De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 311] [p. 311] Klaes Dykstra: Noch draeit de ierde... Noch draeit de ierde rêstich om 'e poalen En rint lâns himelbaen de sinnewein. Yn 't perkje soeije sêft de gladioalen En 'k haw dy fûl myn djippe leafde sein. Mar ûnrêst leit yn alle dwaen forhoalen; Men wyt: ien striel en alles wurdt ta stôf... Noch draeit de ierde rêstich om 'e poalen, Foreale douwen koere yn it hôf. Ik liz myn hannen beevjend om dyn wangen, In stil bigripen glinstert dy yn 't eech. Jit stiet de beker fol fan swiet forlangen; Dy drinke wy to-joune skraechwurk leech. Vorige Volgende