De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Kees Jongsma: Nijjiersdei '46 Neam my de wiffe gloed' Fan wynderjende kjersen. Neam my d' oerstjûre geast Fan sprankeljende winen. Neam my - och né - Gods hjoed Oersljochtet alles fan langlêsten. Wol net forjitte, dat ús leafde meast Bloeit êfter 't hout fan sletten blinen, En moarn ús bringt - neist ôfgunst en neist wrok Fan oaren, om ús simpele gouden ringen - By blide langstme en groeijend ynlik lok Fan eigen wêzen - deagewoane dingen. Vorige Volgende