De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 312] [p. 312] Sjoerd Spanninga: Midsieuwen (Houtfyk) In iensum ridder hat it brún habyt oantein, En yn syn kalme hân teikent de goezzefear Mei wisse, wûndre halen op it bargelear De wijde wirden as op âld en djûr porslein. It lytse glês heint oan de loft it sinnefjûr, En yn it herte streamt in stil en klear gefoel, Lyk as in fonte fol rint fan syn hillich doel; Hwa't nea bilies jowt, kin dochs God net oer. Joun lizze de bigearten har biskamme del, De wylde bruijer en de pronkklean hawwe út, Hwant bûten is de wrâld, de leagen en de hel. Ho ynlik hat de siele dizze frede winske! Der gloeit in himelske genede troch it finsterrút: In oare leafde knibbelt yn in nije minske. Les Miserables Wy doarmje biklomme oer kreakjende fjilden, It libben dat huvert ús griis. De lêste yllúzje, dy 't minsken jit fielden, Leit neaken en bleat op it iis. De dagen en nachten binn' snijende kâld, Wy sjugge ús dreamen bifriezen. By gjin doar en drompel fine wy hâld, Men skoudert ús faek as healwizen. Op tûzenen lippen biet der in bea, Yn tûzenen eagen stean triennen. De hongertocht siket it heil fan 'e dea, Mûlen ite de snie fan 'e stiennen. [pagina 313] [p. 313] As der in God is (mar wy witte it net), Al moatte de preesters it leauwe, Dan hat dy de Divel wer yn (ha wy heard), Hwa doar it bistean en wol kreauwe? Wy stjerre soms samar by hiele risten, Dat hat byâlds de wizânsje west. Hwant earmen hawwe it minder as bisten, De soarch bynt har de milriem fêst. Wy doarmje biklomme oer kreakjende fjilden, It lijen dat huvert ús griis. De lêste yllúzje, dy 't minsken jit fielden, Leit neaken en bleat op it iis. Vorige Volgende