blemen, mei goede en tsjoede eigenskippen, hja hawwe neat marjoneteftichs mear. De aloan oanwinnende hate tusken boer Haitze en syn ûngetiders is in echt minslike hate tusken yndividuen dy 't dochs net minder binne as trochsneed, en in gefolch fan echt minslik misforstean. Haitze Holwerda, dy 't de measte skuld draecht, is krekt dejinge dy 't better witte kind hie, dy 't by 't einsluten ek better wit, en dêrom mei de straf út God's hân diel kriget oan 'e ivige formoedsoening en genede, dêr 't er op hope hat.
Nei dizze yn alle opsichten greate roman stelle de koarte forhalen, bondele yn ‘De Rook fan it Lân’ jin hwat toloar. Wol fine wy ek hjir de hiele Van Houten werom mei syn libbenswiisheit, syn taelbihearsking, syn dichterlike vizy, mar dizze anekdoaten binne to anekdoatysk bleaun. Men kin der eins net folle mear fan sizze as dat se wol aerdich binne, en frâl net min, hwat foar in bigjinnend skriuwer lof genôch ynhâlde soe. Van Houten hat lykwols biwiisd dat er mear kin.
In útsûndering moat men meitsje foar it foarste forhael ‘De Beam’: de tekening fan de âld boer, dy 't jit ienris it oplibjen fan de natûr sjen mei, ear 't er yn 't lyk mei libben en dea ‘ta de ivige simmer’ tsjocht, is sa seldsum knap, dat de bêste fragminten fan ‘De Sûnde’ der mar krekt tsjin munsterje kinne.
Van Houten's lêste útjefte yn boekfoarm is ‘Ein fan 'e Mars’, in forslach út de fiif oarlochsdagen yn 1940. It algemien biswier tsjin dit boekje is it tokoart oan spannend bilibjen: de lêzer fynt hjir net hwat er forwachte hie. Nou sil it ús lêste wêze de skriuwer soks to forwiten, mar men freget jin dochs ôf of it genre ‘oarlochsliteratuer’ it sûnder sinsaesje wol stelle kin. As dit boekje eat biwiist, dan is it wol dit: dat oarlochsliteratuer Van Houten's genre net is. Mar hie it wol nedich west soks to biwizen? Van Houten hat yn dy fiif Maeijedagen hast neat bilibbe; ek hat er to earlik west om der hwat by to ligen. Risseltaet: in yn knap frysk skreaun forhaeltsje dat jit krekt net forfeelsum is, om 't it hwat dichterlik sjen en psychologysk fielen oanbilanget fier boppe in protte soartgelikense skriuwerij útstekt. It iennichste dat ús fierder to sjen jown wurdt is de folsleine bitizing yn it Nederlânske leger, en de hearlike ûnwissens fan hwat de jierren nei dy needlottige