De Tsjerne. Jaargang 1
(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 298]
| |
F.J. Bergstra:
| |
[pagina 299]
| |
neamde handige boekje fan Prof. RümkeGa naar voetnoot1). Troch de ûnderskieding fan de forskate lagen fan it karakter (de matery, of it totael fan ûnforoarlike, oanberne jeften, it temperamint, hwerfoar ek dizze skriuwer it skema fan Heymans folget, en de kwaliteit, of it gehiel fan de doelstellende driuwfearren) is in structuer-psychologyske biskriuwing fan de Fryske minske mûglik makke, hwertroch ek stribbe wurde kin nei in ynsjoch yn it forbân fan de forskate karaktereigenskippen ûnderinoar. Hwat it earste punt, de matery fan it karakter oanbilanget, uteret Koek him tige hoeden en stimt er de oare skriuwers allinne mei foarsafier 't hja de Friezen in intellekt boppe de midsmjitte taskriuwe. Neffens de temperaminteyndieling rekkenet er de Fries ta it emotionele, net active type, ‘gekenmerkt door een sterke gevoeligheid, vertraagd handelen en vertraagd reageren’. Hoewol er it wurd secundaire functy net neamt, leit dit dochs yn it ‘vertraagd handelen en vertraagd reageren’ opsletten en komt syn resultaet oerien mei dat fan Kraus, dy 't de Friezen ‘in hevige mate secundair’ neamt. Dit jowt de skriuwer de mûglikheit inkelde opfallende Fryske eigenskippen út de structuer fan it karakter to forklearjen en wol syn disharmonyske trekken, syn ynbânnigens, syn swiersettigens, syn melancholy. Hy makket dúdlik, dat de ûnharmonyske trekken, dy 't út de intra-psychyske spanningen ûntsteane, lykas de Fryske stivens en koppigens, it gefolch binne fan de ynbânnigens en dos yn sekere sin gjin echte, mar skynkaraktereigenskippen, ‘een verdedigingshouding, een zich veilig stellen tegen deze in eigen binnenste aanwezig geweten gevoeligheid’ (s. 15). Yn de tredde laech fan karaktereigenskippen, de kwaliteit fan it karakter, ûnderskaet Koek de driuwfearren ta selshânhaving en dy ta selsûntjowing, it stribjen fan it Ik en dat fan it Ideael-Ik. Dy selshânhavingstendins sjocht er alderearst yn de heechmoed fan de Fries, der 't er as illustraesje it (âlde) folksliet en de spreuk fan Gemme fan Bumania foar oanhellet, en dan yn syn earsucht, der 't er op it hurdsilen en it hurd- | |
[pagina 300]
| |
riden wiist. Hy hie hjir ek de muzykbioefening op it plattelân yn bihelje kinnen, dy 't oan de iene kant wol tige libben en aktyf is, mar oan de oare kant noch oan Apollo noch oan Dionysus takomt, finzen as hja is yn de sphear fan de wedstriid, dy 't gjin plak lit foar de bilangeleasheit fan de kunst. Fierders neamt er de Fries individualistysk, ‘bij het eigenzinnige en het eigenwijze af. Hij is geen slaafs navolger en slaafs naprater... En hij is voor alles principiëel’ (s. 17). Hanneljend oer it stribjen ta selsûntjowing, it Ideael-Ik fan de Fries, roert de skriuwer yn in koart bistek tige bilangrike, ja fundamentele kwesjes oan. ‘Een volk kan dan pas als volk erkend worden, wanneer het leeft naar bepaalde normen, wanneer het een beeld van een volmaakte levensvorm in zich draagt, daarnaar leeft en dat beeld doorgeeft aan een volgend geslacht. Zolang men in Friesland niet alleen praat over Friese trouw, over eer en gerechtigheid, over Friese beschaving, doch er ook naar handelt en zich door deze ideeën zoveel mogelijk laat richten, kan van het bestaan van Friese bovenpersoonlijke strevingen gesproken worden. Ik meen dat men in Friesland geleefd heeft en ook thans nog wel leeft volgens bepaalde normen, ook al is dit misschien minder duidelijk dan een eeuw geleden. Ook onze tijd dreigt hier veel te vervlakken’ (s. 18). En dan komt de skriuwer ta de hoedene konklúzje, ‘dat de Fries (misschien) is idealistisch, dat hij het vermogen heeft om zich van binnen uit te laten besturen’ (s. 19). ‘Maar ook hier heeft de Friese geest “syn frije wjukslach net krije kinnen”. Het blijft wat in het kleine; er is een spoedig inzakken na het bereiken van tijdelijke resultaten, ook weer als gevolg van de temperamentseigenschappen, emotioneel, maar inactief.’ Fansels is hjirmei hyn ofto nei net de hiele rike ynhâld fan Koek syn lezing oanjown, mar wol de haedsaken. En de greate winst is wol dúdlik: troch it gebrûk fan yn in systeem gearbrochte karakterologyske kategoryen is it mûglik de inkelde primaire eleminten fan it karakter ôfsûnderlik to bisjen en dochs tagelyk de struktuer fan it gehiel yn it each to hâlden. Fansels hat Koek it lêste wurd net sein oer it Fryske folks- | |
[pagina 301]
| |
karakter (nei 't ik hoopje ek net syn eigen lêste wurd) en sels as men deselde methode en yndieling brûkt is it lêste wurd net sein en hoecht it ûndersyk net krektlyk út to fallen. Hwant oan karakterbiskriuwing, hoe objektyf-wittenskiplik ek bidreaun, bliuwt altyd in subjektive kant, hja wurdt altyd biynfloede troch it karakter fan de ûndersiker. Dochs, al freget dus dizze stúdzje yn it alderearste plak om in tsjinhinger fan in oare hân, mar neffens deselde principes, ik leau net dat it resultaet Koek sines safier ûntrinne soe, sa great is syn objektiviteit wol. In oare winst, en dat is net de lytste fortsjinste fan dizze methode, is dat de krityk hjir folle better fet op kriget as op eardere biskriuwingen. Oan eigenlike krityk sil ik my net weagje, mar ik wol dochs net neilitte inkelde fragen op it aljemint to bringen, dy 't my al lang pleage hawwe by de lektuer oer it Fryske folkskarakter, mar dy 't earst op de basis fan Koek syn wurk ta formulearring komme koene. Earst in psychiatrysk detailpunt. Op side 14 besprekt de skriuwer nei oanlieding fan de swiersettigens en ynbânnigens fan de Fries de niging ta depressive psychosen en melancholy, dy 't er hjir yn Fryslân foun hat. Yn fjouwer jier bihannele er 99 getallen fan swiermoedichheit, derfan 62 fan 'e klaei, 22 út de Wâlden, 9 út de Stellingwerven en 6 bûten Fryslân wei. Dit is nammersto opmerkeliker, as men bitinkt, dat it gebiet fan syn psychiatryske wurksumheit, mei as centra Hearrenfean en Snits, de Stellingwerven en de Súdwesthoeke alhiel bislacht en de súdlike Wâlden foar it greatste part, mar de Klaei mar foar in lyts part. De winsk nei mear detaillearre cifermateriael, ek hwat it wenplak fan de patienten oanbilanget, kringt him op, as men sjocht dat dizze cifers min yn oerienstimming to bringen binne mei de sjenswize fan KrausGa naar voetnoot1). Alhowol Kraus him tige foarsichtich uteret en him net forliede lit ta in ôfslutende útspraek, kriget men fan him wol sterk de yndruk dat ûnder de Friezen de schizophrene psychosen gâns mear foarkomme as de manysk-depressive. In tsjinspraek is dit fansels allinne, as men jin stelt op it stânpunt fan it consti- | |
[pagina 302]
| |
