De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 207] [p. 207] Willem Dykstra: Ast du komst Ast dû komst sil ik de loanen mei bloeisels bistruije, set ik de poarten wiid iepen. Ast dû komst yn sidene priel, wûndere hearskeres, fier ik dy yn in feestlik kastiel, oh ljochte prinses. Ast dû komst sil ik dyn fyn-wite lea omklaeije mei it tearste rea fan myn blomte. Ast dû komste skou ik hoeden fansiden it reach fan 't lêste gerdyn. Hoe sil dan grienje ús bêdsté, en geurje it blanke satyn, as ik bin ré, en dû komst. [pagina 208] [p. 208] Maeije-need Leafste kom, kom, nou 't rounom de seringen bloeije, en geurje de roazen; nou 't de fûgels djoeije en brekt it liet fan de froask; nou 't troch de bjirken huverjend rinne de nachten, en oer de poel, yn great forwachtsjen bûget de wylch; nou 't de bisten âlje' en de koekoek noedt; nou 't de sinnen wâlje en it driftige bloed brûst tsjin de iggen. Kom nou, ear't falt de joun, hwant ûntfangensré leit it tún, en toarstich himet de groun. Unwennich rûst de kastanje, en triljend wachtet it hou. Kom lea, hwant efter bluist'rige franje slacht in heukerjend hert. Kom nou, en toevje net. Vorige Volgende