjin andert to sykjen? Hwant der mei yn dizze swartgallige skôging al folle wiers wêze, hja hâldt dochs net foldwaende rekken mei de forbjusterjende tsjinstridichheit en complexiteit dy 't alle libben en alle skiednis mar foaral it moderne libben en de alderjongste skiednis eigen is. Sûnder mis hawwe in fûle bilangestriid en in krasse machtsbigearte it materiael en de krêften levere dy 't de útslach fan de oarloch biskaet hawwe, mar dochs is it net minder wier, dat it ek yn de heechste mjitte in ideologyske oarloch west hat, folle mear as men mei de skiednis en de eftergroun fan de earste wrâldoarloch foar eagen forwachtsje mocht. Dy foarige oarloch, mei it démasqué fan syn tuitelige fredesfordragen en de ûnthullingen oer syn brutael-kapitalistyske driuwfearen hat oer gâns geasten in wurge skepsis brocht dy 't wûnderbaerlikernôch yn 'e mande mei in ûnbiroaid optimisme oer de goedens en ealens fan de minsklike natuer in bisiden de wurklikheit steand pacifisme yn it libben roppen hat. Dy al to roazige dream is ús nou wol ôfgien, en it is krekt oan it ideologyske elemint, dat dizze lêste oarloch allinne mei de godstsjinstoarloggen fan de 16e en 17e ieu forgelykber makket, dat it pacifisme yn syn boargerlike foarm ûndergien is. En dan kin it by alle forlies oan guod, bloed en illúzjes noch in winst wurde, as de polityk nei '45 earliker foar syn doelstellingen útkomt, en de minske mear bigryp hat fan syn instinkten as nei '19.
Mar, tajoun dat dizze oarloch ús boppe de forwachting yn it hert rekke hat, is it dan wierliken de demokraty dy 't ús sa waerm makke? Of hâldt de winst oan earlikheit, hjirboppe oantsjut, ek yn dat wy ús heechste polityk ideael suverje en sanearje, en it oanpasse oan ús nij niveau, ús legere geastlike horizon?
Is faeks ek de demokraty in to heech steld ideael, der 't wy de earste jierren mar leaver net oer prate moatte, lykas Bevin oanrette yn syn forneamde maidenspeech as foreign minister, of is it soms sels ús ideael net mear, efterbleaun as it is by de
| |
| |
hegere easken, dy 't wy oan de maetskippij fan de takomst stelle? Hwant it is elk wol dúdlik, det de maetskippy fan de takomst oars wêze moat as dy fan it forline, en dat dus ek de demokratyske idé, wol hja foar de takomst like fruchtber wêze as foar de tiid dy 't efter ús leit, foar in diel in oare ynhâld krije moat, riker faeks, mar faeks ek earmer.
Wy sille ús der mar net to drok oer meitsje oft it forstânnich of rjochtfeardich wêze sil om dizze swierbilêstge, hjir en dêr ek kompromittearre flage, op de kommende steatsidé oer to dragen; lit ús leaver ris sjen, hwat yn de klassike demokraty, lykas dy to uzes oan 1940 ta jildich west hat àl en hwat yn har net bifrediging jowt oan ús foroare smaek. It is nijsgjirrich om dit to dwaen oan de hân fan de iepenings-liturgy fan Radio Oranje yn oarlochstiid, de stim fan Stridend Nederlân, foar frijheit, wîerheit en rjocht. Hoe stiet it yn de demokratyske oerlevering mei frijheit, wierheit en rjocht, en hoe moat it dêr yn de takomst mei stean?
De demokraty, sa 't wy har kennen leard hawwe, is in bern fan it liberalisme fan de 19e ieu. Ek fan it humanisme, mei syn leauwe yn de wearde fan de minske (syn nominale, ideéle wearde, net syn reéle, empiryske wearde), mar histoarysk, alderearst fan it liberalisme, dat lykwols sels net fan dat humanisme los makke wurde kin. En dan binammen fan it liberalisme as it systeem fan de yndividuéle frijheit. Soks docht ek al bliken út it wichtige plak dat de forneamde grounrjuchten yn elke demokratyske wetjowing ynnimme, en dy 't yn de Nederlânske grounwet ek dúdlik fêstlein binne, al steane hja dêr net sa tige oersichtlik byinoar. Om de wichtichste to neamen: alle steatsboargers lyk foar wet en rjocht, frij yn de biskikking oer har persoan en bisit, yn de kar fan har birop en wenplak, yn de bilidenis fan har leauwe en de forfolling fan har godstsjinstige plichten. Frijheit fan foriening en gearkomste en frijheit fan mieningsutering binnen de grinzen fan de iepenbiere oarder en de earberheit, dus in frije parse sûnder preventive censuer, mar efternei forantwurdlik foar har uteringen. En binammen in ûnôfhinklike rjochtspraek, mei in foar it libben bineamde en fan gjin regear ôf to setten rjochterlike macht. Dit binne allegearre fruchten fan it liberalisme, as men wol fan it humanisme, en it soe foar gâns
| |
| |
moderne politici en historici soun wêze as hja hwat minder blyn wiene foar de greate bitsjutting, dy 't speciael de Frânske Revolúsje foar it ta jilding kommen fan dizze grounrjochten hawn hat.
