De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 231] [p. 231] Wybren Altena: Oan in dichter Né, yn de rigen fan dy bongelbliezers, Fan glânsoanbidders en fan sifertiezers, Dêr is foar Dy gjin plakje op 'e wrâld. Dou bist mei moaijer, djipper eagen berne, Dou dreamen-dichtsjend Jobke op 'e skerne, Dou nuver lid, hwerop gjin ferve hâldt, Dou bist to greatsk en rinst tsjin alle muorren. Gean leaver mei in karke troch de buorren Mei bân en nuddels of mei sûpenbrij. Praet mei oer 't waer, dat fan sa'n great bilang is, En oer in jak, dat neat, né neat to lang is, Oer nije ierpels en oer hwat derby. Sjoch net nei boppen, dêr 't de stjerren fleane, En sjong gjin lieten, dy 't sy net forsteane, Se leauwe dochs ‘oan God noch Sinteklaes’. Dit is de mienskip fan de poetste hulen, Har lieten geane oer widzen en oer kulen, Har paed troch 't libben giet oer de trottoirs. As de robotten, dy 't dy basterds binne, Mei platte poaten oer Dyn dreamen rinne, En draeije en piipje op har mechanyk Fan jildfortsjinjen, froulju, koekehakjen, Mei lok en list en oars mei earremtakjen, Dan sitstou muoilik iensum oan 'e dyk. Dou sjochst it libben om Him ear to bringen, Dy 't yn 'e kosmos mei syn tûzen dingen As God de Heechste eard en songen wurdt. Witst hwat by har de favoriten binne? Dy 't mei poeha it heechste dounsje kinne Om gouden kealtsjes en de kop fan Jut. [pagina 232] [p. 232] Dou wolst net meidwaen oan dat sleau spektakel, Dêrom bist nuver en in greatsk merakel, Hjir is in dichter heal en heal fordomd. En yn 't kabael fan toeterjen en drifkjen Sitstou mismoedich Dyn retour to hifkjen, Hwannear de trein nei better oarde komt. Vorige Volgende