| |
| |
| |
J. Slauerhoff:
Dzjengis
Karakarûm. Likernôch 1200.
In foarhôf. In pyldergong laet nei in poarte mei read foarkleed. Dêrnjonken, yn in foarfortrek, leit op in liemen divan in âld man to lêzen. Dzjengis komt, op learzens en yn skibbich ruterhabyt der yn stouwen. De fisier giet foar de poarte stean.
Dêrstou gjin tagong hast.
Né, yn it ûntagonklik hillichdom
Fan syn trochloftichheit, hy: himel's soan.
Myn foarspraek, Feint, en gâns, o gâns geduld
Kin dy it trochpaed sljochtsje ta syn troan.
Ek wie it goed, datstou gâns goud bisietst,
Gâns goud en greater ûnderdienichheit.
To lang al hearde ik dyn getsjânsel oan!
Siz dou de Khan myn komst, òf, lit my troch.
Ik wit net hwatstou bist, ik bin de Khan
Syn greatfisier, en hoech fan dy gjin sizzen.
Dré is dit oars, myn earste sizzen wurdt:
Dyn achtenearre hals de boal to bieden.
Né, jit gjin Khan en nea. Fiif soannen steane,
Foár dy to wrâld komd, tichter by de troan.
Moed hastou, wês romroftich op it slachfjild,
Mar dimmen yn 't paleis, dat is myn ried.
Bihâld dyn ried en doch de Khan de boade,
Hy sil my wolkom hjitte en him frij meitsje,
Ek al omearmken sawn bywiven him.
Gean, doch dyn plicht. Of ik stjûr dy
| |
| |
By in machtiger despoat, dy 't dochs
Opslach dy talit, as ik him dy taskik
Mei ien slach fan dit swurd.
Fiteret de fisier mei it oerd fan sgn swurd troch it foarkleed. Ridlik gau giet dat wer iepen en lit in jonge, keine, mar forwylge frou troch.
Né, net de Khan, myn bloed: ik bin dyn suster.
'k Bisit gjin susters, dat de Khan stjûrt dy
Ta minnespylfaem my en bring my sa
Of fan it driigjend doel, dêr 't ik om kom.
Dou leidich lokkebrea, pak dy hjir wei.
Ien mem wie swier fan ús.
Fannacht stoar se. Skriem mei my.
Har dea deart my net oan. Hoefolle froulju
Bitriek de Khan neitiid net yn syn gunst?
Hy is myn heit. Fan memmen haw 'k gjin witten.
Witstou 't net mear? Mei ús, har twielingbern,
Wenne hja yn 't paleis, dat hy bisocht
Yn djip geheim, in glûpske oerfal noedzjend.
Nou is hja dea en it paleis fornield
Moatte noch stjerre, ear 't ik him bistiich.
Hwat falstou steech. Fortel my fan 'e lânnen
De frjemde lânnen dystou seachst. Hoe binne se?
Lyk uzes: klingen, marren, steppen, bosk.
Hwat diestou mei de stêdden dystou naemst?
Delbaerne, allegear oan jiske tard.
Hwat barde der mei harren dyst oermast'rest?
Ik daette se elk foar oar.
En lit biroaid har frij, forstrui har tal,
| |
| |
Dat hja illindich yn 'e steppen stjerre.
Ik liet de mem har berne boel, de man syn bysliep;
'k Joech har in goede dea - gjinien bleau iensum.
Nea foartiid wist in ûnbitrousum foarst
Dat al syn gunstlingen him sá leaf hiene.
Swiid wie syn dea op 't alter fan syn froulju.
Libbene heuvel mei har fjûr omtein.
Har sielen dreauwen him yn reek foarby.
Him gou myn slimme oergunst. 'k Daette ink'len,
Wer oaren lokke ik mei bûtmakke skatten.
Mar hja wjerstiene, stoaren yn syn namme.
Hwat ik oermasterje is myn eigendom.
Oan wrede lefferts fiel 'k my net bisibbe.
