De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 222] [p. 222] Geart Jonkman: Hora est Jo biidzje Hear ik kom Jo yn 'e mjitte mar 'k bin sa jong... Dêr bloeit de flear en lit my net forjitte 't flammich wynsel suver om 'e nocht lâns d' himel lutsen; wûnder skynsel yn jins strieljend ljocht fan prisma brutsen. Ik kom.... de lêste gong falt lykwols swier.... My bynt in faem, in ranke least en eagen fan flewiel, de wrede raem fan fleis en geast en 't spjalten fan de siel, méar as de pracht fan orchidé en anjelier. én fan de stjerrennacht, cassette fan jewiel.... De brúne ré leit yn it bosk to sliepen O lit mij op dit sté mar hâldt jins poarte iepen. [pagina 223] [p. 223] Ald-faem Forskynt hja op de stûpe de roazen lústre: hark, de roazen yn it park, by 't sjen fan d'âlde jûpe. Dêr stiet de linebeam, de grienbimoaze bank, de fûgels bringe tank; hja nimt de rokke-seam. Lytse skuon oer knerpjend grind it each glydt lâns de stamme dêr stiet syn namme, wûnder labyrint. Hja sil in bletsje nimme in dize lûkt oer 't park de roazen lústrje: hark ......syn stimme. It bêd is waerm en goed as oer de lea de smelle hân, syn hân, ûntstekt de reade brân yn 't sjongend bloed. [pagina 224] [p. 224] Petear mei myn hert Sjong myn hert ek astû bliedst fan langst en smert: sjong myn hert. Wêz stil myn hert as alles yn dy stoarmt en him forset: wêz stil myn hert. Leau myn hert as alles om dy falt en bist forret: leau myn hert. Vorige Volgende