De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 288] [p. 288] J. Slauerhoff: Complainte Ik bleau ek leaver by ien frou, mar 't is myn lot, as de nomaden, nimmer by steat ta ivige trou, aloan to swalkjen neist de paden troch elk fan widze ont grêf bigien, stiif ôfkeard fan 't ynstinkt, har sûnde: har siel foar wolfeart snoad fordien, har drift forkrongen en forwoune. It lok, dit fûl forhúnd akkoart dochs, by dy iene, to forjitten: 't ljocht dat de trystens deis bismoart nachts tsjustere genede witte, is djûr to keap: sok swiet geniet rustket yn 't libben aloan fêster, boun oan it wis en rêstich liet fan toerklok en fan leffe lester. Ik sil wol fuortgean op in joun mei stille trom: in desperado dy 't longrjend siket as Dorado in krite op gjin lânkaert foun, om skielk, forret fan elk fizioen en elke dream nei fierte en kym, as lid fan 't frjemdelegioen to stjerren, earfol, anonym. (Oersetting Anne Wadman). Vorige Volgende