| |
| |
| |
Anne Wadman:
Jurjen (fragminten)
Ik haw Jurjen foarstelle moatten oan syn komôf: pake en beppe. Der sieten trije generaesjes yn en om dizze widze. De jongste geneiaesje hat it net bigrepen hoe 't er hjir ûnsêftsedich konfrontearre waerd mei syn eigen forline, dat mei in stive boarde om en in steatlik lekkens pak om 'e lea, mei in swart sidene jurk mei risseljende kant oan, op 'e takomst siet to stoarjen. Foar de âldste generaesje moat de forskining fan dizze fleislike opfolging in ûnûntwynber teken wêze dat er him wol ôfjaen kin, dat syn oanwêzigens ta neat mear nut is as ta in meditative wanmoedigens en in tankber fielen fan alteast frucht set en plicht dien to hawwen. Myn heit hat soks wol field, syn hannen trillen gefaerlik as er syn genamt op 'e knibbel hie. In pakesizzer is him frjemder yn 'e hannen as de pinne dêr 't er jier yn jier út siferkolommen mei swartkrast. Hja wurde âlder, of koartwei: âld, myn heit en mem, hjoed haw ik it skerper field as ea, it jowt in wrange tear yn jins ynderlik, as is men der sels skuld mei oan, wylst men dochs ek net oars as jins plicht docht. Men tinkt sa dizenichwei: mei tweintich jier sit ik ek sa. Rins fielde it sasear net, dy wie tofolle forhearlike, to greatsk op har frucht. Hja en mem bipihbaden en kidelen de lytse man om striid, en Jurjen lake dat it sa hwat die en griep mei syn prulderige gleije fingerkes nei alles hwat er al of net bineikomme koe. As heit en ik by de widze kamen bleau er stil lizzen en seach er nei syn swarte pake mei greate grille eagen. As er prate kind hie hied er sein: Hwat wol dy lulke swarte man? In stuit spjaltte 'r syn bekje iepen en skreaude om Rins of om hwat oars.
Heit en ik seagen elkoar oan, ûntwieken doe elkoars eagen en bigounen oer bilêstingen en pensioenjierren. Dêr ha wy fierder de tiid mei toneinkôge ont de bus kaem en de bisite wer ôfreizge.
Ja, heit en ik hawwe elkoar forstien, sûnder wurden, by it fûstkjen. Ik wit hwat er sein hie, as it nedich west hie om eat
| |
| |
to sizzen: Jow dy der mar by del, birêst der mar yn. Mar de atmosfear tusken ús wie to suver en to klear foar formules. Frjemd, dat men sa ynienen jins heit neijer komme kin. Wy dy 't jierrenlâng amper wisten dat wy elkoars heit en soan wiene, wisten it nou hommels troch dy kraeijende en spinfuotsjende lytse protter yn 'e widze. Noch wit ik de dei dat ik him forlear, myn heit, dat wy elkoar frjemd, fijânnich en mear as fijânnich: ûnforskillich waerden, ús lêste kuijertocht togearre, yn 'e Feitsesingel op it doarp, in Sneintomiddei lang forlyn. Foar de tiid: heit de almachtige, alles kinnende, alles wittende, de ûnfeilbere riejower, de fortroude freon, dêr 't men al jins fragen, problemen en lefheden oan kwyt kin. Neitiid: heit de krantlêzer, de partijbistjûrder, de amtner, de nifelder fan hinnehokken en stikken túnark, de man dy 't hântekeningen set op 'e rapporten ûnder it ‘ouders of verzorgers’ en by einsluten de man dy 't allinnich noch mar goed is om forstân to hawwen fan fiskale saken dêr 't men sels yn forslacht en om by to springen as it bryk rint mei de sinteraesje. Skerp snijt my dat fatael momint fan de ûnhielbere skieding jitte yn 't ûnthâld. Wie ik toalve of tretjin, dy Sneintomiddeis? En nou, oer de widze fan Jurjen Jr., is alles oersljochte, binne wy mei elkoar yn 't lyk; de âlde en de âldere generaesje dy 't har yn ienriedigens toskoar sette moatte tsjin de oanstoarmingen fan de takomst dy 't hja sels forwekt ha.