Dus flammen fierden hjitte striid foar dy.
En 't swurd bleau yn 'e skie, is 't op dyn side
Dan noch net stiif fan ruost?
Hwer wolst it fiele? Oer dyn dounzich wang
Of troch dyn fine hân? It fielt net wreed.
Allinne kleev'rich. Juster jit trochstiek it
Warleazen! Gean, dou wearzgest my.
Bliuw ivich út myn each. Net mear myn broer.
En 'k hope sa, datstou lyk eartiids wiest!
Hja wisket fuort.
Dzjengis stekt it swurd wer yn 'e skie en wachtet. Lûkt it dêrnei wer en stekt it troch 't gerdyn. Dan giet it iepen. De Khan sit ûnder smaragden troanhimel.
Kom neijer. Hjir, is 't knibbeljen dy ûntleard?
Soks wie my nea net hiem. Ik knibbele nea
Oars as foar kampfjûr of yn hinderlaech.
En selden waerme ik my, nea wachte ik.
| |
| |
Dy 't kearde ienkear jins trochtocht nei it Westen.
It wie jins lêste fjildtocht.
Him as myn lêste? Ik folbring jit folle.
Jo bin to sêft delbêdde yn jins macht.
De fêste troan, it feilich slot giet fier
Jo boppe steppe en wiffe hynsterêch.
Wolstou net klaeije dy yn sêft habyt,
Fan moude ûntdien troch in swietrokich bad,
En mei my sitte oan in weeldrich miel?
Ik flamje net op gastrjocht noch geslyn.
De ieremoarn sil my hjir net mear sjen
Noch jo ea mear. 'k Stean op myn erfpart oan.
Dou hast de kar út mannich ryksgewest.
Dou bist myn âldste net. Mar ik haw mear
As pearels oan myn kroan. Azië is uzes.
Wolstou it Koréaensk healeilân? It leit fier,
't Hâldt mear geheim forhoalen as de dea.
Trochskôgje se en bihâld se. Lichtwol fynst
Der froulju fan bikoaring boppe-ierdsk,
Of toverkunsten soms sterker as legers.
Wolstou dan Tûrkestan? Wol bin dêr steppen,
Mar boulân ek mei rispings twaris jiers,
Dystou mei namsto mear genot forbaernst.
Of hast dyn wensté leaver yn Mongoalië,
Dêr 't giele iensumheit sa strak en breed
Spand leit as nearne oars ûnder 'e sinne?
Dêr hat de oantins fan it âldst kontrei
Gjin witten dat dêr iens wrâldséen skolpren.
Dêr hinderet gjin wyngerûs yn bosken
Dyn mimering; gjin berchrêch sil forbrekke
De kimen fan dyn tinken, mar sâltmarren
Hâlde dy soms har brakke spegel foar.
- Skik yn, dat ik yngeande neitocht haw,
Wit, nachten lang aloan haw ik trochsocht
Myn ryksgebiet, de helt' fan 't fêstelan:
‘Hwer leit de lânstreek dy 't him 't bêste past,
| |
| |
Myn djûrste, somberste en wreedste soan?’
'k Skik yn, jo hawwe iverich oertocht:
‘Hwat is it earmtlikst dat him dochs foldocht.
Hoe hâld ik him it bêst op fierste ôfstân,
't Gefaer, dat better slomjen bliuwe kin.’
Jins bleu gelonger, my fan jo to bannen,
Kaem danich bleat nou; hwerom net Kamsjatka?
It skeamelst moaimeitsjend yn dizze trant:
‘Sniefjild oerspraet mei lôgjende fulkanen,
Lyk harmelyn mei fonkjende karbonkels,
Talriker as jewielen op myn mantel’...
Mar haw gjin noed. Untsjoch jins ryksgebiet.
De spjalting komt ienkear. Mar net troch my.
Wolstou dan skatten? Ik bisit se net.
Myn froulju en fjildhearen easkje folle.
Gjin skatten, wês gerêst.