tutionele antagonisme fan dizze psychosen neffens Kretschmer. Mar ek foar in minder doctrinair stânpunt bliuwt de spanning great genôch. De pyknyske constituty komt ûnder de mear nordyske klaeifriezen grif net faker foar as ûnder de bifolking fan de Stellingwerven en de súdlike Wâlden, dy't in sterkere Saksyske en dus nei alle wierskyn ek in sterkere alpine ynslach hawwe. Spitigernôch witte wy fan de tsjintwurdige bifolking fan de forskillende Fryske geaën yn anthropologysk opsicht noch fierstento min ôf. Ek is it forbân tusken de Homo nordicus, it leptosome type en de schizothymy oan de iene kant, en dat tusken de Homo alpinus, it pyknyske type en de cyklothymy oan de oare kant noch alderminst fêst, ja yn de lêste tiid wurdt der gâns mear oan twivele as in skoft forlyn. Bihalven oan it forbân tusken dizze typen wurdt ek oan de realiteit fan dy typen sels, elk op har eigen niveau, mear twivele. Dat nimt dochs net wei, dat wy oangeande dizze fragen krekt ûnder ús folk nedich mear klearrichheit hawwe moasten. Of hat faeks de swiermoedigens fan Koek syn patienten sels neat mei de manysk-depressive psychose to meitsjen en hawwe wy hjir to dwaen mei in troch psychologyske oarsaken útlokke psychose op in constitutionele basis, dy 't dan dochs noch bêst it schizothyme karakter wêze kin, ek sûnder dat it ta in schizophrene psychose komt? Dat lêste soe mei myn eigen erfaring, dy 't lykwols èn kwalitatyf èn kwantitatyf net botte bilangryk is, wol yn 't lyk to bringen wêze, hwant ik sjoch faek in depressy mei in sterk psychogene ynslach, wol gauris in recidivearjende depressy, ek wol gauris in depressy mei sterk aktive en sels agressive trekken, mar nea gjin psychose mei in posityf affekt, om fan many mar to swijen. Faeks dat Koek en oare psychiaters hjir nochris neijere ynljochtingen oer jaen wolle. Fansels hâldt dit yn gjin inkeld opsicht in krityk op Koek syn wurk yn, it is inkeld in frage, dy 't nei oanlieding derfan opkomt. 2. As de skriuwer op side 17 by it bisprek fan de kwaliteit fan it karakter it individualisme fan de Fries to praet bringt, seit er fierder: ‘(de Fries) is voor alles principieel... De Friezen hebben de neiging zich in de praktijk te houden aan beginselen, die zij in theorie hebben aanvaard. Opvattingen | |
[pagina 303]
| |
van anderen overrompelen hem niet. Hij durft het risico van een eigen mening te aanvaarden. Dat komt, doordat bij de Fries het eenzame “hoarnleger” een grotere betekenis heeft gehad dan de marke of het buurtschap, zoals bij de Saksische mens.’ It liket dus wol, oft Koek de biwuste eigenskip forklearje wol út it iensum wenjen op in isolearre pleats en hy illustrearret dat mei in citaet út Wumkes' Friezendom en Christendom, oer de Fryske boer hwaens pleats langer as in healjier as in eilân tusken barra weagen en barra streammen lei, sadat er inkeld mei skou of pols mienskip hâlde koe mei de bûtenwrâld. Hjir rize nochal hwat fragen. Sûnder mis is der tusken dizze twa dingen, it isolemint, it op jin sels stean en de individualistyske libbenshâlding, in psychologysk ynfielber forbân, in bigryplike relaesje. Men hoecht jin mar de bisibbe forhâldingen tusken de libbenswize yn de gâns wredere natuer fan it midsieuske Yslân en de âldgermaenske heroyk foar to stellen om dat fuortdaliks mei to stimmen. Mar is de relaesje mei principialiteit like bigryplik as dy mei individualisme? Men soe dochs earder in correlaesje mei heroïsme forwachtsje as mei principiëlens en krekt dat heroïsme fine wy yn Fryslân net mear safolle. Krekt it romantysk forlangst derta dreau ús, biwegingsfriezen, foar de oarloch nei Noardfryslân, nei Helgolân en Sylt en ek dêr founen wy mear de natuerlike bitingst ta it heroïsme as de psychyske realiteit. En hwat mear seit: bitsjut in bigryplike relaesje ek fuort in genetysk forban? Dizze frage is nammersto yngripender, omdat dit genetysk forbân net yn de individuéle persoanlikheitsûntwikkeling socht wurde kin, hwant hoefolle fan dy individualistyske Friezen wenje nou noch op it iensume hoarnleger, fier fan har neiste buorlju? En hoefolle fan dyen forkeare winters noch mei skou en pols mei har meiminsken? Faeks allinne noch dy fan Goaijingahuzen en it Grouster Leechlân en noch inkelde oare streken, grif net de mearderheit. It individualisme moat dus wol yn it genotype biwoartele wêze, en dan wol it der by my net yn dat 2000 jier lang genôch is foar it selectyproces, dat sa'n resultaet foar it ljocht bringt, foaral net as men bitinkt hoefolle mienskipfoarmjende faktoren yn de oare rjochting wurke hawwe, bg. de striid tsjin de sé. It liket | |
