De vrije katheder oer Fryslan.
Yn de ‘Vrije Katheder’ fan 31 Maeije 1946 jowt de hear A.A. van Wijnkoop yn in tige sympathyk forslach fan de Fryske Dagen syn yndrukken oer Fryslân. Oer de Fryske litteratuer skriuwt er dêr û.o.: ‘Ik ben wat dieper op de zaak ingegaan, en kreeg een paar Friese tijdschriften in handen. Daarin las ik ook critieken op Friese boeken, critieken die niet mals waren, fel gericht tegen goedkope boerenverheerlijking en noodlotsgedachte, zoals die daar al te vaak in weinig gevarieerde vorm blijken opgediend te worden. Deze critici zullen het niet makkelijk hebben.’
Nou leit it ús by, dat lêste sil wol hwat taf alle. De redaksje fan de Tsjerne kin meidiele dat net ien fan har redaksjeleden ont nou ta fan it publyk lestich fallen is, dat de polysje net ien fan dizze lju noch rêdde hoegen hat fan in op lynchen bigiene massa. Mar oars, it docht ús goed, dat ek ‘bûtenlanners’ ús tydskriften lêze.