De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 108] [p. 108] Klaes Dykstra: Ierdsk paradys Dit eilân sil myn feilich wensté wêze: Twa blauwe puollen spegelje de dei, - En yn har kleare djipten mei ik lêze Fan 't heimnis, dat net ien trochgrounje mei. It ljochte flaeks leit glânzgjend oan 'e seamen. En o, hwa wiisde my it loftich paed? Ik niigje en priuw, forlern yn eale dreamen, De woldied fan de waerm-birânne saed. En dêr 't twa prûze dunen leaflik rôlje, Mei smûke delling, rêst it sacht en kûs, - Towyl yn 't roun de libb'ne floeden wâlje By nacht en dei mei wikseljend gerûs. Dit lytse eilân sil myn wensté wêze. Hwa klûzner waerd yn smouter herne griis? Lit my 't fan ûnrêst swiere hert genêze Yn d' ienfâld fan dit ierdske paradys. Vorige Volgende