[pagina 304]
| |
dus wierskynliker, dat it individualisme fan de Fries yn in djipper laech leit, djipper yn it genotype forankere is, en dat wy oarsaek en gefolch hjir krekt oarsom sjen moatte as Koek it docht, alteast às der in causale relaesje wêze sil. Itselde individualisme fan de Noarske haedlingen, dy 't har ûnder it centrale keningskip net deljaen woene en har dus leaver nei wenjen setten yn it lân fan nacht en nevel, datselde individualisme hat in bisibbe stam tûzen jier earder nei de Fryske klaei dreaun. Mar it alderwierskynlikste is, dat wy ek sa de saek fierstento simplistysk en dus romantysk sjogge. Dizze hiele ûntwikkeling is grif ûneinich mear complicearre, mar foar safier der in oarsakelike relaesje wêze kin, moat it genotype primair wêze. 3. Wy komme hjirmei yn de buert fan in tredde probleem, dat nei oanlieding fan Koek syn brochure opriist. Op side 13 skriuwt er: ‘Het temperament van de Friezen is zeer kenmerkend en dat behoeft niet te verwonderen, aangezien het temperament het meest rasgebonden is.’ As ik oannimme mei, dat ek dizze skriuwer ûnder ‘rasgebonden’ forstiet ‘yn it genotype fêstlein’ (en dat moat wol hast, hwant mei in rasbigryp as bg. dat fan it Frânske étatisme lit him überhaupt net diskursyf operearje) dan moat ik hjir dochs minstens in fraechteken sette. Hwant alle statistiken wize út, dat krekt materiéle eigenskippen, talinten yn ingere en rommere sin, lykas intelligenty en mathematyske jeften, muzikaliteit, de iennichste psychyske eigenskippen binne, dy 't yn erflike bipaeldheit mei lichamelike eigenskippen forgelike wurde kinne.Ga naar voetnoot1) Wol kin ik myn jeften oefenje, sadat ik har makliker yn tapassing bringe kin, mar ik kin myn talinten dochs net troch wilsimpulsen greater of lytser meitsje. Ja, it is krekt essentieel foar talint as ‘begriffliche’ abstracty út meiinoar yn forbân brochte forskynsels, dat it forankere leit yn it genotypysk substraet, en dat moat dus ek jilde foar de kwalitative karaktereigenskippen. Mei de temperamintseigenskippen is dat lang net yn dy mjitte it gefal, hwant dy binne ta op sekere hichte wol degelik troch wilsimpulsen to biynfloedzjen. Dit mei faeks net jilde foar de reactiviteit en neiwurking, lykas dy | |
[pagina 305]
| |
metten wurde yn it psychologysk laboratorium, mar it is de frage of de niging ta ‘vertraagd handelen en vertraagd reageren’ wol sûnder rest ta dy experimentele grouneigenskippen tobekbrocht wurde kin. Hwant ik kin sûnder mis myn bêst dwaen, om yn bisûndere gefallen rimpener to reagearjen as myn gewoante is, ik kin my oanwenne om earder myn miening to sizzen, om earder oan to pakken, koarter ôf to wachtsjen oft de kat ek út de beam komt. En as ik my hjiryn forsin, as de functionaliteit wol ‘restlos’ tobekbrocht wurde kin ta reactiviteit en neiwurking, dan moatte gâns eigenskippen fan de Friezen, dy 't oant nou ta taskreaun binne oan har ‘hevige secundaire functie’, foar in bilangryk part ûnder ynfloed stean fan har brekme oan activiteit. Mar krekt dy activiteit, dêr hat de wil