[Nummer 8]
Marten Sikkema:
In forsin.
Abe Brouwer: ‘Klinkerts’, útj. A.J. Osinga, Boalsert 1941.
Goed fjouwer jier hat it tusken oare ferseboeken yn 'e kas stien, mar hjoed, de trettsjinde, kaem it my wer yn 'e hannen. It hie net wêze moatten, mar hja hawwe it sels wollen, Brouwer en Osinga. De útjower kin men it faeks net ienris kwea ôfnimme: as de ponge mar groeit, mei de kultuer bêst hwat meagerder wurde. Hwat net alhiel yn oarder is, dat binne de pearhûndert print- (of skriuw-) flaters dy 't it boekje ryk is. De aeigiele kleur fan it omslach stiet yn forbân mei net-leine wynaeijen, waerd der fuortdaliks al grute.
De skriuwer lykwols hie sa wiis wêze moatten en bried dizze aeijen net út, hwant se stjonke.
Party minsken hâlde út, dat men in skriuwer alderbêst kennen leart út syn poëzij; men soe hast hoopje dat it net wier is: oars seach it der foar Abe Brouwer net bêst út. Mar dit derbûten litten: men bigjint jin ôf to marteljen mei de fraech hoe 't de romans ‘De Gouden Swipe’ en ‘Marijke’ - by alle lekken en brekken - dochs jit sa wurden binne as se binne. Soed er der faeks help ta hawn hawwe, en fan hwa dan? It liket nuver, mar men kin der net goed mear foarwei, nei dizze ‘Klinkerts’.
Alle fersen út dizze bondel to bisprekken soe in moedsum krewei wurde: inkeld it lêzen wurdt men al muoilik ûnder. Lit ús dêrom allinnich it koepletsje bisjen dat as opdracht - of forlechje? - foar it titelblêd ôfprinte stiet. Dat hat tominsten de fortsjinste dat it de hiele samling yn bigjinsel bifettet:
‘It is mar hwet spil fen simpel en sljuchtwei
samar hwet tinzen ta rigels forskreaun
't giet hwet oer Fryslân, oer ljeafde, oer Krúswei
sjongend for mem en bern - for folk en frjeon’ -
Hjirfan nou kin men sizze: it is ûnwier, goekeap, krom, ûnbihelperich; it leit sûnder reden hieltyd bûten de mjitte, it rimet min ofte mear tafallich, it is ûnlogysk fan struktuer,