De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 310] [p. 310] Inne de Jong: Kwatrinen fan Omar Khayyam XI. Dêr 't fan in Caesar 't bloed sonk yn de groun, Dêr wurde wol de readste roazen foun, En hwa wit, hat de rike hyacinth Har gloede net út leaflike eagen woun? XII. En dêr 't dit ljocht, swietrokich krûd nou groeit, Dêr 't wy yn lizze, fan de stream bifloeid, O, wês hjir hoeden, fanke, en bitink: Faeks is it út de leafste lea opbloeid. XIII. Dêr 't wy nou sjonge, ha hja sjongend stien, Dy 't fan Tiids risping d' allerleafsten wien', Hja ha de romer lege in kear of hwat En binne stil de greate nacht yngien. XIV. En oer har grêven bloeit de simmer nij, En dêr 't har stof leit, dounsje en frije wy. Hwa, as wy ienkear lizze yn de groun, Hwa frije dan op 't grêf fan dy en my? XV. O, fier de dei en nim syn jeften oan, Foardat ús stof ta stof keart; nim se oan, Foardat ús stof yn 't stof leit, sûnder wyn En sûnder sang of sjonger, sûnder moarn. Vorige Volgende