Mar op in stuit komt it freegjen (of it komt net, fansels, omdat net alle geasten de gelegenheit krije om út 'e primitiviteit wei to brekken en ek mannich geast by hwa 't dit al it gefal is de nije ynstelling net dichterlik realisearje kin út poëtysk ûnformogen; yn alle gefallen, it kìn komme, troch in uterlike of ynwindige, faek tafallige oanlieding, in stjit, in skok), it bisef dat alle foarkanten oan in efterkant fêstsitte, dat in mins, alteast in dichtsjend mins op 'en dûr mei konstatearjen net ta kin, mar dat er diminsjes sykje moat, dat der in problematyk is. Dat momint, dy skok is de oergong (faek oan 'e bûtenkant amper merkber) fan de dilettant ta de fakman, fan de folksdichter ta de ‘serieuze’ dichter. En hwat dan Schurer syn Wytse Jâns of Iebele Durks oanbilanget, - as de dichter der foar stiet problemen of in probleem forarbeidzje to moatten, dan kin men yn ienen wol sjen dat it fan Douwe Annes of fan Freark Wigers wêze moat, dan wurdt de dichter syn persoanlikheit wekker en it eigene dat er oan en yn him hat fynt syn wearslach yn in eigen technyk, askint en taelgebrûk. Men priuwt de dichter fan fierrens.
It moaiste foarbyld yn ús Fryske litteratuer fan in stadige mar wisse oergong fan folksdichter ta ‘dichter’ tout court fine wy wol yn Obe Postma, dy 't de ûntwikkelingsgong ta de ein gien is en hwaens dichterskip driget yn de problematyk tonûnder to gean. Mar ek Piter Jelles syn ûntjowing is ûnforklearber sûnder de oergong, de ‘skok’, dy 't him fan folksdichter ta soasjael dichter makke. En miskien is ek it bisykjen fan Kees Jongsma (de iennichste jongere ûnder de folksdichters dy 't P. Terpstra yn syn karlêzing in plak weardich achte hat) om ta hwat oars to kommen yn syn letter wurk, in weardefol foarbyld fan in foarlopich, en faeks ek, hwa sil it sizze, forgoed op ûnmacht ta poëtyske foarmjowing ôfstuitsjend experimint, dat dêrom allinnich al wurdearring fortsjinnet, as men it forliket mei de bliermoedige trou dêr 't F.J. de Zee en oaren elke wike wer har smoutichheden mei op it ‘folk’ loslitte.
Hjiroan lit him ek maklik sjen dat it wurd ‘folksdichter’ wierliken net sa dom foun is as de hear Schurer ha wol. It is wier, ek de serieuze dichter skriuwt graech ‘foar syn folk’ of ‘foar it folk’ (dat winliks op 't selde delkomt), al sil er