De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 349] [p. 349] Geart Jonkman: Hora est Jo biidzje Hear ik kom jo yn 'e mjitte mar 'k bin sa jong... Dêr bloeit de flear en lit my net forjitte 't flammich wynsel, suver om 'e nocht lâns d'himel lutsen; wûnder skynsel yn Jins strieljend ljocht fan prisma brutsen. Ik kom, de lêste gong falt lykwols swier. Mij bynt in faem, har ranke least en eagen fan flewiel - de wrede raem fan fleis en geast en 't spjalten fan de siel - mear as de pracht fan orchidé en anjelier èn fan Jins stjerrenacht, casette fan jewiel... De brune ré leit yn it bosk to sliepen. O lit my op dit sté, mar hâldt Jins poarte iepen. Vorige Volgende