De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 289] [p. 289] [Nummer 11] K.O. Meijer: Kleasterkamp God's skippen skouwe deun oer dit âld sté. De skiere seilen hingje yn swiere reven, En strike roerdlings lâns dit heech opheve Lyts eilân yn har einleas wide sé. Dy lege loften en dit heech terrein, Rizend boppe de lannen der om hinne: It is, oft hja hjir tichter by 'noar binne Us needrige ierde en God's great Domein. Yn it wémoedich sjongen fan de wyn, Yn it mystike kriezen fan de mieuwen, Biharkje ik it lûd fan âlde ieuwen; My komme bylden foar fan lang forlyn. In muonts, dy 't lâns de kleasterleane giet, De holle bûgd, yn earnstich, biddend swijen. Yn de kapelle fan de âlde abdije Sjonge de fromme susters God har liet. Driuwende wolkens, wyn en fûgelskreau; En boeren op de kleasterkamp oan 't bodzjen. Djip yn de groun de founeminten dodzje... Mar eat fan Smelne wûnd're wijing bleau. Vorige Volgende