dochs grif ynfloed op. Ik kin mysels twinge ta fûlder oanpakken en greater biweechlikheit, ik kin ûnder ynfloed net allinne fan drank mar ek fan psychologyske excitaty ta in tastân komme, hweryn de psychyske processen gâns hurder en makliker fan steapel rinne. Sa is ek by de temperamintseigenskippen driuwend forlet fan in neijere ôfbeakening tusken de genotypyske factoren en de foar in great diel psychologyske milieuynfloeden, en bliuwt der oan de kategoryen fan de wittenskiplike karakterkunde noch wol it ien en oar to fyljen en to slypjen. 4. En sa kom ik, mei dizze fragen dy 't it ras reitsje op in fjirde probleem, dat de lêzing fan dit geskrift opropt, de frage nei syn objekt. Hwa is de Fries, dy 't Koek biskriuwt, binne wy it allegearre stik foar stik, sadat ús oare karaktereigenskippen as in individuéle oanfolling op dit torso biskôge wurde moatte, of binne de forskillende karaktertrekken, sa 't er dy dúdlik foar ús eagen stelt, distributive eigenskippen yn de sin fan Steinmetz, dus komme hja ûnder de Friezen allinne mar yn forhâlding mear foar as ûnder oare folken? Neffens de tradysje fan de karakterologyske ethnography, dy 't de fordieling fan de forskate, fan inoar los preparearre karaktereigenskippen bistudearret en yn har procentueel foarkommen festleit, soe men it lêste forwachtsje, en Koek hat mear as immen foar him op dit gebiet de mûglikheit skepen ta dit lospreparearjen fan eigenskippen. Ek is it mûglik om fan al dy bitreklik-meast foarkommende eigenskippen in meastfoarkom- | |
[pagina 306]
| |
mend algemien type op to stellen, mar men krijt dan getalwearden, dy 't lizze fier ûnder dy fan de gearstallende inkelde eigenskippen, gjin lytste miene mannichfâld, mar in greatste miene dieler. En boppedat is dit resultaet ôfhinkelik fan de getalwearden fan it forlikeningsmateriael, i.c. de oare folken. Yn elts gefal moat de gemiddelde Fries, dy 't op dizze manear opsteld wurde kin, in útsûndering wêze en dat is dizze Fries fan Koek alderminst. Krekt oarsom, wy binne earder allegeare sa, Jan Melles van der Goot wie sa, mar ik kin net ûntstride, dat ik mysels yn dizze stúdzje ek treffend krekt biskreaun achtsje. De Fries fan Koek is net in mûglike, mar losse bondeling fan distributive eigenskippen, mar in strukturele ienheit, in geastlike, existentiele realiteit. Dit docht ek bliken út de methode dy 't er brûkt hat om syn materiael byinoar to heljen. Der stean, bihalve hwer 't er de swiermoedichheitspsychose bisprekt, alhiel gjin cifers yn en dêr is syn oardiel ek net op basearre. Wol biperkt de skriuwer him by de ôfbeakening fan syn terrein ta in diel fan Fryslân en lit er de Wâlden en de Sudwesthoeke der bûten en dêr is ek út oare motiven hiel wol hwat foar to sizzen. Der binne alteast oanknopingspunten om de Wâldtsjers to biskôgjen as Drinten, dy 't troch kulturele expansy út it terpegebiet wei de Fryske tael oannommen hawwe (sjoch de ûndersikingen fan Bolk en de Eastbaltentheory fan van Ginneken), lykas der ek reden is om yn de Súdwesthoeke in bilangrike Frankyske ynslach to forûnderstellen (sjoch de dialektgeografy fan Hof en it hegere percentage Roomsk-Katholiken fan de Herfoarming ôf). Koek seit dan: ‘Naar mijn oordeel hebben wij in dat gedeelte van de provincie Friesland, liggend ten Noorden van de lijn Staveren-Sneek-Grouw-Leeuwarden-Dokkum, een gebied voor ons, waar sedert tweeduizend jaar een volk woont met typische raskenmerken, eigen taal, eigen levensvormen en gewoonten, kortom met een eigen karakter’ (s. 9). Dit liket in cirkelredenearing, ommers, ynsté fan dat de skriuwer lâns empiryske wei neigiet hokfor karakter de minsken yn in bipaeld gebiet wol hawwe, bigrinzget er it gebiet fan syn ûndersyk krekt oan de hân fan it eigen karakter, dêr 't er fan to foaren al in biskate miening oer hat. Mar it is dochs gjin cirkel, hwant de skriuwer wol neat oars sizze | |