Foarlopich is it probleem net aktueel jitte. Jurjen syn opfieding bistiet yn earsten út de tafier fan suver materiële dingen: banaen, parsop, molke. Ik ha dêr neat yn by to bringen, it giet bûten my om en spilet him ôf tusken Rins sels, har boek oer bemeforsoarging fan Dra. Anny-wit-ik-hoe-mear, de radioútsindingen oer bemeforsoarging en har eigen memmige yntuysje oer bemeforsoarging. Ik ha fan datoangeande gjin stim yn it kapittel. Soms moat of mei ik de flesse boppe de kachel hâlde ont de thermometer de foarskreaune waermte oanwiist. Dat is net fan bilang, ús wurkster hie dat ek dwaen kind.
Soms moat ik myn sin sizze fan de stikken klean dy 't muoikes en efterniften ús tastjûre yn postpakketsjes mei lange
| |
| |
hertlike brieven fol staveringsflaters en tante Betje, of dy 't hja sels bringe op lange middeisbisites, dat ik myn ôfwêzigens lokkich priizgje. It is mar foar de foarm, dat ik myn sin sizze mei, hwant myn oardiel tsjinnet ta neat en wurdt stilswijend oan kant lein nêst de ôfkarde ynkommen stikken. Miskien is it wier, dat ik gjin rjochten ha op de Libelle en het Rijk der Vrouw, ik sjoch se ek mar allinnich yn om sa nou en dan de tankberens foar myn manwêzen farsk bloed to jaen. Mar men wol ris meiprate en jins niget toane oan hoaskes, mûtskes, kuijerpakjes en slobbroekjes, al wie 't allinnich mar om in tofolle oan tearichheid kwyt to wurden yn dizze earbied foar de gewoanste dingen. Der wurdt net rekkene mei hwat ik siz; hwat ik net lije mei, omt ik forwachtsje dat Rins har smaek der ek net oan wol, wurdt favoaryt; hwat ik priizgje, omt ik forwachtsje dat Rins it ek priizgje sil, wurdt wei yn in kast om allinnich wer op it aljemint to kommen as de goederjowske muoike sels komt om ûndersyk to dwaen nei it lot fan har selsbreidene skinsjefte en ris hwat yn ús trijemanskip om to sneupen nei mooglike ûngerjochtichheden as sensaesjemateriael foar oare muoikes.
Yn dat trijemanskip is Jurjen de oanbedene, Rins de oanfierder, en fiel ik my de forhûddûke, de oerstallige tredde, de houn dy 't de bonken kriget. Dat is fier mis fansels, hwant ik bin krigel en koppich genôch om my net del to jaen by it pantoffelheltskip. It is mar sa'n gefoel, ûnbiriddenearre, mar likegoed reëel en pynlik foar myn selsfielen. Ik haetsje de almacht fan Dra. Anny, dêr 't Rins har bifelhawwerskip op birêst. It is it kompas dêr 't wy op farre en dat de koerts útset dy 't ús libben folgje moat. Us hiele bistean stiet yn it teken fan Dra. Anny, haedstik safolle, side safolle en ôfbylding safolle. Och, as ik de moed ta wearstân en kreauwerij hie, soe ik it boek fan Dra. Johanne-ik-wit-net-hoe-fierder oantuge kinne en my wapenje mei dy har wierheden, dy 't heechstwierskynlik krekt oarsom binne as dy fan Dra. Anny. De modernste bifiningen fan de wittenskip, sels yn bern, binne altyd yn flagrante striid mei de aldermodernste, dêr is gjin mis op. Mar ik lit it gewurde. Dra. Anny hat to uzes nou ienris folslein de gunst, dra. Johanne leit noch altyd mei in priiskaertsje fan f 2.90 foar it glês fan it boekwinkeltsje op 'e
| |
| |
hoeke dêr 't ik wolris foar stean to gnuven, mei de hân op 'e platte beursbûse.
