De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Johs. Couperus: Ik bin 't net wurdich, hear Ik bin 't net wurdich, Hear, dat Jo noch fan my hâlde, Ik bin in ûnding, Hear, der 't nea gjin houn op byt. Ik bin it túch, it tsjêf, ta moude en slyk forwâdde, It stjonkend ûnrant, dat men op in dongbuit smyt. Ik bin 't net wurdich, Hear, dat Jo my noch oansjugge, Och, smyt my ûnnut fod, mar by it útskot del. Ik bin..., hwa bin ik Hear? net iens in houten plugge, Lit stean in gelde raei of weetier sûnder kerl. Ik bin 't net wurdich, Hear, dat Jo myn namme neame, En dochs, Jou stimme Hear, dy ropt en noeget my. Ik bin 't net wurdich, Hear, ik bin in ûnnut dreamer, Och Hear, och meitsje hjoed my fan myselme frij. Vorige Volgende