Njonken dizze grounrjochten komme dan as wichtichste demokratyske ynstellingen de constitutionéle regearingsfoarm en it parlementarisme; de ûnskeinberens fan de kening, de ministeriéle forantwurdlikens, it swiertepunt fan de wetjowing by de folksfortsjinwurdiging, it rjocht fan initiatyf, interpellaesje en enquête, it algemien aktyf en passyf kiesrjucht. Al dizze rjochten binne yn de groun fan de saek frijheitsrjochten en hja binne ek yn har historyske ûntwikkeling de frucht fan in jierenlange, somstiden sels ieuwenlange frijdomsstriid. Hja binne yn in lange emancipaesjebiweging stap foar stap de fan natueren despotyske oerheden ôftwongen, en de liedende idé by dit alles hat west dy fan de individuéle, de persoanlike frijheit. Liberté, égalité, fraternité; mei neat fan de greate, trijedielige leuze fan de Frânske Revolúsje hat de politike demokraty fan de 19e ieuw safolle earnst makke as mei de frijdom.
Wy hawwe dit, en it is ús skande, net altyd op de rjochte wearde skat. It is der mei gien, lykas mei alle minsklike bigearten en idealen: doe 't it doel ienris birikt wie, kaem it ús lang sa moai net mear foar as it earst út 'e fierte like hie. Oeràl brocht as wy wiene troch de need fan de tiid, hawwe wy de greate wearde fan it demokratyske systeem, mei syn skieding fan wetjowende, útfierende en rjochterlike macht, hwertroch it better is as elk noch sa goed autokratysk systeem, net goed yn it each hâlden. Sa stoarren wy ús blyn op syn swakte dy 't deryn lei, dat it de evolûsje fan de maetskippij net lyk hâlde koe en yn de geweldige ekonomyske en soasiale struktuerforoaringen fan de 19e en 20e ieuw, en hwat syn elektoire kant oangiet, fêstrekke is yn it partijsysteem. It gefolch wie, dat de hiele, sa kunstich opsette machine yn somlike lânnen as warleaze bút in demonyske massabihearsking yn hânnen foel, dy 't hiel oare doelstellingen neijage as rjochtfeardichheit, al joech hja dêr bytiden noch sa heech fan op. De hunende wurden fan de deafijân, dy 't al nei it yn syn kream to pas keam it parlementarisme forspei of de
| |
| |
‘wiere’ demokraty tsjin de plutokratyske machten yn biskerming naem toetsje ús jit yn de earen. It hat syn goede kant, dat dit bard is, wy sille tonei better op ús iepenst wêze en ús net sa gau wer fan ús stik bringe litte.
Lykwols, njonken it ljocht stiet ek skaed. De likens fan alle steatsboargers foar rjocht en wet stiet wol yn ús grounwet, mar dermei is de égalité noch gjin feit. Gelike bineamberheit ta alle steatsamten bistie yn gâns opsichten inkeld op papier, berte en kroade wiene ek yn Nederlân noch faken al to reéle machten. En nou moat men net oankomme mei de flauwe aerdichheit, dat de minsken yn wierheit, noch natuerlik noch boppenatuerlik, net lyk binne. Dat wit elkenien, mar dêr giet it hjir net om. Gelike kânsen by gelikense erudysje, capaciteiten en karaktereigenskippen, dat is it hwat gelikens foar rjocht en wet bitsjutte moat, mar de praktyk by de beneaming bygelyks fan net-keazen magistraetspersoanen as kommissarissen, boargemasters en rjochters en by de diplomatike tsjinst kaem der lang net oan ta. Ek it demokratyske Nederlân hie op syn manear syn tradysje fan ‘Eton and Oxford, tophat and tailcoat’. En hwat woe de steat dwaen om de mindere man safier to bringen dat er syn slomjende talinten ta ûntwikkeling bringe koe? Ho stiet it mei it ûnderwiis oan it folksbern, ho stiet it mei de forkearsforbiningen fan doarpen en lytse stêdden en fan hiele provinsjes dy 't it ûngelok hawwe dat hja net yn it centrum lizze mar oan de rânnen? En hwat waerd der dien foar de ekonomyske ûntwikkeling fan dyselde rânnegebieten, hwat waerd der dien foar it plattelân en foar de boer? Al dizze fragen wize tobek op like folle bittere erfaringen, en hja binne de oarsaek dat wy it lofliet op de demokraty al forskate toanen leger sjonge as bygelyks fyftich jier forlyn. En, bûten de direkte bimuoiing fen de oerheit, lykas dy oan 't nou ta wie om, hoe stiet it mei de ekonomyske en sociale demokraty yn de bidriuwen? Hwat waerd der dien foar in minsklik bistean foar de arbeider, foar syn arbeidsfreugde, hwat waerd der dien om him syn forantwurdlikheit yn
wurk en bidriuw biwust oanfurdzje to litten? Hwat kaem der fan de fraternité, de broerskip fan minske en minske, yn de praktyk fan it maetskiplik libben torjochte, mei syn striid fan elkenien tsjin elkenien oars? Like net folle mear Hobbes
| |
| |
gelyk to krijen, mei syn homo homini lupus, de minske is foar syn meiminske in wolf?
