De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 291] [p. 291] Tet de Jager: Jonge non (foar Suster Annunciato.) Har libben moat de Tsjerke tabihearre, Hja wijde 't as in offer oan har Hear. Har jeugd is plante yn kâlde kleastersfear, har frijdom wurdt bikronken ont har stjerren. En mei se 't flaeijen fan de wrâld noch hearre: it krúske op har hert wiist koel en klear har nei it hillich Alter eltse kear, nei 't stil petear fan God en har togearre. Harselme moat s' as offerjefte oandrage, har frije wil is s' ûnwerroplik kwyt. Soms krijt se, dimmen en bidêst, de frage: ‘Hat suster fan dy stap alhiel gjin spyt?’ - De bleke hân oer 't blanke krúske faget en d' eagen glimkje boppe 't swart habyt. Vorige Volgende