[pagina 307]
| |
as dit: ‘ik biskriuw jim in biskaet psychologysk type en neam dy de Fryske minske. Wolle jimme witte hwer 't dy wennet? Nou dan, dêrre!’ Koek biskriuwt dan ek net de Friezen yn it meartal, né, hy biskriuwt de Fries ‘an sich’, en it is opmerkelik, dat er dêrby alhiel útkomt mei de karakterologyske kategoryen fan de individuéle psychology. Wy binne hjirmei oanlânne by ien fan de fundamenteelste fraechstikken oangeande it oan problematyk sa rike bigryp fan it folkskarakter. Oannommen, dat alle problemen oangeande it individuele karakter ris oplost wiene, dan riisden der dochs by de oergong nei it folkskarakter wer nije. Yn forlikening ta de frage, hwat wy ûnder it karakter fan in folk forstean sille, wurdt de frage, hwat wy ûnder it karakter fan in individueel minske forstean sille, relatyf ûnproblematysk. Yn de praktyk lykwols spylje de problemen fan de individuele karakterology noch wer troch dy fan it folk hinne. Mei de noch altyd net bistille striid foar eagen, dy 't bg. de experimentele en de phaemenologyske rjochting om de psychology fiere, sadat de ien de oar foar literatuer, de oar de iene foar harsenphysiology oansjocht, hoecht it jin gjin nij to dwaen, det it der mei de folkspsychology noch gans rûger hinne leit, dêr 't de problemen noch inkelde dimensy's mear hawwe. Hwant de individuéle psychology hat dochs altyd twa fêste punten: de lichamelike individualiteit fan de minske en syn individueel biwustwêzen, syn ‘Erlebung’, ôfsjoen fan de frage, hoe goed dy elk foar oar kend wurde kinne. Mar yn dy folkspsychology hawwe wy dizze fêste punten net ien fan beiden. It is net sûnder nut, om yn dit forbân it analoge probleem fan de somatyske anthropology en de rassekunde yn de fraechstelling te biheljen. As dy wittenskip der ta komt foar in folk in bipaeld rastype op to stellen, dan bliuwt dit dochs altyd in gearfetsjende notaesje fan in mannichfâld, in Σ (individu), in opjefte fan it gemiddelde fan inkelde eigenskippen mei de spriedingscoëfficient fan de ôfwikingen. De distributive methode fan de folkskarakterology wurket yn principe net oars, mar wylst de ynwurking fan de milieufaktor op it phaenotype, lykas de ynwurking fan it genotype yn de somatyske anthropology in suver individueel mechanisme foarstelt, is dat by de folkspsychology net it gefal, hwant hjir | |
[pagina 308]
| |
wurket de mienskip lâns de wei fan de kultuer op it individuéle phaenotype yn. Wy sjogge dus in yngripende accentforskouwing fan it individuéle genotype nei de kultuer fan de mienskip, hwat har ynfloed op it individuéle phaenotype oanbilanget en it sil noch hiel hwat ûndersyk fergje, ear 't dit proces yn bisûnderheden dúdlik foar ús iepen leit. Noch helte slimmer wurdt it, as wy de ynfloed fan de individuéle genotypen op it phaenotype fan de kultuer fan in mienskip bipale wolle. Wy komme hjirtroch ta alhiel forskillende objekten fan ûndersyk, dy 't allegearre ‘folkskarakter’ neamd wurde, mar dy 't elk har eigen ûndersykmethode easkje. ‘Volkskarakter is iets gegevens, dat wij kunnen onderzoeken en beschrijven’, skriuwt BoumaGa naar voetnoot1), mar dan meije wy earst wolris better definiearje oer hokfor folkskarakter wy it hawwe. En dan sille wy ek yn dy folskillende folkskarakters accentforskouwingen