Dêrom en sadwaende, de ûntjowing fan de maetskippy easket regelingen en oarderingen dy 't boppe de klassike, liberale demokraty útgeane. Wy kinne mei it primaet fan de frijdom net mear ta, as dy frijdom ek it frij ynhâldt om ús foardiel nei to jeijen op kosten fan ús meiminsken en har yn har minskheitsrjochten tonei to kommen. Dan moat de frijdom as heechste ideaal de flage strike foar it rjocht, dat boppe de frijdom útgiet. Dan moatte der út it humanisme consequinsjes lutsen wurde dy 't it liberalisme efter har litte, en dan meije wy der sels net foar oan kant gean, dat dy forspijde en forwijde Frânske Revolúsje, mei hjar sûndige leuze fan égalite en fraternité, sociael yn deselde rjuchting wiisde as dy Iene Master, dy 't ús allegearre bruorren hiet to wêzen. Hûndert, hûndertfyftich jier forlyn wie frijheit it earstnedige en de honger dêr ta net minder as ta brea, sadat hja de gelikens en de broerskip as har gefolgen omfette; nou is de broerskip de liedende rjochtsidé, dy 't de gelikens ynslút en de frijheit ta consequinsje en bitingst hat, mar er biskaet en bigrinzet.
Sa is dus sûnt de tiid fan Thorbecke it accint forskoud fan de frijdom nei it rjocht, alhowol it deselde saek en deselde ûntwikkelingsrige bleaun is. Mar Radio Oranje kaem net allinne foar frijdom en rjocht op, mar ek foar de wierheit. En hoe stiet it dermei yn de demokraty?
‘Du choc des opinions....’; it Frânske sprekwurd wol der op út, dat út de botsing fan de fakentiden tsjin inoar stridende mieningen de wierheit fansels foar it ljocht komt, en foar it optimisme fan de 19e ieu spruts it fansels, dat elk dy wierheit dan ek oannaem en him deroan hâldde. Ek de âlde Fryske wetten skreauwen de folksgearkomste foar, as immen hwat betters wist, dan soe men it bettere foar kar nimme en it mindere farre litte. Mar komt it parlemint altyd wol ta de wierheit en is it bislút, dat op it lêst nommen wurdt, wol it bêste, sels ek mar it bêste yn de mûglikheden fan in biheinde en sûndige minskheit? De krityk dy 't Plato troch de mûle fan Sokrates útsprekt oer de Atheenske demokraty fan syn dagen mei neffens de greatte fan de doetiidske misstânnen net alhiel op syn plak wêze foar ús demokraty oer; yn principe
| |
| |
jilde syn biswieren ek nou noch. Hwant de demokraty bislút yn beide gefallen troch stimming, en hoe kin de wierheit ea troch stimming fêststeld wurde? It wierheitsgehalte en de rjochtfeardichheit fan in biskate miening wurdt der neat greater of lytser fan oft hja oanhongen wurdt fan 1, 49, 51 of 99%. Ek de mearderheit kin dwale en hja docht it hyltydwer, en de dwaling wurdt mei de ynstemming fan de mearderheit net lytser, mar earder greater en gefaerliker. Yn it bêste gefal kin men sizze dat de wierheit in greatere kâns hat by de mearderheit as by de minderheit, mar it is de frage oft dat wier is. De wierheit en de rjochtfeardichheit kin allinne útmakke wurde troch in suvere redenearring op groun fan suvere praemissen, en dat slagge sels Sokrates net altyd. En hwat parlemint soe him ûnder de lieding fan in Sokrates deljaen? De greatere kâns dy de wierheit ûnder in demokratysk regime hat leit yn haedsaek net by de folksfortsjinwurdiging, mar by de frije mieningsutering. It parlementarisme komt net boppe it relativisme út, en dan makket it noch net ienris de minske ta de mjitte fan alle dingen, mar de measte minsken. En it komt meastentiids net ienris boppe it nihilisme út, dat leart: wier is, rjocht is, hwat my, de mearderheit, wier taliket, rjocht taliket, mei fakentiden opsetlike ûnforskillichheit foar rjochtsgroun en wierheitsgroun.
