De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 341] [p. 341] O. Postma: Aprildei O koele April, o ljochte dei, O al hwat bloeit en blinkt, As hospes Noarman út syn krûk It jong forhûgjen skinkt. De einen op har rimpelflak Bistribje strangste lyn, De jerkenekke yn breidfearts glâns Hat bôge' edelskyn. De jonges drav' de wegen út, Utswerme yn 't ljochte hjoed; Hja sitt' net tsjok yn har textyl, Mar gloarje yn foarjiersmoed. Ald man forjit syn lef bistean, - In feint fan tweintich jier! - Al libben spul komt op him ta; Giet koel' swolchs krêft sa fier? [pagina 342] [p. 342] O. Postma: Iepen-wrald dichters Sa hjitte, haw ik lêzen, de dichters dy 't rounom mar oer dichte kinne, En dy 't net sa folle jowe om rym en om mjitte; Ommers, de wrâld leit foar har iepen en op it heech muzykjen hoege hja net to wachtsjen. Yn Hollân by de lêste generaesje (om 'e tsien jier dy, wurdt er sein) skine hja net to wêzen; Mar ik, op myn âlde dei, soe der foar útskolden wurde kinne. Ik kear de skiente ek net by my wei Mar it skiene byld hat wol sa folle op mei myn jonge, heechrikkende, freon mei de earnstige eagen, En ik doch it wol mei de âlde printen dy 't myn jonkheit ljocht makke hawwe. - Forware hingje hja oan 'e muorre, of bitomke sitte hja yn in skoalboerd - Mar dy 't tocht hienen dat de poëzij har net kenne woe, Komme nei my ta om har freugde to sizzen. En de wrâld leit iepen om ús hinne. Dat is de ierde, dy 't ús fuotten bitrape hawwe, ús hannen biskeard en bidold. Dat binne de eleminten, fjouwer, dêr 't wy mei boarte hawwe en wraksele. Dat is it libben út 'e ierde fuortkomd, lyts en earmhertich, great en gloarjend. Dat binne ek ljocht en tsjusternis, dea en ûneindichheit. En dan mar de iene sjonge en de oare stammerje. Vorige Volgende