Soms fynt Rins yn har tiidskrift ‘It Bern’ tusken de foto's fan swietglimkjende rikeljusberntsjes by Krystbeamkearsen en tekeningen fan Rie Cramer in stelling dy 't heart ta it alderbaldermodernste en dy 't Dra. Anny in pyk set. Dra. Anny kriget dan ûnforhoeds in reade poatleadstreek mei de oantsjutting: sjoch It Bern, jiergong safolle, side safolle, nûmer safolle. Al dy mei wittenskiplike suverens registrearre foarderingen yn 'e bernology glide sûnder kantroeren by my lâns. Ik freegje my skouderlûkend ôf hoe 't iksels sûnder de aldermodernste útfynsels fan professoren en doctoranda's bihoarlik folwoechsen wurden bin. Mar it is sa, myn opfieding miskearret noch al it ien en 't oar oan, ik ûnderfyn it eltse dei.
Jitris, it probleem is noch net aktueel. Jurjen is noch to folle dier, noch to folle fleisklobbe, myn yngripen is it pas tiid foar as syn yntellekt bigjint mei to praten. Mar ik bin op myn iepenst. Sadré 't de bananen, it parsop en de op temperatuer brochte molke net foldwaende mear binne, mar ek de geast syn gerak ha moat, is 't myn tiid. Ik bin wach.
It earste konflikt hat west, en ik haw dizze striid mei glâns forlern. It bihearde einliken jit net ta myn kompetinsje, mar ta it lichaemlike dat ik stilswijend wend bin oan Rins har initiativen oer to litten, mei in wrang fielen fan forsearre ûnforskilligens. Diskear miende ik dat it myn plicht wie yn to gripen.
It wie hjoed in kâlde midsimmerdei, hjerstich en mei stoarm. Jurjen moast yn de wein bûtendoar, neffens dra. Anny. It dearde my oan, it earme hart koe wit hwat opdwaen. Ik hearde him yn forbylding al hoastjen en kocheljen. Ik wit wol, dat men bern hurdzje moat, en ik wol ek wol leauwe dat ús Jurjen sa soun en sa hurd is as in dyk. Mar der binne grinzen, en dit experimint wie my to grouwélich. In bern is gjin keardel, en hoecht it ek net to wêzen. In soun lichum is in skoan ding, mar de geast is fan heger oarder. Better in geve geast yn in gewoan boargermanslichum as in domme geast yn de bealch fan in athleet. Fan bokskampioenen en gewichtheffers is my noait net folle geast oanwaeid.
| |
| |
Fansels sei ik dit sa net, ik lei it oars oan en spriek hiel dimmen fan kjeldskypje, it wurd longûntstekking woe my net oer de lippen. Mar likegoed krige ik Dra. Anny har wyn fan foaren. It waerd my tatreaun mei yllustraesjemateriael en al. Hwat Dr. dy-en-dy sein hie en Prof. Sa-en-Sa wittenskiplik fêststeld en hwat Dra. Anny har konklúzje wie, teffens groundearre op persoanlike waernimming. Wittenskiplike logika fan dit formaet bin ik gjin treast. Ik swij forkast. Ik lit wrokjend en tokoartdien yn myn bisef fan forantwurdlikheid Dra. Anny de souvereiniteit yn dit hûs.
Jurjen lit it oer syn ûnskuldich holke mei de sympathike hiertûfkes gean en grypt mei kraeijerige lûdtsjes nei it gerdyn fan de wein dat yn de wyn wapperet. Hy hoecht ek net to witten hoe stienhurd as syn mem oer him is en hoe goed de bidoelingen fan syn heit.