Ik skink dy hwa'stou ek bigeare meist,
En frede tinke jo sa to bispinnen,
In frede dy 't mank ús forwiidring jowt.
Sa waerd dit in forlies, dat dûbele winst
Opsmiet. Mar froulju, ik bigear se net.
Dou lekkest my as fyn ynlein en gjirrich,
Mar sloech dyn stribbich aerd net fel de spot
Mei al myn goederjowskens; elk geskink
Stegerest ôf, dyn winsk is net to rieden:
Gjin lânnen, skatten, froulju, neat bigearstou?
Heit, hearsksucht fiteret sa fûl my oan,
Dat hja yn de ein mysels tobriiz'lje soe,
Hwannear gjin sterker wjeraks 'k ûnderfyn
As stymske démoed fan in freedsum folk,
Dat him stil stunend deljowt ûnder my.
Ik wol gjin fruchtbere, folkrike lânnen,
Ik soe se nea ta greater woltier bringe,
Mar plonderje, brânskatte, martelje
En in woastyn mei gauwens efterlitte.
| |
| |
- Ik wol gjin froulju dy 't myn bloed oanstekke
Mei lusten en dêrnei, mei har forboun,
Dounsj' om myn machtleas sels, lyk wylden wieljend
Om de iene finzne oan 'e martelpeal.
Ik ken dy dwylsin wol, trochmongen mei
It swietst fenyn. Ik rop har net mear op.
- Jo tinke sa, hja skinke my rju soannen
Dy 't ik greatbringen seach mei selsfoldwaning,
Dy 't om myn striidwein rigen foarmje koene:
In liifwacht, generearre út eigen bloed;
Dy 't letteroan, as fier útsette pylders,
Myn swiid forwulft fan almacht ûnderstipen:
Stêdhâlders yn 'e fier forsprate lânnen.
Mar ta tiidkoarting noch ta divelbanning
Noch foar fuortplanting hold ik myn slavinnen.
Né, elk foar oar forstaette ik... Yn 'e dea.
Sêft, ien foar ien. Sa 't sûnder erch en glimkjend
Immen dy 't him forfeelt oan d' âlde wâlkant
Roazen toskuort en smyt yn 't donker djipt.
Ek hy dy 't gleon it glandich libben draecht
Lyk in fûle flambou dy 't oaren oanstekt,
Oanlôget en toskroeit, wylst ûndertusken
Nea de eigen flam yn libben's jiske smoart,
Ek hy falt ienris en wurdt fallend dwêst.
Brân dy 't net útslacht baernt forhoalen fierder.
Dou wolst gjin harem? Ek wolstou net hearskje?
Jow dy dan ôf yn greate iensumheit,
Dêr 't elke oäse toarret, streamen stilstean:
In al foargoed útstoarn stik fan 'e wrâld,
In ûnwrâld, bar as 't antlit fan 'e dea.
Dêr steurt gjin ljocht noch minsklik libben dines.
Ik neamde dy Mongoalië. Ik neam Pamir.
Yn 'e iidle romte, yn 'e lege stilte
Biswykte ik ûnder 't bounzjen fan myn bloed.
'k Ornearje, lang om let spatte ik oan gruzels
As ripe stjerren yn 't hielal toloar.
Woastinen bin út stêdden, timpelpunen,
Ut stof fan troch de tiid tomôgle doarpen,
Ut ûnderweis omkommen karavanen
| |
| |
En 't grús fan eardre festingen ûntstien.
Myn geast, dy 't op fornieling longret,
Lyk in bloedsûger hat syn skroei nei bloed,
Tofriet himsels dêr yn dwylsinnich kleijen:
Foarby, foarby, it wurk is lang biredt
Troch eardre ieuwen, stil omgeande slopers,
Dy 't stadich as in stûfe taek folbrochten
Hwat wêze koe in dûm fordylgingsfeest.’
