De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 290] [p. 290] Freark dam: Wurd fan treast (foar P.) Dy 't hjir nou leit woe ek noch withoe graech It libben priuwe, him der oan bidrinke, Alles bij alles, leave, wier, hat er noch skraech Genôch geniete om nou oer to tinken, Bij einbislút bliuwt it de greate fraech: Wie dit genôch: earst stil en ûnbidrige, Lizzend yn leafste 'earm it libben oan to sjen, Letter tsjin 't needlot op to tsjen, - De Noardsé slacht de Sylter dunerige - En noch, hast twaëntweintich, in ûnnoazel bern? Wurger en wizer - wurch yn elk gefal - Lit ik - foar 't earst? foar 't lêst? - dij yn myn eagen lêze: - Toe nim myn hannen, lea, eardat ik fal - It is mar even mear, it sil gau frede wêze, It oare libben winkt ús ommers beide al. Oars neat Dat men neat dwaen kin, sels net ienris sizze: ‘Ik hâld fan dij’ of: ‘Hjirre, fiel myn hert’ - De nacht hat yn jins fleis syn tosken set En men kin neat as hymje en ûnder lizze. Dat, as hja bij jin is, men oars neat kin as bringe De eigen ûnrêst yn har freegjend bloed - Men byt har lippen stikken: nea foar 't lêst, foargoed, Der bliuwt in frjemd forlet om únbikende dingen. Dat men neat hat as wurden, wurden, wurden, Dat men inoar noch gean en komme lit mei hyltyd nije hoop - Ién útwei lykwols lit ús tinzen net gewurde: It koart, forlossend antwurd út in stielen loop. Vorige Volgende