De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 296] [p. 296] A. Gerritsma: Opdracht I. Hwat is dat my, dat frjemde grize sear? It is hjir moai. Niiskrektsa bin 'k hjir kommen En ha dit plakje foun mei al dy blommen, Hjir by de groppe en de wylde flear. Hja lústrje inoar nou teltsjes yn it ear, Hoe bûge hja har kopkes oer, dy frommen. De wyn hat al dy teltsjes stil meinommen En toveret dy om ta dizze sfear. De sfear fan stiltme en fan heimge dingen, Dy wol my nou in fêste freugd oandwaen, Om al den dei yn tearens troch to bringen. Mar 't libben is sa wreed en dit in waen! 't Mei wêze. Mar yn my mei wide swingen Stiicht fûgel krëft: de wrâld de dream to jaen. II. It libben is gjin dream fol eale minsken, Gjin freugd dy 't nea gjin ein mear nimme mei, Gjin wylde feart fan fantasij en winsken, Dy 't wy wol krije sille in goede dei. It is sa njuet: de ien skoait d'oar om gunsten. En freonskip? och, wy sykje omdôch dernei. Kom, túgje wy ús op mei d' eale kunsten! Dan helpe wy de dea in hantsje mei. Wy binne feal, - sa 't mist de kleur der lannen Weinimt, - sûnder de gloede fan Gods hert, As wy net witte ús frije siel oan bannen. [pagina 297] [p. 297] Mei grime selsspot komme wy der net. Wy binne, God, it wurktúch yn Jins hannen, Dat smeit de dream ta died. Ik bin biret. III. Ik bin biret. Kom, Hillige, mei Jins died: Forbarn, toraen, hwat om Jou ear' net tocht, Hwat net yn Jo har heechste wielde socht, Hwat Jo mar feilich yn Jou himel liet, Hwat mei fûleindige hate tsjin Jo focht, Mei dryste died of oars mei fyn forlied. Hwaens àl to fûle libbensdrift forriedt, Hy hat syn hert oan in daemon forkocht. Ik bin biret, réfeardich ta de striid Tsjin duvels en saneamde Kristenen, Dy 't sillich libje op Gods himel oan. Wy sille yn 't ieuwne tsjuster eang of bliid Gods dream troch bloed en izer kommen sjen: De sichtbere hearskippij fan God de Soan. Vorige Volgende