D.A. Tamminga:
Unrant yn Fryslan
Petear mei God. Fersen fan Gerryt Tsjerks Kooistra. Utjefte: T. Wever Frjentsjer 1946.
Dit skriftuer, dat in Frjentsjerter útjower op bêst papier en yn twa kleuren útfierd de wrâld yn stjûrt en dat de skriuwer neffens de ûndûbelsinnige ûndertitel Fersen neamt, kin men mar ien kant mei ut: de kant fan de papierkoer. Men kin it trochlêze, jin bisauwe en gnyskjend oergean ta de oarder fan 'e dei. Mar dit is gjin brosjure oer Fryske anneksaesjeplannen, gjin reklameboekje foar in dieredei, gjin útnoeging ta in houseparty fan anthroposofen. Dit is in bondel fersen. In bondel Fryske fersen, dy 't de pretinsje hat litteratuer to wêzen en dy 't jin troch de skyn fan serieuze, trochlibbe poëzij ferget op in bioardieling.
Wol men gjin bilies jaen foar de sterke forlieding en forfal ta bittere sarkasmen, dan kin in krityk op dizze fjirtjin kreas biprinte bledsiden net oars wêze as in protest tsjin de wansmaek en de profany.
Foarearst is dêr it wansmaeklike om op in sabeare-djipsinnige en ‘litteraire’ toan in birime forhanneling to skriuwen oer jins biswieren, net tsjin de geast fan 'e ieu, mar tsjin de daverjende dingen fan ús dagen, lyk as: baentsjejagerij, jildsucht, selsfoldienens, kanadezebreiden, yntellektualisme, poepehaet en de hjoeddeiske spjalting yn 'e ‘Gereformeerde Kerken in Nederland’. Lêstneamd konflikt wurdt dan werjown yn sokke strofen:
Hwant sûnt Jo Poep en oardiel fan ús namen,
Giet oer ús hûs it slimst fan alle dramen,(!)
Sûnt swarre wy by frij en sinodael
En alle divels dogge mei yn dit skandael...
In oar skandael, as it forbliuw fan 'e Alliearre troepen yn ús lân, wurdt nochris oeralhelle mei dizze fyngefoelichheden: