| |
| |
| |
Nyckle J. Haisma †:
Simmer
VII
En sa stadichoan komt de tiid fan 'e rispinge. De sichten binne harre, it fêste folk en in mennich losse mânlju út 'e krite steane foar de stikken nôt, de arbeidersfroulju en greate fammen en noch in pear froulju út 'e buorren steane roungear to binen en de stûken rize oerein. Dit is min foar Aent, hy kin net bot meiskreppe. Sichtsje, dat hat er nea net leard en och, om to binen, dat hat net safolle fanneden, dêr binne de froulju foar en de greate jonges, Auke en Aent. Mar der is oars ek noch wol hwat to forhakstûkjen op 'e bouwen. Sa reizget er frijwol eltse dei nei de Efteruten om in mieltsje nije jirpels. Dat is moarns nei kealleboarnen sa syn loopke. In rêstige kuijer, de âlde reden del, it hânkuorke oan 'e gripe oer 't skouder. De fjilden hjirre, meast jirpels en biten, lizze almeast forlitten. As er moai foarlik is, sit er graech in skoftsje yn it gers fan 'e foareker. Dan is er hielendal wei efter de hege loffen. Krekt lyk as doe 't er bern wie. It is skoallefekânsje en Roel bokselt wolris mei en rint en draeft en fortelt. Fan skoalle en hwat hja boartsje en hwat foar rûzjes as der binne en hokker problemen yn harren lytse wrâld. Yn 'e slinken sitte toarnbeijen en dêr hat Roel ornaris in skoft wurk. Dan sit Aent op 'e foareker to wachtsjen. Heechsimmer, tiid fan rispinge, feestjen en fuorttsjen. 't Is oft der in foech mankelikens oer him komt om distiid. Is it it skaed fan in kommend ôfskie? Hy soe de dagen fêsthâlde wolle, de rook fan it fjild, de kleuren en de lûden, dêr 't er nea gjin aen fan hawn hat, dat hja safolle foar him bitsjutten. Efkes hat er okkerdeis yn Hollân pinfiske, soe 't net better wêze, dat er syn wurk oan jongeren oerliet en der mei ophâldde? Mar dêr woene hja neat fan witte. De âlde rivaliteit tusken de Hollânske en Amearikaenske direksjes. Mar tagelyk
hat er harren forteld, dat dit dan de lêste reis waerd, de lêste fjouwer jier. Ek dêr laken hja earst om. Dan soed er noch mar efkes fyftich wêze. Hy hat harren ek gjin fierder tekst en útliz dien en sei, hja moasten
| |
| |
der dochs mar op rekkenje. Sa net, de konferinsjes binne fierder tige nei 't sin forroun, gjin sprake fan ûnwennigens of frjemdens fan sfear. Hoe soe 't ek, in libben en milieu, dêr 't er mear as fiif en tweintich jier yn tahâlden hat. Dan komt de geast fan 'e greate wrâld, in oare wrâld, oer jin, in wrâld fan great formaet, greate ûndernimmings en greate skema's. Mei syn eigen bikoaring foar in skerpe geast. En hy seach de machtige Yndyske fjilden wer foar him, dêr 't er as ynspekteur de greate plannen útwurkje soe, dy 't hja yn 'e konferinsjekeamer sieten to bisjen, en jouns oan 'e diners mei direksjeleden en âlde Yndyske kollega's siet er koartlyn barde dingen út Ynje op to heljen en der waerd nei him harke. Ja, dat allegearre is ek syn wrâld, sels sterker as er efkes fan tofoaren wol miende. Mar nou sit er hjir, en dan sjocht er it hiele libben wer út oare eagen. De jonge sit ta de toarnbeijen en hy sit to wachtsjen mei in hânkuorke fol jirpels. Aeltsje giet mei Oktober nei Hollân. By ien fan syn eigen direksje-famyljes, ien fan 'e bêste froulju dy 't er ea yn Ynje kend hat, immen dêr 't er it fanke mei in gerêst hert oan tabitrout. Hja wurde âlder en binne goede help brek, selskipsdame en in goede takomst.
Read om 'e mûle fan it toarnbei-iten komt Roel werom en hja stekke ôf. Yn it middeisskoft is der wol hwat oars to dwaen. In ein tichtgroeide sleat, dêr 't de hokkelingen troch rinne wolle, moat heakkele wurde, in dampeal set, in plak lân, dat skielk oan 'e kulebult moat, ôflein. En dêr binne hja dan, de beide bruorren, al in bulte oer gear. Ek wol is er allinne en Keimpe tsjocht by 't folk lâns. Hy mei der graech oer, sa allinne yn 't fjild en it warbere libben neigean om him hinne. Soms is 't him oft der eat fan in iensumens om him hinne fallen is. Hat er him dochs in setsje wêzenlik bliid makke mei de falske hope op in nije takomst? Hat it fanke, Aeltsje, dochs sa bot yn syn dreamen libbe, faeks ûnbiwust? Nou is it dien, it bern hat rjocht op har eigen folsleine takomst en syn libben hat syn hichtepunt hawn. Hy hat syn kar hawn yn 'e jonge jierren en hat keazen. Mar nou stiet er allinne mids it Fryske fjild en fielt him in iensum man.
Augustus. Ein Oktober sil it wer wêze moatte. De lêste reis, Amearika? Of soe er it nea wer sjen. 't Is oft er dizze
| |
| |
dagen de needsaek fielt en lit in part fan alles hwat er as syn libben biskôge, farre. Ien ding mar bliuwt der oer, altyd wer, Fryslân. Hjirre de tichtgroeide sleat en de blomkes oer 't wetter en de rook fan 'e hokkelingen, dy 't nijsgjirrich om him hinne strune en him oan 'e mouwe slikje. De sichters en bynsters yn it giele nôt op 'e bouwen. En Aeltsje dy 't mei de bleate holle de wei delfytst nei de buorren om in boadskip. Hie hja faeks noch eat oars forwachte? Mei him nei Ynje? Hy kin it net sizze, in amerij hat er it tocht. Mar sa is it goed, dêr is er-fan oertsjûge. Dat allegearre is dien foar him, ek Mabel moast mar wei út syn libben, hja sille der beide neat oan forlieze, faeks. Forlies? Mar as in greate nije rykdom is de leafde ta Fryslân opbloeid yn syn libben. Fryslân, it wurdt ta in great en ljocht liet yn him, dat nea wer swije sil.
Sa driuwt it wurk yn 'e rispinge net, of der bliuwt tiid oer om hjir en dêr ris hinne to gean. Dat is mei de âlde lju ris in kear nei efter Dokkum, dêr 't in neef wennet en nei Eanjum, dêr 't noch in âlde muoike libbet. 't Is in Cabriolet, dy 't de Direksje him joech om oer to biskikken. De boel kin dus tige iepenset wurde en dan sa op 'e neidei ride hja der ek sa kalm oer, in segaer oan. It folk yn 'e buorren stiet efkes stil en hja wiuwe. Obma's folk is op 'e dyk; nou tsjocht de omke út Ynje der dochs ris faker op út. Hja witte lykwols net, dat Aent it docht om de oaren in deugd to dwaen. Wis, om sa efkes om to riden en de wrâld to bisjen, dat sinnicht jin wol, mar hwat giet der boppe it dwalen troch de krite fan 'e eigen pleats, kile en klompen oan en mei de polsstôk? It jongfolk kriget ek syn gerak en om bar tsjogge hja hjir en dêr hinne, almeast de Wâlden del, as der ien of oar to dwaen is, sjongen of muzyk of in iepenloft-spul. Dan hat er syn wille oan 'e bliid-hoopfolle faesje. Wûnder, dy omke yn 'e wein, kreas opklaeid, en nei it feest, in hiele neidei. Brúnbarnd sitte se njonken him en efter him en Aent hat der syn wille oan. De âlderen, Wytse en Froukje, binne folle rêstiger, foar harren is soks in weelderich útsje en weardich kuijerje hja mei omke sa'n hiel jounsskoft it feestterrein op en del of sitte en harkje nei de muzyk. Aent stiet deun by harren en tagelyk fier der ôf. Minsken, dy 't faeks syn lot fan allinne-wêzen
| |
| |
diele sille. Mar har problemen rinne yn oare dingen faeks to fier út inoar as dat hja elkoars djippe fortrouwen winne soene. Sa rinne hja trijeresom njonken inoar, elts mei syn eigen probleem. Dochs is it harren goed sa, wend as in Fries is, om allinne mei syn fragen oan to pielen, faek oan syn eigen grêf ta. De stûf-swijende Wytse, de sêfte, guodlike, mar dochs slettene Froukje. Dochs steane hja him nei en binne eigen wurden.
Om ris in dei mei de bern nei de boarterstún fan Swarte-weisein to tsjen of nei Beetstersweach, dat is ek in ding fan wûndere wille: de wein fol, in pear freonen en kammeraetskes derby. Dan is er oppasser en guodlik syn segaer smokend trapet er sa'n neidei to 'n ein en drinkt hwat en giet mei op 'e wip en de touter en de draeimoune, oant er swit en de bern slop binne fan laitsjen. Oer soks sahwat wurdt dagen praet, oant Keimpe der by 't iten mei delkomt: Omke bidjert jim allegearre en moat altyd mar ré stean. Mar 't is Aent nea tofolle. Ek de greate jonges krije har bar. Dat is in iepenloft-spul to Kollum. Al bitiid op 'e neidei stekke hja ôf en ride oer Dokkum en in ûnbidigen ein om. Yn Olterterp stekke hja oan en ite en drinke hwat en tsjin 'e joun komme hja to Kollum oan. Dizze reis is noch wol hast it noflikst. Och, dy libbensenergy, dy 't út har hiele wêzen sprekt en út elts wurd. Gjin famke ûntkomt harren. En hwerom sille hja der foar Omke in geheim fan meitsje? Dat hawwe hja yntuïtyf field, soks wie by Omke bitroud. Mar nou wurdt it in minne boel. In iepenloft-spul is fansels tige moai, mar earlik is earlik, it is harren feitlik om in famke to dwaen. En hoe moat dat: ornaris is men op 'e fyts. Mar Omke jowt harren de wink: gean jimme gong mar, 't komt foar inoar. En as hja nei ôfrin, in bytsje forlegen, oanpanderjen komme, elts mei in leaf fanke, beide fan Twizelerheide, dan fûstkje dy mei omke, drinke hwat en de beide fytsen wurde efter op 't bagagerek boun. De twa pearkes efteryn, wûndere stil en Omke, glimkjend, rydt nei Twizelerheide. En midden yn 'e nacht ride hja trijeresom lûd sjongend it sliepend Fryslân troch nei hûs ta.
| |
| |
| |
VIII
As de Augustusdagen foarderje, rint de lêste golle en de terskhússouder fol nôt. Ek dat is in fleurich skoft, mar oars as de ûngetiid. Dy feart fan doe sit der net efter, dat makket it allegearre hwat gemoedliker. De beane rattelje yn 'e pûlen en Aent tinkt oan de foarsimmerdagen, doe 't er op 'e foareker lei en de rook fan it beanebloeisel opsnúfde. De risping, dat is de ein. Ja, ek dit is allegearre moai en goed, mar 't is dochs wol wier, der sit yn 't ûnthjit eat, dat de reäliteit mist, it beanebloeisel ropt dreamen towekker, dêr 't de droechratteljende pûlen oan 'e swarte stronken net oan ta komme. Dit is oars wer wurk, dêr 't Aent him tige by reppe kin, hy stekt op en rydt en stiet op it gol om oer to smiten. As de dei net al to drok is, moat der tsjin 'e joun noch alris fiske wurde en omke moat mei. Dat dan stekke se mei de wjirmklomp en in ammerke en angels de greiden del nei 't Djipt ta en dêr yn 'e swiere reidseame sitte hja en swije, elts mei syn tinzen allinne. Aent is net in great fisker, mar dizze stille jounen oan 't wetter binne him altyd tige nei 't sin. It reid rûkt, in pear reidmosken jowe lûd yn 'e seame, oan 'e oare kant leit de aek fan in fisker, dêr 't de taen- en tarrerook wei oerdriuwen komt. Stadich glydt in âlde flesse foarby en in stik koark, de kant út nei Nije-Silen, der sit in bytsje stream yn 't wetter. In skip komt foarby, de feint rint yn 'e line, dy tipt út en troch op 'e reiden. Oan 'e oare kant de wide lannen, greiden almeast, oan 'e Wâlden ta. En efter de Wâlden, fier Súd del, dêr bigjint de Wrâld. Sa tocht er as jonge, as er hjir siet to fiskjen. Ja, sokke jounen binne goed en myld en ryk. Mar altyd wer merkbyt er it, de lichte fleurigens fan 'e foarsimmer hat plak makke foar in soarte fan mankelikens, dat er sels net rjocht forklearje kin. Is it de tiid fan 't jier?
Of is it, dat de forlofsdagen op in ein rinne? Aeltsje faeks noch mei? Mar dit lêste hat er al lang fan him ôfset. De oare moanne, as er nei Hollân om syn saken definityf to regeljen, nimt er har mei. Hy moat him noch ditten en datten oanskaffe. Dêr lit er syn tinzen oer gean en sjocht, hoe 't it wetter foarbyglydt en in fiskesnútsje út en troch boppe 't wetter útwipt en in fûgel oer it spegelflak skeart. Net altyd sit er hjir mei de
| |
| |
jonges. Hwant mei de fekânsje is der ek in âlde kunde yn 'e buorren bilânne. Jarich, in mennich jierren âlder as Aent, yn 'e skoalletiid al in wûnder knappen baes. Hy hat it brocht ta learaer earne yn Gelderlân. By 't simmer hâldt er hjir altyd in wykmennich ta by in âlde omke en muoike. De man hat in tige ûngelokkich houlikslibben hawn. Syn wiif is nei jierren sukkeljen der ôf kaem to reitsjen en syn iennichste bern, dat ûngelokkich wie oan 'e rêch, hat har net lang oerlibbe. Dat it is in iensum man wurden, as er dizze fekânsje ris efkes delsetten komt op 'e pleats. Hy mei graech ris prate en Aent mei wol oer him. Jarich is ek in tige fisker en sadwaende panderje de beide mannen ek togearre wolris de lannen del om in skoft by 't wetter troch to bringen. O sa 'n ienselvich man is 't wurden, hielendal net bitter, mar yn himsels keard. Ik wit, seit er, hwat ik fan 'e minsken to forwachtsjen haw. Minsken kinne inoar net folle jaen, mei de bêste wil fan 'e wrâld net. Wis, hja kinne inoar bystean en ried jaen en treaste, mar 't is in earm minske, dy 't it fan oaren ha moat. Dat hat it libben my leard.
Aent knikt. In ideael moat der wêze, dat jin hâldt en draecht, faeks bidoelt er it sa. Mar Jarich skoddet de holle. Dat is mar foar in diel wier. Aent soe it faeks net forwachtsje, mar hy hat it ideael fan syn libben foun, it ideael fan elts libben. Oan godstsjinst hat er yn syn jonge jierren net folle dien. Mar yn 'e bittere skoalle fan it lijen, doe 't alle útsjoch forlern like, hat er it leard. Alles yn it libben hat syn doel, God hat der syn doel mei en syn tinzen binne heger as uzes, syn wegen wûnderliker as dy fan in minske. En as men yn 'e sinleazens, doelleazens en legens fan it libben stiet, en men wit de stikken net mear oaninoar to passen en it brekt jin by de hannen om en ôf, dan seit God, sjesa, nou krij Ik myn bar om eat to sizzen. Och, in ideael is moai, mar 't tilt net heger as de wolkens. Mar dit, it Godsbitrouwen, jowt it libben doel en stjûr en ynhâld en sin en tilt it heech boppe de wolkens oant yn 'e ivigens. Sokke forhalen harket Aent stil nei. De wûndere rykdom fan in libben docht jin sa goed. En dit is it karakter fan 'e Augustus-dagen, dy 't ien foar ien foar-bydriuwe.
