De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Marten Sikkema: Weromreis Dit is ús lân: oer alle sleatten De skiere dizen fan 'e hjerst. De stompe tuorren, mounen, fearten, Se ha ús jimmer eigen west. Hwat jowe ús de wûnderheden Dy 't men op fiere reizen sjocht? De bosken rûzje sûnder reden, De bergen blinke om 'e nocht. Al frjemde spraken, frjemde lannen, In trein komt oan, in boat fart fuort. Men krijt jins brea wol út Gods hannen Mar bliuwt ûnwennich en toskuord. Wol kin men 't heitelân forgeije Mar lykwols bliuwt men Frylan's soan. Bigjint de stoarm it swurk to jeijen, As jollen spjill' wy dêr wer oan. Dan fynt men de âld stjelp, de greiden, Alles yn nea biskreaun forbân, En fielt: forgees binn' alle reizen Bihalven dy nei 't heitelân. Vorige Volgende