dinsjeforskynsel, miskien net ienris sasear fan de dichters (dizzen binne nammers meast noch to boargerlik om ek noch dekadint to wêzen), mar mear fan de tael. It liket der op, as is it Nederlânsk dichterlik folslein útbaggele, der binne gjin nije mooglikheden mear, allinne mar nije gûchelkunstkes. Alles is ûndersocht, experimintearre, pervertearre, fan it stammerjen en de dierlike skreau ôf, lâns de wei fan it teare, it mimerjende, boartlike, lichtfuottige ont de folsleine klassike folsin ta mei syn steatlik pathos. Elke âlde dichter is nij ûntdutsen en neifolge, elke nije dichter bisiket wanmoedich der dochs noch hwat eigens en persoanliks oan ta to foegjen; mei syn geast yn de nuverste bochten to wringen. Alle wurden binne dichterlik gongber jild wurden, fan hert en smert ôf ont skriuwmasjine en Limousine ta. Alles hwat der noch komt hat der al west. De tael is sa bûgsum en oansjitsk, sa meigeande en sa leaf wurden, dat elk ûntwikkele mins mei in bytsje gefoel foar it dichterlik jargon en in bytsje handichheit yn it útstallen fan fynsten, sûnder dat er him hoecht to skamjen meidwaen kin oan dat boartsjen op 'e grins fan boartsjen en earnst, dat men ‘kunst’ plichtet to neamen.
Hwat ienris stienbikjen wie is glêsblazen wurden. It dichtsjen is in perverse selsbifrediging yn pleats fan in machtsgebearte. De dichter is gjin profeet, gjin keardel, net ienris in bohémien mear. Hy is in meager mantsje mei in bril op en in sympathike Hollywoodglim om syn mûle, dat eartiids boekhâlder of fortsjintwurdiger waerd en nou dichter, d.i. reizger yn kulturele produkten. Hy jachtet sightseeing alle wierheden bylâns en bilânnet, de stim fan syn dichterlik gewisse ûntflechtsjend, yn in dekadint, rôzich-kartonearre dichtbondeltsje mei in protte lege siden en in machtich kolophon.
De Nederlânske groun wurdt fan in universele dichtersvegetaesje kealfretten en útsûgd. De dichterlike massamins bismoart de Nederlânske kultuer. Men soe suver tankber wêze foar it bistean fan ynternasjonale fuotbalsneinen. Wis, dat is goedkeape sensaesje foar it rosmos en stiet net op it hege yntellektuële peil fan litteraire pencongressen en noch litterairder soirées. Mar it is dan dochs souner, omt it altyd noch in krûm elementairder is, noch ôfsjoen fan de greater spanning dy 't der mei anneks giet. De revolúsje fan it fuot-