De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 212] [p. 212] G.N. Visser: Komselden Komselden is 't, mar soms fiel ik my doch Allyk in pylder fan 'e maetskippij, As 'k by de boer sit en gewichtich sjoch, Segaren smook en praet oer stamboekkij. Praet mei de boer, mar luorkje nei de faem, Taksearjende tomûk har mûtelheden, Har mûle, fjûr ... o sêft en willich laem - En 'k seingje stil de plattelânske seden. Hwant binne hja oan kant, hwat wol ik mear? Ek hja is net fan strie, 't is samar klear, Natûr dy triomfeart mei flag' en wimpel. Problematyk? Skyt! Alles is dochs simpel. Op ien bitingst dan: lit dyn leafde frij Fan stêdske kunst en hjitte speserij. [pagina 213] [p. 213] Amtners Soene se har lestertongen jitte Glêd en effektyf to brûken witte, Giftich gigelje, feninich spotte, Slypje har forset op wrok syn hotte? Giet har headman jit sa hoeden slûpend, Laitsjend noch freonlik, lef en krûpend, Samlje se jit altyd fitrioel, Bleau Syn wang it hjitbigearde doel? Hâlde se jit altyd by as juster Fan syn sûnden it persiis register? 't Waechst, 't waerd greater, alle dagen mear. De typiste hie sa 'n prachtich ear. En de Master hat dy yn 'e eagen Jit dat earlike en dêrefter leagen, Is dit altyd jit syn prakkesaesje: Hoe hantearje ûngenede en graesje? Wit er wol, dat de Romein him learde 't Diel en hearskje, dat syn macht fornearde? Sjoch syn hannewriuwen: bûge, brekke Sil ik dy jongfeint de stive nekke. Mar skynt ek noch stees oer alles hinne 't Goudich glânzgjen fan in falske sinne? O dat breed gebeart, de laeits dy 't splyt Om in toskerân, dy 't skuort en byt - Dan is alles goed en gean 'k wer sitten Oan in tafel, al to lang forlitten, En mei wille, sûnder tiidforlies, Kreakje 'k wer de nút mei hurde kies. Vorige Volgende