| |
| |
't Ein fan 'e fekânsjetiid is, lyk as safolle jierren lyn, Keninginnedei. Net dat it de âlderen folle oangiet, mar troch de bern libje hja deryn mei. Yn 'e buorren is 't gjin feest, mar alles moat ornaris nei Dokkum ta. Der is om alles in libben en in fleur, dy 't it hichtepunt fan 'e simmer lykje oan to tsjutten, de útsetter. 't Waer lit him de lêste dagen neat to goed oansjen de moanne hat wûndere fêst west, mar nou falt der noch al ris in bui en de loften binne heale dagen bilutsen. Under kofjetiid, moarns, as de post der is, sitte hja de feest-programma's nei to sjen en omke beart tige mei. Mei it jongfolk ûndergiet er de bikoaring fan eat bliids, dat komt, ek al bitsjut it foar himsels neat. De âldelju hâlde har oeral bûten, hja sille sa folle mûglik frij wêze fan melken. Mar ien sil der altyd wol byspringe moatte. De eagen geane nei Omke Aent en dy knikt: hy melkt. Mar Keimpe set de fûst op 'e tafel. Hwat blinder! dat moast nou ek noch wêze! Perfoarst net, hja witte, omke Aent wol nei 't keatsen ta en al wie dat sa net, dan gie 't noch oer en dêrmei út!
Nou, en dan ìs 't út. Omke glimket en strykt de hân troch 't golvjende grize hier en stoppet in pipe. De bern witte 't al, hja geane de moarns mei Omke yn 'e auto nei 't berne-feest. En fierder stiet dan foar Omke it keatsen op 't program. Hy en Jarich, sels in âld-keatser.
It wiist mar min, de moarns as hja meltse. Reinich en in tichte loft. De âlderen stinne der net bot oer, hja hawwe oan fan 'e middei ta de tiid: dan kin 't bêst hwat opljochtsje. De bern, Geeske en Roel, sjogge sunich. Mar Omke seit, de wein is ticht en as soene hja de paraplu ek meinimme moatte, hja geane hinne. Sa bart it en it falt ta. As hja nei de koralen stean to harkjen fan 'e koepel fan 't âld stedshûs, is 't al fierhinne droech en as hja om in ûre as toalve 't hiem wer opride, elts mei in protte snobbersguod, is 't sinneskyn waer. Mem hat iten foar harren warm hâlden. Underwilens is 't jongfolk oan 't klaijen. Daelk nei thédrinken kinne hja ôfstekke. Wytse melkt. Mar tsjin de tiid dat hja ôfsette, moatte hja ûnfetsoenlik laitsje. De beide âlde bazen stekke ôf, geandefoet. Ja wier, geandefoet. En de auto stiet yn 't weinhûs. De iene mei de stôk, de oare, omke, mei de paraplu en de bleate holle. Geeske en Roel steane harren op it brechje efternei
| |
| |
to wiuwen. Ja, Aent moat sels ek glimkje. Nou binne hja de iennichsten en de fytsers dy 't harren hastich fan efteren ynride, laitsje en roppe hwat. Yn 't foarige moasten hja it as bern ek to foet ôflizze. Mar der is hwat goeds yn dizze kuijer togearre en hja smoke in goede segaer. Minsken dy 't de wrâld en it libben kenne. Allinne it laitsjende lân en it forwachtsjende jongfolk bitsjut harren noch hwat, mar stadichoan glide hja mear oer nei it forline. Minsken dy 't oer 't hichtepunt hinne binne.
Yn 'e stêd moete hja ek it eigen folk. Aeltsje stapt der mei in fanke fan dûmny, dat yn Gelderlân op in kostskoalle giet. In pear wurden en hja reizgje troch. Efkes jitris twivelet Aent, is der eat yn 'e eagen fan dat fanke? Hy hopet dat er him forsint, hy hat syn bislút nommen. Fleur en muzyk en gekkens en mâltjirgjen. Ja, it docht jin dochs goed. En oandachtich folgje hja, elts op in stuoltsje, it keatsspul en forjitte tiid en plak. Op 'e joun ite hja yn 'e Posthoarn stadich in mieltsje en bislute om ek it ein mar mei to meitsjen. Om ris to sjen, hoe 't Fryslâns jongfolk gearhokket en al boartsjendewei in nije generaesje mei opbout. Op in rêstich plakje oan 'e Grêftswâl harkje hja nei de muzyk op 'e Syl en wûndere ljocht en libben wurde de bylden fan 't bliid forline. Dan sette hja wer ôf, de mâlfarjende pearkes ride harren efterop.
Nou is de simmer dien.
(Wurdt fuortset)
|
|