De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Freark Dam: Tinkend oan easterse Der slacht in fink yn 'e wylgen By de feart del yn Eastersé, Dou stiest oer de mar to eagjen En makkest dyn breidsklean ré. In hanfol snie út de himel Sa driuwt in flecht miuwen foarlâns, It wite ljocht yn dyn eagen Blinkt yn dyselde glâns. Letter, as alles foun is, Ek 't lok, dat ús ta inoar driuwt, Myn stoarmjen oer dy forroun is En neat as hwat neirûzjen bliuwt - Dan komt it blide bitinken Fan ús jierren, foarby, net forlern; Ik wiis: sjoch, de stjerren blinke, Wy binn' jit deselde bern. Vorige Volgende