Dou koest foarhinne dagenlang forkeare
Yn foarfaers timpel - sitadel, dêr 't noutiids
de ljochtynfal allinnich mûglik is
Troch 't dakforwulft, in dofsmaragden sark,
Oerâlde muorren, rjocht as steppekimen,
Glydstou bylâns it djipst forline binnen,
Dêrsanne, hwer 't ús skaei syn oarsprong leit:
Donkere berch, dêr 't ek de tiid ûntstie.
Us earste âldfaers hingje as yn 'e romte:
Mei machtige munsters libbenslang yn striid,
Taelden hja net nei skildring fan har dieden.
Dan folgje timpelstifters, stêddebouwers,
Gâns grinsútlizzers, wize fredefoarsten,
Dan waekelingen, samlers fan geskriften,
Sels by 't biminnen fan in prûze frou
Jit mimerjend oer riedslige karakters.
Ik swij dy jitte oer de meast forweakke
Dy 't, rêgelings weisakke yn syn kjessens,
Stoareaget mei in glimk nei wijde spreuken
Yn 'e troanhimel fan syn bêd biweve,
Towyl syn froulju him omdôch biaeikje.
Dêrnei komme wer helden, dy 't de fijân
Forfolgje, plassespjaltend, bressen slaend.
Seachstou net yn 'e djipten fan har rigen
Ien foarbyld wur'ch om nei to libjen?
Né, 'k winskje foar to gean, net nei to folgjen.
Twa foarfaers achte ik myn biwondring wur'ch,
Dy 't yn syn striidwein steand in keningstiger
It swiere kaekwurk fan elkoarren skuort.
Syn hannen, iizren heakken, kromje om
De tosken. Kloeren slagge in print yn 't weinhout.
| |
| |
De sturt, in wylde slang, gyslet it sân.
Dêrboppe hâldt hy kalm it antlit heve
Nei d' ielreager, troch falken eftersitten. -
De oarde foarfaer dy 't my heuge mei
Is hy, dy 't achteleas de lêste jiske
Fan in yn flammen ûndergiene stêd
Fuortwaeije lit fan syn útstutsen palmen.
Elk libben wiistou ôf. Bigearst de dead?
Ek dy wol ik dy jaen mei eigen hannen,
Wit, dat jim heit dit stik net licht ôf giet.
In brutsen nachtsliep, in binaude dream.
Dan is de eangst grif oer, o eale heit!
Mar nim yn ien nacht earst safolle mei
Oan froulju, wyn en bloed as oars yn tiden.
Mar net fan jo. Troch my. De dead fan oaren,
Fan follen, fan folksstammen, hiele rassen,
En dêrmei kom ik op myn iene winsk:
Skink my in leger fûgelfaei forklearren,
Nearne mear hâld hawwend as oan har hynders.
Unbûchbere rêgen drage dagenlang
Troch ûnúteachbere steppen har bisitters,
Har teffens tsjinjend ta in nachtlik bivak -
Yn 't hynsteseal, allinne in beam ta bekling,
Sliepe hja - sûnder wachtpost - wylde dieren
Jowe har skoftich ôf. By 't earste daegjen
Daevrje se fuort, de weake groun yn weagen.
Dravend as divels, bern fan de orkaen,
Sompe noch heuvelrêch noch berchmar mijend.
De loften kruije leech as troch in sniestoarm.
De ierde dreunt as fan ynwindich ûnwaer.
De keppels wyldfé flechtsje yn deaskrik fuort,
Oankundigjend it ûnk oer stille doarpen.
Har kliber stout foarby, elk stiet forlamme
En wit, in wylder kliber is yn oantocht,
Fornielender jit as in dûbele ramp
Fan sprinkhoanswerm en oaljefantekeppel.
En ik, foar my, hear oer giele kentauren,
| |
| |
Winskje in gefolch fan fjouwer wite hynsten,
Biwend ta bloed, ûntfloeid oan blanke lichems.
Foar dizze winsk easkje ik biwilliging.
Dou wolst neat as in ûnbisnoeide kliber
Fan stepperuters, rou en ûnbiheltere?