sjen fan de iene laech fan it karakter nei de oare, al nei 't wy it anthropologyske of it kulturéle folkskarakter biskôgje. Yn it lêste sil, folle mear as yn it earste de neidruk falle op de kwaliteit en minder op de yn it genotype fêstleine matery. In oare frage is, oft de yndieling fan it karakter yn de trije lagen neffens Klages wol oan de tsjinstelling genotype-milieufactor ûntkomme kin, en oft der dan net in op bipaelde punten oare yndieling foar it ljocht komme sil. It liket alteast oft it gjin sin hat om de materiéle sphear to reservearjen foar intelligenty, mathematyske jeften, ensfh. en temperamentseigenskippen, dy 't ek genotypysk fêstlein binne lykas reactiviteit en neiwurking der bûten to hâlden. Hawar, hoe 't de biantwurding fan dizze apory ek útfalle mei, der bliuwt yn elk gefal plak foar de psychologyske en karakterologyske omskriuwing fan de kultuer fan in folk, fan elke mienskip nammers. It is noch net sûnder sin om fan de siel fan in folk to praten, al forwiist men dat begryp yn de methaphysyske, existentiéle sin ek ta it ryk fan de fabels. Der bliuwt yn elts gefal eat objektyfs oer fan de geastlike wurksumheit fan alle individuen fan in folk, ynsafier as dy objektivearre is yn syn kultuer en it is mûglik dat objektive | |
[pagina 309]
| |
residu as in quasi-persoanlikheit psychologysk to biskriuwen, hwerby foaral de tael in tige bilangryk stúdzjegebiet blike sil to wêzen. Wundt syn Völkerpsychology is noch net yn alle opsichten forâldere. Net allinne de tael is hjir fan bilang, en by de rest fan de kultuer tink ik noch net iens yn it alderearste plak oan de earizers en de kop-hals-romp-pleatsen, mar oan dat hiele stel fan weardeoardielen (driuwfearren), dat wy sûnder erch oernimme fan de mienskip, dêr 't wy yn forkeare. Sa is it ek to forklearjen, hwerom wy eigenlik allegearre de Fries fan Koek binne: in emotionele bining oan ús Frieswêzen hawwe wy allegearre, hja mei ús al of net biwust wêze en de biwegingsfries hat dy bining ek al neat sterker as syn tsjinstânner. Boppedat kinne wy mei dizze biskôgingswize ek noch fan twa opmerklike forskynsels rekkenskip ôflizze: dat it karakter fan in folk, i.c. it Fryske, himsels net allyk bliuwt yn it forrin fan de tiid, en dat de Fries ûnder de disharmony fan syn karakter to lijen hat. Hwat it lêste oanbilanget: krekt de emotionaliteit fan de Fries, dy 't foar in great part rjochte is op syn Frieswêzen (dêrsûnder is de fryske biweging alhiel net to bigripen) èn syn heechmoed moatte wol meitsje, dat er syn gerak net kriget by de kulturéle tastân, dêr 't syn folk yn forkeart. Lykas it oan 't nou ta is, moat de Fries, wol er ta folsleiner en heger ûntjowing fan syn persoanlikheit komme, op in bipaeld niveau oerstappe op in trein, dy 't earne oars weikomt en yn in oare rjochting giet, en hwa dat wolris bilibbe hat, wit hokfor eangstcomplexen en kramptastânnen dêr it gefolch fan binne. En it is ek yn to sjen, dat hegere, alsidiger opbloei fan de Fryske kultuer de persoanlikheitsûntjowing fan de Fries yn hege mjitte to goede komme moat, en dat dat ek fierwei de bêste therapy is foar syn remmingen en syn krampeftigens. Sa bisjoen is út psychologysk bitinken de Fryske biweging in sociael-hygienyske factor fan de earste rang. Ta bislút wol ik jitris de klam derop lizze, dat dizze skôgingen wol in tankber gebrûk makke hawwe fan de oanknopingspunten, dy 't Koek levere hat, mar alhiel gjin krityk of ôfwizing fan syn skôging wêze wolle. Hja wolle der krekt op út, hoe fruchtber syn ûndersikingen foar in great en rom fjild blike to wêzen. |
|