en de loften wer nei kommen to stean. Nei, as hie 't altyd eigen west. Dêr kin er him yn sokke mominten sa stil oer stean to fornuverjen. En as in bern stiet er to harkjen nei it rinnen fan 'e rein.
Op in Freed is it, dat Aeltsje ôfstekt. Hja ride fjouweresom nei Ljouwert, de âlde lju, Aeltsje en Aent oan 't stjûr. Efter op 't bagagerek in mennich koffers mei in wûnder fan in útset, kreas en deeglik, lyk as men jin hast allinne yn Fryslân yntinke kin. Aent hat it allegearre sa'n bytsje groeijen sjoen en hat der syn wille oan hawn. 't Is in moaije dei, 't waer is wer ris hwat oan 't foroarjen. It koe in aerdich reiske wêze, sa op Freed, efkes yn 'e stêd sjen en dan wer noflik op hûs oan. Ien út it formidden giet fuort, al is it dan gjin eigen. 't Is yn al dy jierren dochs tige nei wurden. It ôfskie thús wie tige gewoan, lyk as men yn Fryslân wend is. Men soe it hast forjitte hoe 't men yn Fryslân ôfskie nimt. Stil sitte muoike en nift njonken inoar op 'e efterbank. Der is hwat tragysk yn dit barren, goedwollen oan alle kanten en net kinnen fanwegens net to neamen faktoaren. Hjoed bigjinne de konsekwinsjes derfan. 't Is Aent suver, oft der in stille bea is yn syn hert, dat dit allegearre goed útlotsje mei. It kin allegear net oars. De wrâld, dy 't ropt. 't Kin bêst goed gean, fansels. Njonken him sit Keimpe syn segaer to smoken, rêstich yn 'e kjessens. Ja, seit er, en nou mei in wykmennich leverje wy de twade ôf. Ja, dêr hat Aent ek al oan tocht. It komt neijer as in driigjende wolk.
Dan is 't dien mei it Fryske lânskip, hja skouwe de stêd yn. Dochs hat Ljouwert op in Freedtomoarn foar de bûtenman folle mear eigens as op oare dagen. Op sokke dagen binne de strjitten foar it boerefolk en har froulju en har fé. - Foar 't stasjon set Aent de auto del en in drager pandert mei de nije koffers de hall yn. Keimpe en dy fiele harren hjir net bot thús, och, hja hawwe der yn har libben sa 'n bytsje mei to meitsjen hawn. Men lit jin ride of in inkelde kear mei de Lus. Aent soarget foar ien en oar en hja geane 't perron op nei de résteande trein. Friezen witte yn sokke sitewaesjes ek al net folle to sizzen, omt hja fiele, dat it dochs meast oanstellerij en toaniel is. Hwat men hie to sizzen hat thús al op 't aljemint