Hjoed is Jurjen fiif jier wurden. It it in punt fan bitsjutting yn syn lyts libbentsje, dat him alle dagen útwreidet oer dizze ûnsillige wrâld. Yngrypt haw ik jitte net. Dat kin altyd noch. Ik haw mei mysels ôfpraet om pas dan yn to gripen as ik eat yn him ûntdek dat him fan oaren ûnderskiedt. Ont nou ta is dat net bard. Us Jurjen is folslein gewoan en noarmael, krekt as alle oaren, miskien noch gewoaner en noarmaelder. Hy hat noch altyd myn eagen, sizze se, dat binne omkes en muoikes dy 't my in deugd dwaen wolle. Noch altyd blinkt der soms yn syn eagen hwat fan Rins harres om, binammen as er de baes spilet oer syn maten út 'e strjitte. Dêrút ôf to lieden dat der hwat fan in lieder yn him is, - ik haw de moed net. De iennichste konklúzje dy 't ik oandoar, is, dat er him net fan 't sté kringe en forhûddûkje lit, mar de moed hat him jilde to litten. Dat hat er fan Rins, - en fan my ek, miskien.
Yntellektueel foarlik is er net. Hy hat syn praten oanleard yn 'e selde tiid as in sljocht en rjocht mins foeget, neat earder, neat letter. As ik him papier en poatlead yn 'e hantsjes triuw, krast er achteleas en mei in hwat forfeelsume hântaest it blêd dwersoer fol, sûnder systeem of artistike konsepsje, ont de punt brekt, dan boartet er autotsje sûnder folle fantasij. As ik him sjonge litte wol by de piano krijst er út dwerskoppigens ynpleats fan dat er út dwerskoppigens swijt. Dwerskoppich
| |
| |
is er dus ek noch net iens. Op radiomuzyk reagearret er negatyf.
Né, ús Jurjen is gjin wûnderbern. Dat wiene Rins en ik ek net en hoe kinne wy dan fan ús krusing forwachtsje dat er oan sa 'n twivelich fromme winsk foldwaen sil?
Mar, nou 't er syn earste lustrum fierd hat mei in pear bern fan 'e buorlju en hwat snobbersguod, fiele wy beide dat wy hwat dwaen moatte. Men went oan alles, sels oan it hawwen fan bern. Wy hawwe de illúzje en de theorij ôfsward en steane mei beide fuotten op 'e groun. Fansels, as er gjin bisûnder bern is, kinne wy der net yn stampe hwat in bisûnder minske fan him meitsje sil. It moat dan mar naeid sa 't it knipt is. De karakterfoarming ta in biskaet minimum fan minsklike weardichheid, och dy is hiel ienfâldich: foarkôgje hwat mei en hwat net mei, hwat heart en hwat net sa heart, - hwat fatsoenlik is en hwat fiis en ûnhuer, hwat forkeard en goed is. Wy hawwe dêr gjin striid mear oer. Dat wie twa jier lyn doe 't Jurjen noch neat wie en alles wurde moast. Jurjen mei net lige, net rare wurden sizze, skyt is bygelyks forbean, en poep ek, al koe dat der by my noch wol op troch, men moat grinzen stelle en Rins har grinzen binne konsekwinter dan minen, ik skik my dus en meitsje der gjin probleem fan. Jurjen mei net lûd raze as der bisite is, gjin lytse famkes narje en slaen, syn klean net skuorre en net smoarch meitsje, de kat net oan 'e sturt lûke en net oan de kaktussen en dahlia's komme. It is hiel ienfâldich. De iepen-each-iepen-ear-theorij is allang bismoard yn de wanmoedige striid om dizze alderelemintairste bigjinsels der yn to stampen. It is hiel ienfâldich, hwant der komt ek gjin argumintaesje by to pas, it bern freget net nei de sin fan sok forbieden, it nimt it, lyk as it alles nimt, lyk as it ek de wurkfordieling nimt, dy 't Rins en ik nei lang oerliz op him tapasse. Ek yn dat opsicht is it nou hiel ienfâldich wurden: Rins bisiket him de kultuer yn to jaen mei it lêsplankje en ik mei de piano. Sa wurdt Jurjen mei kultuer bistookt fan twa kanten om barren: aap-noot-mies en mem-der-leit-in-berntsje-yn-'t-wetter.
