De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 225] [p. 225] [Nummer 9] Dr. B. Dykstra: De poppen fan Limboarch Hjoed haw ik op it lapke groun Dêr 't achttjin poppen lizze Fan wyn en bloeijend gêrs forstien Hwat bernegrêven sizze. It wie in nearzich, drôf forhael Fan lijen, kjeld en dridze En 't einich rûzjen fan 'e dea Yn achttjin wite widzen. * * * Dêr 't op 'e flanken fan de Maes De iene waensin d' oare moete Yn 't grousum-duorjend rendez-vous, Dat mannich feint mei 't libben boete, Hat bonkerich de poepepols Salang troch 't kniesde libben kloete, Oant yn de ein, fordreaun en slein, It geafolk stream en delling groete. Lyk as oer skiep, by Wintertiid Yn needwaer klom'rjend foar hoksdoarren, Sa repe yn de tsjusternis De kjeld en sniejacht del oer harren, Dy 't yn dy earste ûnheilsnacht By bloedich, godleas potfortarren Foar Venlo yn in skieppekoai Mei man en wiif en bern bidarren. Hoe faek wol yn dy winternacht, 't Folleauwich hert fan smert toroppe, Hat doe in mem mei wurge hân Har deade hart' opnij bistoppe. Maria ljochte myld en 't wie As hearde hja de ingel roppen, Doe 't fan it stjurre memme-each In trien foel op de deade poppe. [pagina 226] [p. 226] De reis wie lang, mar yn in nacht Doe 't wyn en snieflok hoallefoallen Bin Limboarchs ballingen forfierd Nei 't strieën leger yn 'e skoalle, Dêr 't ik har seach - Unsill'ge wrâld, Hwat is in minske, fury, koalle, Of boartersark yn Oarmans hân, Fan God nei Divel heineballe? Lambêrke, Parren, lytse Hoekx, Doe 't ik jim wylge eagen mette En yn it twiiflich âldereach Aloan deselde frage rette, Ha jimme foar de lêste kear Jim skrouske winterreis forfette En moast in sêfte susterhân Foar jim de wite widze sette. Hoe stil kin 't op in poppeseal - Hoe koe 'k it súntsjes reauntsjen hearre En hearre, hoe yn wite klean De wurge poppeliven stjerre. En harkje, hoe 't in harpe rûst Yn 't ljochtfisioen, dat ûnforklearre De bylden beevjend tilt en nimt Ta wite deadewacht forgearre.... * * * Nou waeit oer jim bihyplik grêf De Fryske wyn, en giele blommen Bûg' oer de klingen op en del. Yn 't wiuwen fan de raeijeplommen Hein ik jim lêste, stille groet - Stil ha ik ôfskie nommen: Goendei Lambêrke, Parren, Hoekx, Goendei, jim lytse frommen -. Vorige Volgende