| |
| |
| |
Dichters yn unifoarm
Trije oersettingen
Konstantin Simonow:
Wachtsje op mij....
Wachtsje op mij, dan kom 'k werom,
Wachtsje as de lêste blom
Wachtsje as de mar bifriest,
Wachtsje yn 't waerm seizoen,
Wachtsje as twivel dij fortiest
Wachtsje, al giet ek elke moarn
Wachtsje, al likest' stadichoan
Wachtsje op mij, dan kom 'k werom,
Dy 't dij ynskúnt, lef en dom:
Lit jim mem, myn bêste maet,
As gjinien mear mei dij praet,
Lit dy oaren, ridderslein,
Astóu wachtest, Snein op Snein,
Wachtsje op mij, dan kom 'k werom,
Al seit elk ek, as ik kom,
| |
| |
Troch dyn wachtsjen rêdden bin
Dou koest wachtsje, - sá is 't kaem -
Frije fortaling fan Freark Dam.
| |
Pierre-Henri Simon:
Prelude
Stjert nou de simmer ôf, wurdt jeld ús diel?
De wyn giet oan, de loften binn' bilutsen
En drippe del yn reinen fan flewiel.
De jounen binne koart, mei damp oerdutsen,
Wylst sinne weiwurdt yn in bluoddrich rea,
Muf binn' de roken, en de tûken brutsen.
Noch kleije fûgels oer 't forlitten gea.
't Is oft Septimber skriemt; mids wiete gerzen
Niicht hjir en dêr in roas nei d' iere dea.
Wurdt jeld myn diel? Kin 'k inkeld lokkich wêze
Yn 't swide simmertij, hast sûnder nacht,
By blauwe loften dy 't it hert genêze.
By dûnkre fierten, mei in swiere fracht
Fan blom en frucht, by 't wiet dat glânzgjend trillet
En mûle en eagen dwêst mei koele pracht?
Jawis, my eanget hjerst, en nea bistillet
My al dit goud en skaed dat komt en giet,
De flecht fan fûgels dêr 't de moarn fan rillet.
| |
| |
De joundamp, skuord fan skierroek's hatich liet.
Alhwat my oerbleaun is út simmer's prachten:
In grêf dêr 't blomte stil to wyljen stiet.
Nou komme sombre dagen, tsjustre nachten,
Mei stoarm út 't noarden, grousumer as ea
Lykwols, mei langstme hast dy ramp forwachte.
Mar meist it ramp wol neame, hwat de lea
Dy sterket? Men mei wrotte, tinke, sjonge,
Great wurdt men inkeld ûnder 't skaed fan dea.
O God, jo haww' yn drôvens ús bifongen
Dy 't ta ús mûlen oprint as in sé,
Forjow ús dat w' as lêste lok bitongen
Ien pearl to brekken út dit djipt fan wé.
Hwat binne nacht en ballingskip en lijen
Hwannear 't jins stjerre riist nei 't himeisk sté?
Jow dy dan del: de hjerst is nea net mijen,
Mar poalwyn reaget aenst de himel wiid.
Faek brekke sangen los út need en lijen.
Brek út dan, siele, yn in suver liet!
Oersetting Marten Sikkema.
| |
Seamus Haughey:
Jachtfleaner
It kin net misse: hjoed, fannacht, moarnier,
yn kreakjend brekken, sé fan fjûr en dan
kokhalzjend tusken wrakhout en grien wier,
mank brobbels sa forgonklik as myn fan.
| |
| |
Ien misse werp, ien tel, - de Dea myn man;
de winst is wei, en der is gjin forwin.
Ierde en loft bisauwe der net fan.
'k Forspried myn lêste stiennen en ik gean.
De jierren foar my achtsje 'k my to min,
dy liede mar ta winters toarre ein.
Lit nimmen treurje en neame it in forsin:
hwant Maitiid, hòe tobrocht, is rju forflein.
As frede delrûzelt lyk sêfte rein,
neam my dan sydlings, hawwe jim de moed,
as ien dy 't wist syn kar: slaen of sels slein,
en achte dizze keap sa rjocht, as goed.
Oersetting Anne Wadman.
Konstantin Simonow biheart ta de jongere Russyske Sowjetdichters. Hy is ien fan de earsten dy 't him frijmakket fan de nasjonale heroyske pathetyk, dy 't de Russyske dichtkunst fan de lêste tritich jier bihearske. Hy focht sels mei yn it Reade Leger en gâns fan syn fersen binne op dit thema ynspirearre, lykwols sûnder de wenstige forhearliking fan Ruslân en syn heltestriid. Sjoch oer him De Baanbreker fan 15 Juny 1946.
Pierre-Henri Simon skreau as Frânsk ofsier yn Dútske kriichsfinzenskip in bondel fersen ‘Recours au poème’, dy 't fan de ‘Edition de la Baconnière’ to Neuchâtel (Switserlân) útjown waerd.
Seamas Haughey, de dichter fan it fers ‘Jachtfleaner’ (Fighter Pilot) tsjinne by de Royal Canadian Air Force en foel yn 'e striid op de 28ste Septimber 1943.
|
|