Ik wit net hwat der eins mei Jurjen is. Hy hat dochs hwat dat oare bern net ha. Of leaver: hy mist hwat dat oare bern
| |
| |
al hawwe. Oare bern? Hoefolle oare bern haw ik kend? Mei ik myn eigen dizenige oantinkens as kriterium stelle? Of sit ik tofolle ûnder bisleur fan de berne-anekdoaten dy 't lêzeressen nei de Libelle opstjûre en dy 't Rins my soms foarlêst? Hoe 't bern yn har bernigens ûnbiwust grappige setten dwaen kinne. Soksoarte anekdoaten soe ik fan Jurjen net bybringe kinne, al woe 'k nòch sa graech. Leit it oan syn opfieding of mist er út himsels dat gefoel foar ûnbiwuste humor? Wis, hy hat lang krûm praet, mar nea sadanich dat wy der om laitsje koene en de forbasteringen oan oaren fortelle. Hy trape as lyts bern de kat op 'e sturt, mar mear mei in soarte slûchslimmens as mei de heal-earnst-heal-grappigens dêr 't oare bern soks mei dogge. Doe 't myn âldelju hjir okkerdeis wiene hat ús mem ûren lang berne-anekdoaten fan my opdist. Wy woene wol graech in tsjinprestaesje leverje, mar koene net, der wie gjin stoffe oangeande Jurjen.
Ik bin soms bang dat sokke bern as hy dandies wurde en snobs. Leit it oan ús, - nimme wy him as persoanlikheid tofolle au sérieux? Hawwe wy him to jong de twangskroeven fan yntellektuele en artistike foarming oanset en in bres sketten yn de ûnskuld dêr 't er rjocht op hat? Of is it in biwiis dat er nei Rins útskaeit, fan hwa 't ik my soksoarte jeugdgrappigens ek net yntinke kin (nammers by famkes yn 't algemien net)?
Ik moat hjir in skerp each oer hâlde. As ús Jurjen ien ding net wurde moat, is it in poseur, in snob, in kwast, in krusing fan slachtersfeint en Hollywoodman. It giet der dus al net langer om hwat wy àl, mar om hwat wy nèt fan him meitsje moatte. Us opfiedingsoarloch is yn it defensyf stadium.
Alles sil dúdliker wurde, as Jurjen fan 't hjerst nei skoalle giet. Der wurdt dan in tredde legermacht yn 't fjûr brocht, de skoaljuffer. Wy kinne de risseltaten fan dy har operaesjes ris ôfwachtsje en mûlk mei uzes koördinearje. Der wurdt in part fan de forantwurdlikens fan ús ôfnaem sadwaende.
De ûntdekking fan Jurjen syn humorleazens is nij, - ik haw him nou pas formulearre, nei Rins har foarlêzen, mar mei wiskundige wissichheit. Men moat it net to strang nimme lykwols. In rige anekdoaten is altyd in mins-yn-extrakt, yn it libben sels falle se minder op. Miskien haw ik my op Jurjen
| |
| |
forsjoen en hat er wol deeglik syn beukerhumor, dy 't my net opfalt, omt ik to min ôfwaeid sentimint ha, of ienfâldich omt ik to ticht mei de noas op him sit, to folle yn him opsjoch as in toskedokter. Faeks sjoch ik it hiele saekje ek tofolle yn de bigrinzing fan de opfiedingsproblematyk. It hat altyd myn fout west dat ik theory en praktyk net fan rjochten skiede koe of troch inoar tize of net mei elkoar yn 'e blâns bringe koe. Yn dat stik erken ik Rins as myn meardere, hja wit de theory foar de praktyk fan har doelen yn to setten, sûnder dat der foar 't each hwat heakket. Ik wit allinnich út de oanskôge praktyk in theory to kristallisearjen, mar forjit dat dy theorykristallen har net yn elke oare praktyk wer krekt lyk forrane litte.
(Ut: ‘Jurjen. Roman fan in heit’, ûnder hannen).
|
|