De Tsjerne. Jaargang 1
(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 192]
| |
IIDreamend, doe 't moarntiid lāns de himel gong,
Hearde ik in stim, dy 't út it wynhūs song:
‘Myn bern, wurd wekker, skink de romer fol,
It libben fljucht, jim bin' sa koart mar jong.’
| |
IIIDe romer fol! en smyt yn Maitiids fjûr
It wintersk boeteklaed, de tiid is djûr:
Syn earn slacht al de brede wjukken út,
Nimt dy in lyts ein mei en dan is 't oer.
| |
IVOan d'ein fan de woastyn, der bloeit de wrâld,
Kom mei yn Maitiids grien en ljocht biwāld,
Hjir is alle ûnderskied en skeel fordwoan
En sultan Mahmuds gloarje lit ûs kâld.
| |
VUnder in beam mei brea en wyn en dy,
Gjin kening is sa ryk, gjin ljurk sa frij,
Ik lēs hwat fersen en dū sjongst en sjongst
En 't wylde gea wurdt paradys foar my.
|
|