De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 322] [p. 322] Sjoerd Spanninga: Krysttiid 1946 Wy drage húv'rjend op ús hannen It rjocht fan de fortwiveling, De flam bliuwt as in frage brannen It jier roun en syn wikseling. Us leauwe is in simpel fers, Sa slacht in bern de eagen iepen, Mar lyk as dauwe fan it gers, Dript ús de nacht noch lâns de sliepen. 't Unnoazel lok waerd brutsen sulver, En al it leed togrúz'le goud; De waensin broazele ta polver De pylders út de wysheit houd. Wy drage húv'rjend op ús hannen It rjocht fan de fortwiveling, De flam bliuwt as in frage brannen It jier roun en syn wikseling. Vorige Volgende