Dat 's gjin geskink foar dy as mounich prins,
'k Jow dy in karkloft fan it eigen leger.
Kies dy in streek, hwerst wolst, ta striidkontrei.
Myn krite is dêr, hwer 't sels my 't each op falt.
Hwat ik bigear, jo kinne it dochs net skinke.
Hwat soe net falle binne it birik
Fan myn ûneinge almacht en myn rynskens?
Talleaze riken kamen yn jins macht,
Mar ien hat jo oant nou ta strafleas trotte,
Dat is it fiere ûnbitwingbere Westen.
Hwerom bigearst it diiznich jountiidslân
En net in ryk, fan sinneljocht oerspraet?
Ik wol it Westen om it to fordylgjen.
Lit nei. 't Wurdt dyn fordjer. Lit it mei rêst.
Dou silst trochstjitte djip yn syn gebiet
En grif silst gâns oerwinningen bifjochtsje
Op 't Kristenlegioen, op mannich slachfjild.
Dochs wurdt yn de ein it Westen dy oermânsk.
It hat in frjemde macht ta syn foldwaen,
Dêr 't dyn macht him op dea rint, hwant hja binne,
Warleas tobektsjend, lykwols ûnoerwinlik.
Jow dy net yn 't moeras, it sûcht dy ûnder.
't Is lichter en bisykje in hurd blok
To houwen út 'e floeijende oaséaen.
Dou witst, ik lei in libben sûnder frees
Langer as dy. Wolnu, ik freezje it Westen.
'k Liz jo net leech. Lichtwol freezje ik it ek.
Dochs sil ik it oantaeste en fordylgje.
Ik sil de legers, tsjin mines to fjilde,
Forjeije as de kertiersmoanne de wolkens.
Har fredige stille stêdden sille dindrje
Fan striidgjalpen en fan it deadsgegûl.
De tsjerken, dêr 't se op stien de fuotfal dogge,
Under de galm fan boetesangen bûgd,
| |
| |
Lit ik ynstoarte oer har fromme hollen.
Men sil my neame Gisel Gods,
Psalmen tafoegje oan it strang missael,
Hweryn Gods grime omdôch ynroppen wurdt
Tsjin alle rêstforsteurders dy 't to fjûr,
To swurd it oerskot fan har paradys
Birôvje fan syn lêste sillichheit,
Dy 't is: leafhawwe, sleau en sûnder striid.
Ik sil myn krigers tastean om to skeinen
De blanke froulju op har blanke legers,
Oantreastgje nachtenlange marteling,
Talitte dat hja om 'e hurde sealknop
De lange ljochte frissels wine: nea
Wjerfoer har jit in hertstocht sa geweldich.
Lyk as in stoarmich springtij fan forwoasting
Sille wy 't wide Westen hiel oermasterje.
'k Forgun it net syn singeniet, syn weelde,
Hwant beide binne hoede en hillich sprutsen.
Der is gjin greater weelde as to deadzjen.
De God, in bleke krúsling, lit my kâld.
Ik haet de God, dy 't hja nét bylde ha,
Mar dy 't hja miéne: 't rêstich, húslik lok.
Dit hat ûntelbere timpels allerwegen,
Op sêfte heuveltop, oan kleare streamen.
Yn elk wennet in pear, himsels genôch,
Oanienwei soargjend om har sieleheil.
Har sin oan moai, har djipte is mar skyn.
Hja smeule om op d' âlde donkre goaden
Dy 't wiene goed of tsjoed, soms beide, nea
Sa wif en ûnneigeanber lyk as harres.
Hja fjochtsje nea, hja soargje foar har jongen;
Hja wachtsje biddend op Gods Keninkryk.
Ik wol in ein meitsje oan dy boarterij;
Moat dêrta wol rju keine stêdden sljochtsje
En fjilden ryk fan risping lizze yn fjûr,
Sels de ierd' trochsykje nei har molleridden.
