De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 319] [p. 319] Sjouk Koopmans: Unrêst Ik wit, hja hat bysûnder blauwe eagen der leit in wûndere glâns oer 't ljochte hier, hja sjocht er út as ien dy 't alles weage ús beide bern boartsje tofreden oer de flier. En lyk as j'immer geurje swier de roazen, de rook komt ta de iepen finsters yn. Lyk eltse simmer kleurje de framboazen, lústerje de linebeammen yn 'e lije wyn. Wol stiet ús hûs mank oaren yn 'e rige in faeije festing, foar gefaren blyn! Nea hat sa'n fijan dit bistean bidrige en kaem sa ûnforhoeds de doarren yn. Mar fûlder jit en dochs net mear to kearen it is dyn langstme nei in nije dream, yn 'e gong der dagen amper to fornearen, dat dy oermasteret as in sterke stream. O ja, hja hat bysunder blauwe eagen, der leit in wûndere glâns oer 't ljochte hier, hja sjocht er út as ien dy 't alles weage ús beide bern boartsje tofreden oer de flier. [pagina 320] [p. 320] De dichter thús It dichterskip is in riskant geniet Hwant o, dejinge dy 't jin nei besteane! (nei Tamme Tysker). Myn soan noust wolris in ferske makkest dat printe wurdt, slachst op 'e greate trom; biweechst dy jerne yn kulturele centra, dyn âlde kunde sjochst net mear nei om. Jim mem en ik kin op gjin fiemen meidwaen en literaire smaek dat ha wy net in krom. Hwat kinstû smeulsk oer Waling Dykstra prate, wy sneupe jerne ris yn syn dichtwurk om. Sa nou en dan giest ek al út to sprekken en dû bringst it jitris fier, seit Hindrikom; dû lêst in bulte frjemde slimme boeken, yn it libbensboek sloechst jit de earste siden om. Myn soan wy sille dit forduldich drage, de minste sjippe jowt it measte skom. Nou hat it libben noch foar dy gjin inkle frage, ast âlder bist dan lakest hjir hwat om. Vorige Volgende