De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 321] [p. 321] [Nummer 12] F. Donker: Advent Jezus, hifker fan myn hert, Glimker om myn geast, Witst myn need en djipst forlet, Leavest my it earst. 'k Tocht, dat 'k bûten dy wol koe, 'k Socht myn eigen spoar. Mar as 'k dy ûntrinne woe Wiest my altyd foar. Ier en let wie 'k ûnderweis, Skoftich, nearne thús. Mar oer d'ein fan elke reis Falt it skaed fan 't krús. Libbenswetter, roer en seil, Amme en wyn fan God, Jezus, hoeder fan myn heil, Lieder fan myn lot. Vorige Volgende