Dit alles is gjin trochslaend biswier tsjin it parlemintarisme, mar it stimpelet de folksfortsjinwurdiging ta in bilangeforstjinwurdiging, ek al binne de partijen noch sa op hillige principes en ivige ordinanty's grounfêste. Stelle wy dus ek hjir wer ús idealen net to heech, dan sil in parlemint in tige brûksum instrument wêze. Mar dan moatte wy tige op ús iepenst wêze, en de consequinsjes fan dizze legere weardearring net út 'e wei gean. De oerhearsking fan in folk troch in ienling en fan in mearderheit troch in minderheit is tyranny en ûnrjocht, mar de bihearsking fan in minderheit troch in mearderheit is likegoed tyranny en ûnrjocht. Dit liet de praktyk fan de demokraty yn ús parlementair forline hyltyd wer sjen, mar yn in nije maetskippijoarder dy 't ûnder it primaet fan it rjocht stiet mei soks net bistean. Wy kinne sa 'n tàstân noch it bêste sa weardearje, dat it de kâns op revolúsje sa lyts mûglik makke, hwant de kâns op succes soe minimael wêze
| |
| |
foar in minderheit, dy tsjin in mearderheit yn opstán kaem. As de bilangestriid yn it parlemint neat oars as machtsstriid is, dan is it ûnrjocht permanint.
Op dizze foet is der mar ien bifredigende oplossing mûglik. Men moat it oer in hiel oare boech smite, en de nije steatsmachine fan it bigjin om 't ôf derop ynrjochtsje, dat elke minderheit safolle mûglik har eigen saken birêdt, sûnder fan in mearderheit oerhearske en neiriden to wurden. Dit easket it rjocht, en sels de normale opdracht ta selswurksumheit foar elke lytsere mienskip, dy 't hwat eigens hat, en dan binammen net allinne neffens it bistjurre korporative skema, dat hjir en der jitte, as ûnsillich erfskip fan de fascistyske ideologyen yn guon hollen omtoarket. Hwant oft it nou bidriuworganisaesjes, regionale mienskippen of stamforbânnen binne, al dy ‘rounten’ hawwe yn in rjochtfeardige decentralisaesje har eigen souvereiniteit, dus ek har eigen autonomy en har eigen wetlik foech. Hjiryn leit ek de iennichste utwei út it driigjende gefaer fan jimmeroan tanimmende amtnerij, in forlamjende bongel oan de foet fan it ekonomysk en geastlik libben. Hwat tichte by hûs organisearre wurde kin, mei net út Den Haech wei bureaucratisearre wurde. Sa leit de decentralisaesje yn deselde line fan rjochtsgroei en maetskippij-ûntwikkeling, dy 't ek it liberalisme en de demokraty yn it libben roppen hat. Allinne sa is it mûglik, tagelyk mei it rjocht ek noch in stik frijdom to rêdden.
It mei de frage hjitte, oft dit alles noch ûnder it wurd demokraty biflapt wurde kin. It is myn frage net, mar sil ‘demokraty’ foar de takomst in ideael en in noarm wêze, dan moat har ynhâld yn de boppeomskreaune sin útwreide, forrike en fordjippe wurde. Dan sil, as wy de bitsjutting fan it wurd as folksregear trou bliuwe wolle (fan it folk, foar it folk en troch it folk) it swiertepunt radikael forlein wurde moatte fan it centrum nei de periphery. Dan mei de demokratyske steatsynruchting net langer, lykas oan 't nou ta, de motor wêze fan in hyltyd tanimmend centralisme, dat regear en folk al mar fierder út inoar driuwt. Dan sil tominsten regear troch it folk sels yn it earste plak socht wurde moatte yn de lytsere mienskippen, hwant yn de greatere is dat net mear bisteanber. Allinne dan hat de demokraty yn en troch dizze oarloch woun.
| |
| |
En as dit nouris net bart, as de idé fan de demokraty net linich genôch is ta dizze fornijing, as hja keppele wurdt oan in conservatisme dat de natuerlike ûntjowing mient opkeare to kinnen of oan in nij totalitárisme, yn syn wurkwize like ûncontrolearber as yn syn doelstellingen? Dan meije de deaden har deaden biierdgje, dan hat de demokraty de oarloch forlern, dan sil hja de oarloch net iens oerlibje en moat hja sels oerwoun wurde.
|
|