Dizze earmhertigen binne in slûchslim ras
Dat syn tsjinst trochset ûnder elk biwâld.
Hja weikrûpboarten eartiids yn 'e groun,
| |
| |
Doe 't in despoat har foar syn tigers smiet.
As wjirmen wennen hja by de eigen deaden
En sêdden har mei sang en wéë wijreek.
Stêdden fan libbenen, stêdden fan deaden,
Fordylgje sil 'k se beide oant yn 'e groun
En 't hiele brod fan dit slaefsk niver ras.
As ik har meanen sjoch yn 't fjild of melken
Of arbeidzje oan har ambacht efter glês,
Dan riboskje ik fan tsjinsin, fiel my wer
Frij en oerlokkich mei myn ruterswermen.
Hjá meane, siedzje net, ride en boarne
En tôgje net de lêst fan giele hierren
Lyk as in nôtfjild draecht syn swiere stannen.
Har koppen bin net wanlyk oan 'e steppen:
Keal, mei in reade hiertûfe op har krún,
Rjocht opsteand as de lôge op syn fulkaen.
Wy fjouwerje fuort, frij mei it hoars, heech, leech,
Stoarmige simmertwirre op ljochtskyndei,
In fjûrlôge yn 'e wite winternacht.
Fordylgjend foarderje wy al mear Westlik
Oant ik dwers troch in lêst swart labyrinth,
De kromme gongen fan in havenstêd,
In bresse brek en fan de steile kust
De djip it lân yn fretten sé oansprek:
‘Sé, mei dyn wyld forriederlike hichten
En falske dellings, fûle wynhoasstoarmen,
Wielingen út grounleas djippe kolken,
Wy groetsje dy, forwoasting waerd folbrocht
Oant dy, fan dage oant sinneûndergong.’
De sé draecht op har grienbiskobbe rêch
Munsters dy 't wy lang koene, hwant har koppen
Bin dy fan draken lyk út it Deadsberchtme.
Dan flikkerje speetsen út har rompen op.
Swijende manlju, swier en swart yn 't harnas
Roeije dan rêd yn sloepen op ús oan.
Wy wâdzje 't wetter yn, wapens heech heve,
Oant ús kloft him troch harres hinne mingt
Under 't geâl fan in opjage brânning.
Dan riboskje de Kristenen, bilûke,
| |
| |
Slaen krusen, hâlde biddei - witte dochs
Dat yn har lear har dea bigrepen is;
Neffens foarsizzing yn har hillich boek:
‘Hwannear 't it fjûr en 't wetter elkoar moetsje,
Wurd' jim forstaet fan 't oantlit fan 'e Ierde.’
Dou bist gjin stervling. Wurktúch fan forwoasting.
Mar sparje in inkeld sté, dat ried ik dy;
Der lizze lytse stêdden yn it Suden,
Fol rykdom, sêft bidobbe ûnder bloei
Fan bosken en omjown fan roazetunen.
't Kriichshaftichst folk to wrâld wenne dêr earen
Nei de oerrompling fan in ryk as uzes.
Dêr fynstou ienris rêst. Mij dizze stêdden
Ta ûnderkommen foar dyn âlderdom.
Ik wurd net âld. Ik haw gjin paradizen
Fanneden. My wearzgje de kastielen
Mei har soarchfâldich ûnderhâlden parken,
Dêr 't stive bylden steane, yn ien hâlding
Biferzen troch de kjeld dy 't skientme hjit.
Hwannaer't rounom de wrâld in púnfal is,
Wurdt hja myn paradys, kin ik, foldien,
't Libben forachtsje en de dea wjerstean.
Bin jo nou einlings mei myn winsk bikend?
Ik wit it nou. Hoefolle wolst? Tsientûzen?
Tsjoch fuort fannacht. Ik hoopje datst nea kearst.
En hoopje dat jo stoarn binne, hwannear
Ik keare mocht, opkommend út it Westen.
(Oersetting D.A. Tamminga.)
|
|