folle dingen dêr 't men jins niget oan hat. In kreakjende wein, dy 't troch de minne spoaren fan 'e reed knikt, blabzjende en snuvende hynders troch de dize, de hokkelingen dy 't in bytsje ûnrêstich wurde yn 'e krite en it hoare slaen fan 'e klok yn 'e buorren. Tsjin 'e joun, as hja by de pomp op 'e stoepe steane en de hannen waskje om in pantsjefol kofje to heljen, heare hja hoe 't it leger fan loopeinen de greiden út wei komt en op hûs ta stekt, lûd galmjend. Eltse joun itselde, mei min waer wolris hwat foarliker. Hja stean to harkjen, de beide bruorren, de pomp dripket, in jounsfûgel giet oer de skuorre, de frachtauto stoppet op 'e hoeke, dy hat faeks in pakje foar de froulju. Dan geane hja yn 'e hûs. 't Jongfolk komt der net altyd yn, of 't moat al sa útkomme. Keimpe gunt it harren wol, mar hja sieten as jongbazen ek net oeral altyd by, dat hoecht ek net. Mar hja skikke it sels ek al gauris, dat it sa útkomt en dan seit Keimpe der ek al neat fan. Aent mei der wol oer, it spul by inoar, fleurich praet, dochs net to drok, reade kleuren fan 't tahâlden bûtendoar. Hja reizgje nou nei de lânboukursus in inkelde joun. Dan is it yn oarder meitsjen fan fytslampen, faek op 't lêste stuit en dan moat mem der al faek oan to pas komme, dat heit him bisaut en de greate bongels út 'e leage wasket. Roel yt him pine yn 't liif oan rau guod. Op 'e souders en yn 'e kelder steane de kuorrenfol en op 'e skragen lizze hja útstald mei reade wangen. De winterjirpels sitte yn 'e kelder, op 'e planken yn 'e molkenkeamer steane de flessen fol ynmakke spul. Mem skodhollet oars wolris, o o, hja hawwe sa'n ûngeriif fan Aeltsje, it bern koe wûndere skoan skreppe en o sa handich. Hwat sille hja der yn Hollân in wille fan ha. Nou is hja al nei it bûtenlân, hoe oft dat allegearre útlotsje moat, mar Aent seit, dat rêdt him
allegearre.
't Jongfolk praet net folle oer har. Aent kin der net rjocht efter komme, hoe 't hja ûnder it gefal steane. Ut Hollân wei binne in pear koarte, saeklike mar hertlike briefkes kommen, it like allegearre goed. Ut Frankryk wei kaem in printkaert, dy 't Roel apelknauwend leit to bistudearjen, plat op 't liif oer de groun ûnder 't kofjedrinken. De lampe barnt, op it fjûrstoofke stiet de kofje to protteljen. Geeske boartet op 'e hoeke fan 'e koken mei poppen. De einen galmje op it hiem, it folk komt thús. Aent pluzet it stikje âldwiif op, dat by de