Sjineeske jonge, frjemde fûgel yn dit formidden, him oerbûcht en ús it iten set, stiet dêr it fortroude tusken ús fan twa minsken, dy 't togearre in miel brûke en de hoflike biwegingen fan elkoar tsjinjende hannen.
In stille glâns libbet yn ús eagen om it frjemde lot, dat ús togearre brocht mids dizze millioenen, as twa gelikense stjerren, dy 't elkoar moetsje op har reis troch de ûneinichheit fan it útspansel.
Wy rinne de ljochtbanen fan 'e stêd lâns en fiele ús twa fûnkeljende stiennen set yn in frjemd metael.
En yn 'e nacht, as de moanne har wei wynt om 'e ierde, en de lûden har hoeden deljowe, allinnich om mei gauwens wer op to skriljen, sitte wy by de hurd mei de noflike waermte om ús fuotten, de gloede fan 'e giele en read-pearse flammen op ús antlit en hannen. Great biwege ús skaden op 'e muorre efter ús.
Wy prate rêstich en goed. Syn djip lûd giet oer it forline en wy bine as wylde fjildblommen ûs mienskiplike oantinkens oan minsken en barren ta in bitsjoenende rûker fol swietrook en kleuren.
Us tinzen wine har yninoar lyk as de reek fan ûs sigaretten yninoar krinkelt.
En mei ynmoed bliuwt ús mimering stean by de stoarje fan ús beider freon, om hwaens striid en dea de lauwerkrâns fan it heltedom in leginde weve hat. Dit is net bard yn de lêste dagen; dizze leginde stammet út de tiid doe 't goaden en healgoaden jitte libben ûnder de minsken. Sa wie it foar ús, foar my alteast en as ik hear de djippe waermte fan syn stim en sjoch de forearjende gloed fan syn ljochte eagen, dan wit ik, dat ek hy fan in leginde dreamt.
Wy prate de hiele nacht troch, mar gjinien fan beiden hat de moed om út to sprekken, dat iensumheit ús finzen hâldt yn de ban fan elkoars bywêzen.
Moarn sil de skieding bringe, moarn sille de blêdden fan dizze roas forwylje.
Oaremoarn sil ik reizgje troch it lân, dat ús beider leafde bynt en ik sil in stille groet bringe oan de fjilden en de blommen, it beamte en it grien en it ljurkje, dat oargeljend opstiicht nei de kommende sinne, fan in hert, dat langet nei